Springe nei ynhâld

Albi

Ut Wikipedy
Albi
Lokaasje fan Albi yn Frankryk
Flagge Wapen
Polityk
Lân Frankryk
Regio Oksitaanje
Departemint Tarn
Sifers
Ynwennertal 48.902 (2019)
Oerflak 44,26 km²
Befolkingstichtens 1.105 / km²
Stêdekloft 73.073 (2019)
Hichte 130-308 m
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Koördinaten 43° 56' 0" N 2° 9' 0" E
Webside Side Albi

Albi is in stêd yn it suden fan Frankryk. It is de haadstêd fan it Frânske departemint Tarn. Troch Albi rint de rivier de Tarn. De ynwenners fan de stêd wurde Albigeois neamd. Sûnt july 2010 stiet Albi op de UNESCO Wrâlderfgoedlist.

Spoaren fan in earste delsetting yn Albi datearje út de brûnstiid. Nei de Romeinske oermastering fan Galje yn 51 foar Kr. krige it de namme Civitas Albigensium. Argeologyske opgravings brochten gjin resten fan Romeinske gebouwen, wat der op tsjut dat it mar in ienfâldige delsetting west hat.

Pont Vieux en katedraal

Yn 584 skreau Gregoarius fan Tours dat de mearderheid fan de befolking fan de stêd ferstoar oan de pest. Yn 1040 wreide de stêd him út en waard de Pont Vieux ('Alde Brêge') boud.

De Frânske kening en de paus fûnen inoar yn 1208 om de striid oan te gean mei de Kataren, dy't mei harren eigen ferzje fan asetysk kristlik dualisme troch de Tsjerke as in grut gefaar beskôge waard. Der sette in slimme ferfolging útein en in soad Kataren kamen op de brânstapel telâne. It gebiet, dat oant dy tiid min of mear ûnôfhinklik wie, waard nei de suvering anneksearre troch de Frânske Kroan.

Biskop Bernard de Castanet liet tsjin it ein fan de 13e iuw it biskoplike paleis foltôgje, dat lykas de katedraal it oansjen krige fan in fêsting. Yn 1282 sette er útein mei de bou fan de nije Sint-Sesiliakatedraal. De stêd makke in ekonomyske bloei mei, fral troch de ferbou fan 'Isatis Tinctoria', bekend as wede. De moaie hûzen dy't yn de tiid fan de renêssânse boud binne, tsjûgje fan de ûnbidige rykdom dy't de handlers by inoar harken.

Albi hie yn de midsiuwen in lytse joadske mienskip, dy't yn de tiid fan de saneamde Hoederskrústocht fan 1320 ferneatige waard. Dêrnei mochten joaden allinne troch de stêd reizgje as hja dêrfoar betellen. Der yn wenje wie harren ferbean. Yn 1942 preke de doetiidske aartsbiskop Jean-Joseph Moussaron yn de katedraal regelmjittich tsjin de troch de Dútsers ynfierde ferfolging fan joaden. Hy holp by it sykjen fan ûnderdûkplakken en waard sels ek op 12 juny 1944 oppakt en fêst set yn de finzenis Saint-Michel fan Toulouse. Hy bleau dêr mar acht dagen nei't bemiddeling fan in Dútske anty-nazy dokter en de oerste fan it Bon-Sauveur-kleaster him frij wisten te krijen.[1] Yn 1967 wennen yn Albi likernôch 70, fral út Noard-Afrika flechte joaden.

Albi hat syn rike arsjitekturale erfskip oer de ferskate tiidrekken goed bewarre. Der is in soad restaurearre en de âlde wiken binne opkreazge om dy in nij oansjen te jaan.

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1793 1800 1831 1851 1886 1901 1954 1975 1999 2006 2011 2019
Ynwenners 11.176 10.061 11.665 13.788 21.224 22.571 34.693 46.162 46.274 48.712 49.179 48.902
Palais de la Berbie

Albi waard om de oarspronklike katedraal en de biskoplike gebouwen hinne boud. De histoaryske stêd hat in oerflak fan 63 hektare. Tegearre mei Toulouse en Montauban is Albi ien fan de yn reade bakstien yn de Languedoc-styl boude stêden.

De Wikipedy hat ek in side Katedraal fan Albi.

Ien fan de belangrykste gebouwen is de tusken de 13e en 15 iuw boude Sint-Sesiliakatedraal, in masterwurk yn goatyske styl. De tsjerke, dy't fan bûten as in fêsting oandocht, besit in tige rike ynrjochting. De ûnbidich grutte katedraal waard yn de rin fan de tiid jimmeroan moaier makke mei û.o. de 78 meter hege klokketoer en it portaal fan Dominique de Florence. Yn de tsjerke falt it doksaal op mei 200 bylden, dy't harren orizjinele kleuren noch jimmeroan hawwe.

Alder dan it Palais des Papes fan Avignon is it Palais de la Berbie, it eardere biskoplike paleis fan Albi en it hjoeddeiske museum van Toulouse-Lautrec. It is ien fan de bêst bewarre kastielen fan it lân dat oan it ein fan de 13e iuw foltôge waard. De namme komt fan it Oksitaanske wurd Bisbia, dat bisdom betsjut.

De 'Pont Vieux' oer de Tarn is nei hast 1000 jier noch jimmeroan yn gebrûk. De oarspronkelik yn 1035 fan stien boude brêge is letter beklaaid mei bakstien. De brêge rêst opacht bôgen en is 151 meter lang. Yn de 14e iuw waard de brêge fersterke mei in flapbrêge en waarden der hûzen op de pieren boud.

Albi is bekend fanwegen it Lycée Lapérouse, in skoalle mei 500 studinten yn in âld kleaster.

Oare gebouwen:

  • de eardere kollegiale tsjerke Saint-Salvy út de 12e oant 15e iuw. De kleastergong waard yn 1270 boud.
  • Ut de 16e iuw datearje it âlde riedshûs, Maison Enjalbert en it Hôtel Reynès.

Henri de Toulouse-Lautrec

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Museum fan Toulouse-Lautrec besit mear as 1000 keunstwurken, wêrûnder 31 ferneamde affysjes. It museum foarmet de grutste kolleksje yn 'e wrâld fan Henri de Toulouse-Lautrec, dy't yn 1864 yn Albi berne waard.

De katedraal, de âlde brêge, de wyk Saint-Salvi en de parochytsjerke, it biskoplike paleis en de âlde stêd binne tafoege oan it wrâlderfgoed fan UNESCO.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Einzelnachweise, op dizze side.