Hurdegaryp
Hurdegaryp | ||
Ryksstrjitwei | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Tytsjerksteradiel | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 5.030 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 10,27 km², wêrfan lân: -10,10 km² -wetter 0,17 km² | |
Befolkingsticht. | 499 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 12' N 5° 56' E | |
Offisjele webside | ||
Webstee Hurdegaryp | ||
Kaart | ||
Hurdegaryp is in doarp yn de gemeente Tytsjerksteradiel. Dwers troch it noardlike diel fan it doarp rint de Ryksstrjitwei, de âlde dyk fan Ljouwert nei Grins. It doarp is al yn de 13e iuw of earder ûntstien, mar lei doe in stik súdliker oan de Simmerdyk. Hurdegaryp hat 5.030 ynwenners (1 jannewaris 2023, boarne: CBS).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp hat in lange skiednis. Hurdegaryp betsjut 'in hurd stik lân' (hurde-gea-ripe). It is hurd mei't it sângrûn is, wylst de omlizzende greiden klaaigrûn ha. De klaai is ynklonken, it sân net en dêrom leit Hurdegaryp wat heger as de omkriten. Al yn de midsiuwen setten minsken harren op de hegere grûn nei wenjen. Winterdeis wie it eartiids rûnom in wiete boel op it lân en fral súdlik fan it doarp. De Simmerdyk dy’t dêr leit hjit sa mei't it allinnich simmerdeis goed te gean wie. As it al te mâl gong, kamen de minsken út Tytsjerk mei harren kij en skiep en hinnen en sa nei Hurdegaryp, wylst se yn Tytsjerk wiete fuotten hiene. Oft dat lêste wier is, is net wis.
Yn ’e trettjinde iuw stie der al in tsjerke oan de Simmerwei, dêr't no de iisbaan/kanofiver leit. Dy tsjerke is al lang lyn ôfbrutsen. Stikken dêrfan, lykas stiennen en dakpannen, wurde noch wolris fûn yn de folkstunen op de Hurdegarypster warren, neist it fuotbalfjild fan V.V.H.. De nije tsjerke út 1712 stiet oan ’e Ryksstrjitwei.
Fan de 14e iuw ôf hat der in stins stien by Hurdegaryp, de Grovestins. Fan it gebou is neat oerbleaun, it is yn 1829 ôfbrutsen nei in brân. Hjoeddeisk stiet by it Hoeksterpaed in modern nijbouhûs op it plak fan de stins. Oan fjouwer siden rint in sleat, nei alle gedachten de âlde grêft. It bouwurk hat der sawat útsjoen as de Skierstins yn Feanwâlden.
Yn 1830 waard de Swartewei út 1528 trochlutsen oant Grins. Doe hat Hurdegaryp in stopplak fan 'e postkoets krigen. It wapen fan it doarp hat dêrom in koperen posthoarn op in read-swart-reade eftergrûn, fertikaal skieden troch twa tinne wite stripen.
Hjoed
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hjoeddeis is Hurdegaryp foaral in grut nijboudoarp by de wei lâns fan Ljouwert nei Grînslân. Hurdegaryp hat in lyts winkelsintrum, de 'Fuormanderij'.
Rûnom leit in protte natoer. Sa binne der oan de noardside Japmuoi’s Kolk, it Ottema-Wiersmareservaat en de Sippenfennen, dêr't kanofearn wurde kin. Boatsjes binne te hier by in hotel-ytkafee yn Feanwâldsterwâl. Westlik leit it Swarte Gat, in marke mei elzeboskjes deromhinne. It wetter is helder en hat in soad fisk. Swimme en farre is ferbean, it is gefaarlik djip en ûnberekkenber troch eardere sânwinning. Besuden it doarp Hurdegaryp leit in smûk park, de saneamde ‘kanofiver’, dêr't lykwols net faak in kano is. By 't winter kin der by genôch froast tige moai reedriden wurde. It park is ek moai om te kuieren en mei wat gelok binne der iisfûgels te sjen.
Yn de simmer waard alle jieren oant en mei 2009 by Hurdegaryp it Wâldrockfestival hâlden, dêr't in protte minsken op ôf kamen. Nei de oanlis fan de Sintrale As en in omwei noardlik fan Hurdegaryp is it mei ferkear in stik rêstiger woarn. De Ryksstrjitwei is nei it reekommen fan de omwei werynrjochte.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der is in feriening fan doarpsbelang. Hurdegaryp hat in multi-funksjoneel sintrum mei de namme It Maskelyn. Op it plak fan it eardere doarpshûs De Schalmei stiet no in húsdokterpraktyk. De doarpskrante "Tusken Wâld en Wetter" (TWW) komt sa'n tsien kear yn 't jier út. Foar de âlderein is der soarchsintrum Bennemastate.
Hurdegarypsters hawwe de skelnamme "oaljekoeken".
Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Herfoarme kapel. Yn 1936 boud foar de rjochtsinnich herfoarmen, sûnt 2006 in tsjerke fan de Hersteld Herfoarme Tsjerke
- Hoftsjerke. De Hoftsjerke is de eardere herfoarme tsjerke; tsjintwurdich is it ien fan de twa tsjerken fan de PKN-gemeente Hurdegaryp
- Nieuw Perspectief. Nieuw Perspectief is de eardere grifformearde tsjerke; tsjintwurdich is it ien fan de twa tsjerken fan de PKN-gemeente Hurdegaryp. It ynterieur fan de tsjerke waard yn 2015 hielendal fernijd.
Skoallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foarhinne hie Hurdegaryp fjouwer legere skoallen foar in pear tûzen ynwenners: de kristlike 'W.M. Oppdykskoalle' en de 'Hindrik Algraskoalle' (no tegearre fierder gong as CBS De Winde) en de iepenbiere 'Nije Winnige' en de 'Fûgelflecht' (bestiet noch ûnder de namme OBS Hurdegaryp). De twa skoallen (CBS De Winde en OBS Hurdegaryp) binne yn it nije bernsintrum It Boulân ûnderbrocht. De Oppedykskoalle hie earst in eigen beukerskoalle: 'De Einekoer'.
It 'Tjalling Koopmanskolleezje' is de iennichste middelbere skoalle yn it doarp. De skoalle is ien fan de acht skoallen dy't ûnder de koepel fan de SvPO ('School voor Persoonlijk Onderwijs') falt. Troch ûnrêst op de skoalle kaam it Tjalling Koopmanskolleezje yn 2021 yn it nijs. Der waard skreaun oer in ûnbidich grut ferrin fan dosinten en in learaar soe ûnrjochtmjittich út syn ambt set wurde. Ek besocht it bestjoer fan de skoalle in negatyf rapport fan de Underwiisynspeksje oer it rjocht bûten de publikaasje te hâlden. Yn dat ferslach waard in soad krityk jûn oer de finansjele sitewaasje fan de skoalle.[2][3] Yn 'e maaitiid fan 2022 folgen berjochten yn 'e media oer it finansjele wanbehear fan de organisaasje. Mear as 22 miljoen euro publyk jild waard neffens de ynspeksje ûnrjochtmjittich bestege. Likernôch 16 miljoen waard oerhevele nei private stiftings, dêr't allinne de direkteur oer beskikke koe en werfan 't in diel as hypotekêre lienings oan de bern brûkt waard.[4] De Underwiisynspeksje die oanjefte tsjin de bestjoerder.[5]
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2006 | 2010 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 1.580 | 1.731 | 2.759 | 2.980 | 3.966 | 5.064 | 4.898 | 5.035 |
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Country-line dance - Hurdegaryp
- Fûgelwacht Hurdegaryp
- HSV Hurdegaryp - gymnastyk
- Keunstrûnte Hurdegaryp
- Laudamus - sjongen
- MRV Tesselschade - toanielferiening fan 1870
- Oan leger wâl - shantykoar
- Sport
- Basketbalferiening Hornets
- Follybalklup Hurdegaryp
- IIsklup Hurdegaryp
- Tennisferiening Galefjild
- Ypeyruters - hynsteriden
- Reitsje Him - keatsen
- Fuotbalferiening Hurdegaryp
- BCH - biljerten
Konsulaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Abe Bonnema syn monumintale filla waard nei syn ferstjerren foar in skoft it ûnderkommen fan it konsulaat-generaal fan Mauritanië.[6][7][8][9]
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hast alle strjitnammen yn Hurdegaryp binne offisjeel yn it Frysk.
- Alle strjitten yn Hurdegaryp.
Ferbinings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Stasjon Hurdegaryp leit oan it spoar fan Ljouwert nei Grins en der stopt oerdeis alle healoeren in trein.
Iepenbier ferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Line 13: Stienwyk - Eesfean - Nijensleek - Frederiksoard - Willemsoard - Noardwâlde - Sânhuzen - Aldeberkeap - Aldhoarne - Jobbegea Skuorregea - Lippenhuzen - De Gerdyk - Terwispel - Drachten - Nijtap - Rottefalle - Surhústerfean - De Harkema - Droegeham - Koatstertille - Jistrum - Noardburgum - Quatrebras - Hurdegaryp - Tytsjerk - Ljouwert
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Tytsjerksteradiel | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Aldtsjerk • Burgum • Earnewâld • Eastermar • Feanwâldsterwâl (foar in part) • Garyp • Gytsjerk • Hurdegaryp • Jistrum • Mûnein • Noardburgum • Oentsjerk • Ryptsjerk • Sumar • Suwâld • Tytsjerk • Wyns | ||
Buorskippen: Bartlehiem (foar in part) • De Joere • Gytsjerksterhoeke • It Heechsân • Iniaheide • Kûkherne (foar in part) • Lytse Geast • Noardermar • Quatrebras • Sigerswâld • Skûlenboarch • Sumarreheide • Tergrêft • It Wytfean • Sânhuzen • Swarteweisein | ||
· · |