Aggie van der Meer
Aggie van der Meer | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Agatha Augusta van der Meer-van der Klei | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 2 septimber 1927 | |
berteplak | Boalsert | |
stoarn | 12 augustus 2023 | |
stjerplak | Boalsert | |
etnisiteit | Frysk | |
wurk | ||
taal | Frysk | |
prizen | Piter Jellespriis 2011 Gysbert Japicxpriis 2019 | |
offisjele webside | ||
Webside Aggie van der Meer |
Aggie van der Meer (Boalsert, 2 septimber 1927 - dêre, 12 augustus 2023) wie in Frysk tekenlearares, skriuwster en túnûntwerper dy't har hiele libben yn Boalsert tahâlden hat.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Van der Meer har middelbereskoaltiid foel yn de Twadde Wrâldoarloch, dêrom koe Van der Meer yn har jonkheid gjin oplieding dienmeitsje. As folwoeksene die se in oplieding ta tekenlearares. De fan hûs út roomske Van der Meer krige in baan as learares tekenjen oan de iepenbiere mavo yn Boalsert. Mei har man die se túnûntwerp en túnoanlis; hy die de oanlis, sy it ûntwerp. Aggie van der Meer wie aktyf yn de fredesbeweging en wie ien fan de inisjatyfnimsters fan Leefbaar Friesland, in beweging dy't him ynset foar de sosjale ferhâldings yn tsjerke en maatskippij en foar biologyske lânbou. sy hat tekenles jûn oan de iepenbiere mavo yn Boalsert. Hja wie maatskippijkritysk en represintearre de tsientallen Fryske kearnen fan it Ynterkerklik Vredesberaad, de wichtichste fredesbeweging yn de jierren '70.
Aggie van der Meer stoar yn de âldens fan 95 jier. [1]
Skriuwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Van der Meer is mei lettere jierren begûn mei it skriuwen fan gedichten en proaza. Foar de fredesbeweging en Leefbaar Friesland skreau se wol altyd al artikels. It iennige proaza dêr't se har al ris oan weage hie, wie it berneboek It kemiel fan omke Romke (1964). Wol publisearre se inkelde gedichten yn de literêre tydskriften Hjir en Tzum, en yn it digitale tydskrift Kistwurk. Har debút yn boekfoarm wie De stêd, it bist, de ingel (2000). In pear jier letter waard it bewurke ta toanielstik.
Yn it ramt fan 550 jier stedsrjochten fan de stêd Boalsert, skreau hja it stik Spegelbylden, spul om Jan Brugman. Har twadde dichtbondel Hân oan 'e muorre ferskynde yn 2002 en yn datselde jier debutearre se mei in roman, de 'Lytse roman fan Jon Fels'.
Pedofily is ien fan de tema's yn de Lytse roman fan Jon Fels, in tema dat yn de Fryske literatuer noch net earder oan 'e oarder wie. De styl fan Aggie van der Meer is tagelyk poëtysk, koart en ta de kearn. Har taalgebrûk is ryk; se skept metafoaren en bylden dy't ferwize nei de bibel, nei oare boeken, nei de natoer en nei de klassiken. Ek yn har ferhaleroman 'Untdekking fan 'e wrâld' jout se har fyzje op it libben en har wrâld middels anekdoates, aforismen, ûnderfinings en petearen yn deselde koarte, poëtyske styl as har foarige boeken. Taalgebrûk, styl en it appellearjen oan kennis fan skiednis, bibel en literatuer, meitsje de poëzy fan Aggie van der Meer net maklik tagonklik. Wat de ynhâld fan har wurk oanbelanget, lit Van der Meer in wrâld sjen dy't te lijen hat fan it stribjen nei macht en it egoïsme fan de minske.
Yn 2019 krige Van der Meer de Gysbert Japicxpriis foar har hiele oeuvre hoewol't se ynearsten allinne nominearre waard foar har roman De achttjin út 2016.[2]
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Poëzij
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2000 - De stêd, it bist, de ingel: balladeske
- 2002 - Hân oan 'e muorre
- 2004 - Wachtsjen op it daagjen
- 2007 - It bern dat oer it wetter blaast
- 2012 - De sneinen - It lân achter it each fan 'e nulle
- 2014 - Te-iizje / Lok-azen (twatalich)
Proaza
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2002 - Lytse roman fan Jon Fels
- 2004 - Untdekking fan 'e wrâld
- 2004 - Kleine roman van Jon Fels (oersetting)
- 2005 - Pauwehôf
- 2006 - Oerfeart (histoaryske famyljeroman) (2e pr. 2011)
- 2008 - De dei dat Farah Bezaz ferdwûn
- 2010 - Winter oan see
- 2012 - In moaie dei yn ‘e hjerst - Wa rêdt Cesilia Tan (twa novellen)
- 2012 - Overvaart (Nederlânske oersetting fan Oerfeart)
- 2016 - De achttjin (roman)
- 2019 - De Tsjûgen fan de Macht
Berneboek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1964 - It kemiel fan omke Romke
Toaniel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2004 - Spul om de stêd, it bist en de ingel
- 2005 - Spegelbylden: spul om Jan Brugman
- 2008 - De susters
- 2009 - Loftkastielen
- 2010 - Brulloftsgasten (in tragy-komeedzje)
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2009 - Ferhaal 'De fioele' yn boekewikegeskink Feestlift
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Piter Jellespriis 2011 foar har histoaryske roman ‘De Oerfeart'.
- Gysbert Japicxpriis 2019 foar har hiele oeuvre.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|