El Niño
El Niño is in natoerferskynsel by de evener yn de eastlike Grutte Oseaan, dy't fan ynfloed is op it waar yn grutte stikken fan de wrâld, wêrûnder bytiden ek Europa. It ferskynsel ûntstiet iens yn de safolle jierren troch in sterke opwaarming fan it normaal koele seewetter. Dat ferskynsel wurdt El Niño (De Lytse Jonge, referearjend oan it 'Krystbern', omt dit fenomeen him benammen yn dy perioade foardocht)[1] neamd, in benaaming dy't fiskers yn Perû jûn hawwe. Eigentlik bedoele se dêrmei it waarme wetter dat hieltiten yn jannewaris foar de kust fan Perû ferskynt en dat dêr in ein makket oan it fiskseizoen. Ungeregeld, mar dochs trochstrings iens yn de trije oant sân jier, liedt El Niño ta sa't grutte en sterke ferwaarming fan it oseaanwetter dat de heule atmosfear dêr noch lange tiid troch beynfloede wurdt.
La Niña is fysysk sjoen it tsjinstelde effekt. Dit docht him foar as ûngewoan kâld seewetter by de Evener mjitten is. Dizze golfstream berikt net Perû mar it Karibysk gebiet. Eartiids waard dit effekt ek wol it Anti-Niño-effekt neamd mar dat is feroare omdat it as anty-kristlik opfetten wurde kin. El Niño en La Niña bine beide tekens fan it El Niño - Southern Oscillation- of ENSO-effekt.
De sterkte fan in El Niño wurdt oanjûn mei de Niño-3.4-yndeks. Dat is de ôfwiking yn graden Celsius fan de normale trochsneed temperatuer fan it seewetteroerflak yn it gebiet tusken 5° S.B. en 5° N.B. en tusken 170°W.L. en 120°W.L. yn de eastlike ekwatoriale Grutte Oseaan.
Untstean
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ûntstean fan in El Niño is keppele oan twa betingsten:
- Yn it earste plak moat der yn it westen fan de Grutte Oseaan mear waarm wetter wêze as normaal. De passaatwinen driuwe kontinu it troch de sinne opwaarme oerflakwetter rjochting Yndoneezje. Dêr ûntstiet in dikke laach waarm wetter wyls oan de kust fan Perû krekt koel wetter opwâlet.
- As twadde moat it waarme wetter nei Súd-Amearika weromtreaun wurde. Der binne jierren dat yn dit gebiet yn de reintiid (oktober oant en mei april), westerstoarmen binne dy't tsjin de rjochting fan de passaat it wetter weromtriuwe nei Súd-Amearika. De opwaarming dêr hâldt himsels yn stân: in El Niño is berne.
Gefolgen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ornaris wurdt it wetter foar de westkust fan Súd-Amearika oanfierd troch in súdlike streaming dy't kâld wetter út it Súdpoalgebiet oanfiert. Dat kâlde wetter is tige fiedsel- en fiskryk. Yn in El Niño-jier treedt lykwols in streaming op dy't tropysk oseaanwetter oanfiert út de omjouwing fan Yndoneezje en de Filipinen (1982-'83 en 1997-'98 respektivelik 2,85 en 2,8 graden Celsius waarmer). Dat waarme wetter befettet folle minder fiedingsstoffen en dus ek folle minder fisk. Foar de Súd-Amerikaanske fiskers betsjut dat in ekonomyske ramp. Boppedat ferdampt it opwaarme oseaanwetter hurder as normaal, wêrtroch't it normaal sprutsen útsûnderlik drûge gebiet yn in jier fan El Niño teistere wurdt troch swiere reinfal. Dit liedt yn de Andes faak ta ierdferskowingen en modderlawines dy 't yn bewenne gebieten ferskuorrende gefolgen hawwe kinne.
Oan de oare kant fan de Grutte Oseaan, fan Austraalje oant Yndoneezje, binne de gefolgen ek slim. Dêr liedt El Niño krekt ta in perioade fan útsûnderlike drûchte, mei grutte gefolgen foar de pleatslike lânbou. De útsûnderlik krêftige El Niño fan 1997-'98 late boppedat ta grutte boskbrânen yn Yndoneezje. Pleatslike boeren hawwe de gewoante om stikjes bosk plat te baarnen foar nij ikkers. Brantsjes dy't gau útgeane troch it fochtige, tropyske klimaat. Mar as de rein yn de El Niño-jierren útbliuwt, kinne se útgroeie ta katastrofale fjoerseeën. Yn 1997-'98 late dat ta slimme smogfoarming oant yn Singapore. Boppedat, sa hawwe Dútske, Britske en Yndonesyske ûndersikers oantoand, pompten de oanhâldende boskbrânen seker 2,6 miljard ton CO2 yn de atmosfear. Dêrmei leveren se in grutte wrâldwide en fielbere bydrage oan it broeikaseffekt.
Ek yn de rest fan de wrâld is it effekt fan El Niño grut. Sa is berekkene dat de krêftige El Niño yn 1982-'83 wrâldwiid in skea fan 8,2 miljard dollar feroarsake hat. De lêste El Niño fan 1997-'98 hat neffens de Fiedsel- en Lânbouorganisaasje yn mear as sechtich lannen oanlieding jûn ta ekstreme waarsomstannichheden. Yn totaal binne 41 lannen troffen troch oerstreamings en 22 troch drûchte. De skea dy't de lêste El Niño feroarsake hat wie in mannichfâld fan it skeabedrach yn 1982-'83. Mar El Niño hat ek positive effekten. Sa komme der dan minder orkanen foar boppe de Atlantyske Oseaan en it Karibysk gebiet, en is de winter yn trochsneed minder strang yn it noarden fan de Feriene Steaten.
Yn West-Europa binne de effekten fan El Niño net sa grut. In El Niño liedt yn Nederlân, statistysk sjoen oer de perioade 1870-2000, ta in relatyf wiete maitiid.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]El Niño yn in feroarjend klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]El Niño beynfloedet it waar yn grutte dielen fan de wrâld. Feroarings yn de eigenskippen fan El Niño - Southern Oscillation (ENSO) troch de wrâldwide opwaarming jouwe foar dy gebieten dus ek feroarings yn it waar. Sjoukje Philip en Geert Jan van Oldenborgh hawwe dêrom ûndersocht hoe't ENSO feroarje kinne koe yn de kommende iuw. Hjirby waard gebrûk makke fan de útfier fan klimaatmodellen dy't garre is foar it fjirde IPCC Assessment Report (4AR), dat op 6 april 2007 ferskynde. Hoewol't dy modellen mei de meast realistyske werjefte fan El Niño yn trochsneed gjin ferskowing sjen litte fergelike mei de hjoeddeiske tastân fan El Niño of La Niña, is der wol sprake fan feroarings yn efterlizzende meganismen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory ENSO fan Wikimedia Commons. |