Springe nei ynhâld

Ereksje

Ut Wikipedy
ûnbesniene penis sûnder en mei ereksje
besniene Penis sûnder en mei ereksje

Mei in ereksje wurdt meastal it proses bedoeld wêrby't de swollichems yn de penis fold wurde mei bloed, wêrtroch't hy opswolt en geskikt wurdt foar geslachtsferkear. Dit bart trochdat de ôffierende ier tichtknypt wurdt. It wurd ereksje betsjut rjochtwurding of oprjochting. Ek de klitoris en de spienen fan de boarsten kinne by seksuele opwining in ereksje fertoane. Yn de klitoris bart dat ek troch swollichems, yn de spienen net.

At in man gjin ereksje krije kin, of net genôch ereksje om in goede geslachtsferkear hawwe te kinnen, neamt men dat ympotinsje of spesifiker ereksjesteuring, dat lêste slaat benammen op de ereksje sels wylst der by ympotinsje ek de gearhing fan fermindere seksueel langstme of te gau klearkommen bedoeld wurde kin. Gauris tinkt men dan ek oan dy problemen los fan de ereksjesteuring by it wurd ympotinsje, mar it is allinnich yn gearhing mei de ereksjesteurnis.

Lykas foar in soad oare termen út de seksualiteit wurde der foar it wurd ereksje ek oare wurden brûkt.

De man hat faak at hy moarns wekker wurdt in ereksje, de saneamde moarnsereksje. Dizze hat neat mei seksuele gedachten of dreamen te krijen, mar kin wol de sin yn seks dy't in soad manlju moarns hawwe ferklearje. De moarnsereksje is in oerbliuwende ereksje út de lêste saneamde REM-sliep, en treedt dêrtroch faak op as de man út himsels wekker wurdt, en net as hy wekker makke wurdt.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]