Springe nei ynhâld

Gitarist

Ut Wikipedy

In gitarist is in muzykman dy't gitaar spilet. Dêrby kin it gean om sawol de akoestyske gitaar as om de elektryske gitaar.

De styl fan spyljen fan gitaristen kin fier útelkoar rinne. Dat hinget gear mei it type gitaar, om't op de elektryske gitaar folle lûder spile wurde kin as op de akoestyske. Mar it kin ek lizze yn de persoanlike styl fan de gitarist. Dy styl wurdt dan ûnder oaren wer beynfloede troch de oplieding dy't de gitarist folge hat yn kombinaasje mei de persoanlike foarkar, of troch de wize wêrop er himsels it gitaarspyljen oanleard hat.