Springe nei ynhâld

Linschoten

Ut Wikipedy
Buorren
Blik op de polder út de Buorren wei
Nije Sânwei

Linschoten is in doarp yn de gemeente Montfoort yn de provinsje Utert. Linschoten leit oan de N204 tusken Woerden en Montfoort op it plak dêr't it rivierke de Lange Linschoten oergiet yn de Koarte Linschoten.

Linschoten wurdt foar it earst neamd yn 1172 as Lindescote, in gearfoechsel fan Linde (de namme fan in rivierke) en scote (in stik lân dat boppe it leechlân útkomt). Hoewol't der yn 1270 pas foar it earst in fermelding is fan in fersterke Hûs te Linschoten, wie dat der grif ek al yn 1172.

Yn 1857 waarden Achthoven, Linschoten en Wulverhorst gearfoege ta ien gemeente. Op 1 jannewaris 1989 waarden Linschoten, Willeskop en Montfoort gearfoege ta de gemeente Montfoort.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bekende ynwenners

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Onbekende auteur (2007). Knopendraaiers. De IJsselbode fan 24 jannewaris 2007, side 20.

---