Springe nei ynhâld

Anneke Douma

Ut Wikipedy
Anneke Douma
sjonger en/of muzikant
Anneke Douma (2023)
Anneke Douma (2023)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 11 novimber 1944
wurkpaad
sjongtaal Frysk
grutste hit(s) "'t Woanskip"
jierren aktyf 1958-2021
offisjele webside
Hiemside Anneke Douma

Anneke Douma (Moarre/Ljussens, 11 novimber 1944) is in Frysk sjongster.

Anneke Douma waard as famke fan 14 jier al sjongster by ferskate orkesten út de omkriten, dy't optreden by brulloften en partijen. Sy waard ferneamd doe't hja frege waard foar it doe tige populêre orkest fan akkordeonist Pier Sambrink, "De Sambrinco's". Hja giene dêrmei it hiele lân troch. Anneke wie doe al nei Ljouwert ferhuze.

Har earste solosingle wie in joadelliet, "De Joadelskoalle" dat se makke ûnder de namme "Anneke Duma" om't in platebaas de namme Douma te Frysk fûn.

Nei in lange tarieding waard de kryst-CD "As in Stjer" opnommen mei nije muzikanten. It album hie meast orizjinele stikken, ûnder oaren in duet mei minister Annemarie Jorritsma en in duet mei Piter Wilkens, dy’t ek in stikmannich ferskes skreau.

Rillegau grypte se werom op har ‘roots’: Fryslân. Frysktalich materiaal betsjut yn har gefal faak dat se teksten en muzyk bringt fan de yn 1993 te jong ferstoarne tekstdichter Anne van der Mark fan Koatstertille. Se komt no al wer in jiermannich foar it fuotljocht mei in Frysk repertoire, fan bekende, smûke, âlde en nije lietsjes. "Elk optreden is eins in thúswedstryd en wurdt grif in feest", seit se sels. Swiet & Bjuster begeliedt har geregeld.

Nei har hit 't Woanskip brocht sy july 1996 har cd-album Op Aventoer út, mei ûnder oaren in útfiering fan "It Frysk Folksliet". De belangstelling fan publyk, parse en insiders sloech alles. Inkele jierren letter drige te betiid in ein te kommen oan har muzikale karriêre. De stimbannen woenen net mear en Anneke Douma moast ûnder it mes. Sjonge koe se noch wol, al wie it berik fan har stimme wol beheind. Se naam doe wol it beslút om it kalmer oan te dwaan. By de Alvestêdetocht fan jannewaris 1997 krige Anneke Douma ek lanlike bekendheid mei it nûmer "Bonkefeart", in soarte fan "Alvestêdeliet", en Anneke krige de namme "Keninginne fan it Fryske liet".
Anneke treedt ek op mei har dochter Agnes Sambrink.

Yn desimber 2021 makke Douma bekend dat se ophâldt mei optreden en sjongen. It wie in dreech beslút foar har en se hat der in pear jier oer neitocht.[1]

Diskografy Anneke Douma

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mini-cd's:

Cd's:

  • "Moai sûnder wjergea" (199?)
  • "Sjongt... 15 âlde en nije Fryske hits" (199?)
  • "Sin en wille" (199?)
  • "Op Aventoer" (1996)
  • "As een stjer" (1997)
  • " 't Woanskip" (200?)
  • "Sjongt" (200?)
  • "In libben fol muzyk" (2016)

Cd’s mei oaren:

  • "Frysk hit festival 1" (?)
  • "Frysk hit festival 2" ( ?)
  • "Toppers ut Fryslan, diel 2" (?)
  • "Otter in Noot" (1993) mei Aqua Lutra
  • "Toppers ut Fryslân 2" (1994)
  • "Nederlandstalige top 100" ( ?)
  • "Elfstedentocht Hits" (199?)
  • "De Nederlandstalige top 100 allertijden" (1997)
  • "Trochstrings & Ko" (?)
  • "De hits fan Radio Yllegaal" (?) mei Omrop Fryslân
  • "Frysk stjerrejûn" (2001)
  • "Ald & nij, diel 1" (2001)
  • "Ald & nij, diel 2" (2001)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

---