Springe nei ynhâld

Johan de Witt

Ut Wikipedy
Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
Riedpensjonaris Johan de Witt, ±1652
De liken fan de bruorren De Witt, opgehongen op it Groene Zoodje oan de Fiverberch te Den Haach, 1672
Stânbyld fan Johan de Witt yn Den Haach, makke troch Frederik Engel Jeltsema yn 1916. De rjochterhân wiist nei it plak dêr't De Witt fermoarde waard.

Johan de Witt, hear fan Súd- en Noard-Linschoten, Snelrewaard, Hekendorp en IJsselveere[1] (Dordrecht, 24 septimber 1625Den Haach, 20 augustus 1672) stamde út it Noard-Nederlânske regintegelaach De Witt en wie riedpensjonaris fan Hollân en dêrmei de wichtichste Nederlânske steatsman fan syn tiid.

As gefolch fan de Frânsk-Nederlânske Oarloch (ek wol Hollânske Oarloch) wie folksrebûlje útbrutsen en de bruorren De Witt (Johan en Cornelis, soannen fan Jacob en neven fan Andries de Witt) waarden yn it 'Rampjier' 1672 troch in poerlilke kloft minsken lyncht yn De Haach.

Johan de Witt wie neist steatsman ek in bejeftige wiskundige. Yn 1659 skreau er "Elementa Curvarum Linearum" (Grûnbegjinsels fan de Krûme Linen') as bylage by in oersetting fan René Descartes' "La Géométrie".

Johan de Witt en Wendela Bicker hien fjouwer bern, 3 dochters en in soan[1], yn 1672 waard Johans neef Pieter de Graeff fâld oer de bern fan de fermoarde De Witt:

  • Anna de Witt (1655-1725), troud mei Herman van de Honert
  • Agnes de Witt (1658-1688), troud mei Simon Teresteyn van Halewijn
  • Maria de Witt (1660-1689), troud mei Willem Hooft
  • Johan de Witt Jr., hear fan Súd- en Noard-Linschoten, Snelrewaard en IJsselveere (1662-1701), troud mei Wilhelmina de Witt, dochter fan Cornelis de Witt (de broer fan Johan sr.) en Maria van Berckel. Johan jr. wie skepen, froedskip en sekretaris fan Dordrecht.
  • De Ware Vrijheid, De levens van Johan en Cornelis de Witt (troch Luc Panhuysen, Atlas, 2005)
  • Johan de Witt, troch N. Japikse. Amsterdam 1928.
  • Rowen, Herbert H. (1986) John de Witt - Statesman of the „True Freedom“. Cambridge University Press, ISBN 0-521-52708-2
  • Israel, Jonathan I. (1995) The Dutch Republic - It`s Rise, Greatness, and Fall - 1477-1806. Clarendon Press, Oxford, ISBN 978-0-19-820734-4
  • Braake, Serge ter (2009) Manifest van de Ware Vrijheid. De Deductie van Johan de Witt uit 1654 (Sonsbeek Publishers 2009)
  • Postma, Mirte (2007) Johan de Witt en Coenraad van Beunuingen - Korrespondinsje yn de Noardske oarloch (1655-1660), Scriptio Verlag

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Heren van Holland