Springe nei ynhâld

Gersleat

Ut Wikipedy
Gersleat
Emblemen
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente It Hearrenfean
Sifers
Ynwennertal 310 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 9,90 km², wêrfan
- lân: 9,63 km²
- wetter 0,27 km²
Befolkingsticht. 32 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 0' N 5° 57' E
Offisjele webside
webstee fan Aenjewier
Kaart
Gersleat (Fryslân)
Gersleat
Lokaasje Gersleat yn Fryslân
Kaart
Lokaasje Gersleat (grien) yn 'e gemeente It Hearrenfean

Gersleat is in doarp yn de gemeente It Hearrenfean. Gersleat-Polder is in buorskip fan it doarp.

It doarp hat 310 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

It doarp wie yn de tiid fan de 18e en de 19e iuw in sintrum fan de feanterij. Op de gritenijkaart fan de Eekhoff-atlas healwei de 19e iuw docht bliken dat hast de hiele omkriten fergroeven binne en ûnder wetter lei. Allinne de ûnder Gersleat fallende Aldeweisterpolder is yn 1776 drûchmealle en wer yn kultuer brocht. Itselde wie doe krekt (yn 1851-1852) bard mei de wat gruttere polder súdlik dêrfan.

De âlde tsjerke fan Gersleat
(Jacobus Stellingwerf, 1723)

Oant 1834 stie op it begraafplak de tsjerke fan Gersleat. Dy wie yn of koart nei 1735 boud as ferfanging fan in âldere brekfallige tsjerke. De predikant wie tagelyk dûmny fan de oare doarpen fan Aenjewier. De befolking fan it Opsterlânske doarp Lúkswâld foel yn alle gefallen oant yn 'e 18e iuw tsjerklik ûnder Gersleat. Op it begraafplak stiet ek ien fan de klokkestuollen yn Fryslân.

Gersleat leit yn it noardwesten fan de gemeente, en foarme foar 1934 mei de doarpen Terbant, Lúnbert en Tsjalbert de gemeente Aenjewier. De fjouwer doarpen wurde noch altyd Aenjewier of De Streek neamd. De trije doarpen binne mei it noardeastlike part fan It Hearrenfean yn 1936 by de doetiidske gemeente Skoatterlân foege om sa de gemeente It Hearrenfean te foarmjen.

Gersleat foarmet it meast eastlike part fan de oan de Aenwirderwei frijwol ûnûnderbrutsen trochrinnende bebouwing fan de fjouwer doarpen. Oan de westlike ein fan Gersleat is de bebouwing minder ticht. Mei't der nei de Twadde Wrâldoarloch net folle mear boud is, is dêr de sfear te priuwen fan in mienskip middenmank it útfeante lân dat wer yn kultuer brocht is.

Gersleat docht in soad yn 'e mande mei Tsjalbert en Lúnbert. It doarp hat wol in eigen feriening foar Pleatslik Belang Gersleat-Polder. Mei grutte ynset fan de ynwenners hat Gersleat sûnt 2018 de DoarpsKeamer, dy't njonken kantine fan de fuotbalklub ek in doarpshûsfunskje hat.

Klokkestoel

De basisskoalle d'Aldewei fan Gersleat fusearre yn 2014 mei de kristlike basisskoalle Anjewier en de iepenbiere basisskoalle De Nijewei fan Tsjalbert ta de gearwurkingsskoalle De Nijewier.

  • Sportferiening Hercules (gymnastyk, tennis en follybal)
  • Stifting Natuerbad "De Wispel"
  • Iisklub Tegearre Fierder
  • Toanielferiening Dito
  • Toanielferiening Rjucht en Slucht

(De list is yn 2023 bywurke mei help fan de doarpsside. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside fan it doarp)

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1973 2004 2005 2010
Ynwenners 146 447 410 338 286 296 298 298 305
Jier 2015 2020
Ynwenners 300 305

(Boarnen: 1840: Plaatsengids.nl; 2015 en 2020: Alle Cijfers)

Tripgemaal

In pear kilometer benoarden De Streek leit it natuergebiet De Deelen, in lânskip mei in ôfwikseling fan petgatten en stripen.

De strjitten fan Gersleat mei de ferklearring fan de nammen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

It Hearrenfean
Doarpen en útbuorrens:
AldeboarnAldhoarneAldskoatAkkrumBontebokGersleatHaskerdikenHoarnstersweachIt HearrenfeanJobbegeaKetlikDe KnipeLúnbertMildaamNesNijbrêgeNijhoarneNijskoatIt OranjewâldTerbantTsjalbert
Buorskippen:
AldskouAnnebuorrenBrongergeaBurstumEasterboarnJinshuzenMeskenwierPeanPoppenhuzenJobbegea-SkuorregeaSoarremoarreSpitsendykSythuzenWarniahuzen
· · Berjocht bewurkje