Grut-Brittanje (eilân)
- Dizze side giet oer it eilân Grut-Brittanje. Foar it lân, sjoch: it Feriene Keninkryk.
- Dizze side giet oer it eilân Grut-Brittanje. Foar oare betsjuttings, sjoch: Grut-Brittanje (betsjuttingsside).
Grut-Brittanje of Grut-Brittannië (Ingelsk: Great Britain; Kornysk: Breten Veur; Skotsk: Great Breetain; Skotsk-Gaelysk: Breatainn Mhòr; Welsk: Prydain Fawr) is in tige grut eilân yn it noardeastlike part fan 'e Atlantyske Oseaan, foar de kust fan it Jeropeeske fêstelân. It is it grutste eilân fan 'e arsjipel fan 'e Britske Eilannen en omfiemet de histoaryske lannen Ingelân, Skotlân en Wales. Tsjintwurdich makket it diel út fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân, dat yn 'e folksmûle faak ek koartwei 'Grut-Brittanje' neamd wurdt.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Grut-Brittanje is in eilân yn it noarden fan 'e Atlantyske Oseaan, dat deun foar de kust fan Noardwest-Jeropa leit. It is sa grut dat it de skieding foarmet tusken de iepen oseaan en in binnensee dy't fierhinne tusken it eilân en it Jeropeeske fêstelân ynklamme leit: de Noardsee. Grut-Brittanje hat in oerflak fan 209.331 km², wêrmei't it it grutste eilân fan Jeropa is en it op acht nei grutste eilân fan 'e wrâld. Fan it uterste noarden (John o' Groats, yn Skotlân) oant it uterste suden (Land's End, yn Cornwall) mjit it eilân 968 km. Westlik fan Grut-Brittanje leit in oar grut eilân, Ierlân. Tegearre foarmje dy beide eilannen, yn 'e mande mei mear as tûzen folle lytsere eilantsjes, de arsjipel fan 'e Britske Eilannen.
Yn it suden wurdt Grut-Brittanje begrinzge troch it Kanaal, yn it súdwesten troch de Keltyske See en it Kanaal fan Bristol, yn it westen troch it Kanaal fan Sint Joaris, de Ierske See en it Noarderkanaal, yn it noardwesten troch de iepen Atlantyske Oseaan, de Skotske See, de Lytse Minch, en de Noardlike Minch, yn it noarden troch de iepen Atlantyske Oseaan en de Pentland Firth, yn it easten troch de Noardsee en yn it súdeasten, ta einbeslút, foarmet it 34 km brede Nau fan Kalês (of de Strjitte fan Dover) de smelle skieding mei it Jeropeeske fêstelân. Sûnt 1994 wurdt Grut-Brittanje mei Frankryk, oare kant it wetter, ferbûn troch de Kanaaltunnel.
Polityk is Grut-Brittanje fan âlds ferdield yn trije lannen (no lânsdielen), te witten: Skotlân yn it noarden, Ingelân yn 'e midden en yn it suden, en Wales yn it westen. Dat lêste gebiet, Wales, beslacht in grut skiereilân dat it Kymrysk Skiereilân hjit. Súdlik dêrfan, oare kant it Kanaal fan Bristol, stekt in oar skiereilân, Cornwall, in hiel ein nei it súdwesten ta út. Geografysk wurdt Grut-Brittanje behearske troch in stikmannich berchtmen: de Skotske Heechlannen yn it hege noarden; it Súdskotsk Berchlân dat de grins fan Skotlân mei Ingelân markearret; it Penninysk Berchtme dat him as in soarte fan wringe troch de midden fan Ingelân fan 'e Skotske grins oant de Midlannen ta útstrekt, en it Kymrysk Berchtme yn it binnenlân fan Wales. De grutste rivieren fan Grut-Brittanje binne de Teems en de Severn, dy't beide troch it ridlik flakke suden fan it eilân streame.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it fiere ferline wie Grut-Brittanje ferskate kearen troch in lânbrêge mei it Jeropeeske fêstelân ferbûn doe't ûnder iistiden in grut part fan it wetter op 'e ierde fêstsiet yn lâniis en de seespegel dêrtroch folle leger wie. De ierste minsklike bewenners fan it eilân moatte yn sa'n snuorje út Jeropa oerstutsen wêze. Der binne minsklike fuotprinten fûn yn Norfolk, dy't datearje fan likernôch 780.000 jier lyn. De earste moderne minsken berikten Grut-Brittanje nei alle gedachten omtrint 30.000 jier lyn, hoewol't it gebiet troch de lêste iistiid wer folslein ûntfolke rekke. Doe't de gletsjers har likernôch 11.000 jier lyn werom begûnen te lûken, waard Grut-Brittanje werbefolke troch lju dy't neffens genetysk ûndersyk ôfkomstich wiene fan it Ibearysk Skiereilân (ynstee fan út Frankryk, sa't men earder ferwachtsje soe). Doe't troch it ranen fan it lâniis de seespegel wer begûn te stiigjen, waard Grut-Brittanje omtrint 10.000 jier lyn skaat fan it eilân Ierlân, en likernôch 8.000 jier lyn fan it fêstelân fan Jeraazje.
De earste permaninte delsettings op Grut-Brittanje datearje fan likernôch 6.000 jier lyn. Troch de saneamde Klokbekerkultuer, dy't om 2500 f.Kr. ûntstie of arrivearre, waarden ierdewurkene drinkbekers en oar taffelsreau makke. Omtrint dyselde tiid waarden grutte neolityske monuminten oanlein, lykas Stonehenge, yn Wiltshire. Yn 'e Izertiid fêstigen har Kelten op it eilân dy't fan 'e Halstatt- en La Tène-kultueren út Midden-Jeropa wiene, en dy't de eardere bewenners meitiid assimilearren. Under de Romeinske Tiid waard Grut-Brittanje yn it jier 43 troch keizer Klaudius ferovere. Allinnich Skotlân (of Kaledoanje, sa't de Romeinen seine) bleau bûten it Romeinske Ryk. Oan 'e noardgrins fan it troch de Romeinen behearske diel fan it eilân waard letter de Muorre fan Hadrianus boud om ynfallen troch de Kaledoanyske stammen tsjin te gean.
Neitiid foarme it grutste part fan Grut-Brittanje iuwenlang de Romeinske provinsje Brittanje. It wie yn dy snuorje dat it kristendom foar it earst op it eilân yntrodusearre waard. Under it ferfal fan it Romeinske Ryk waarden yn 410 de Romeinske legioenen fan it eilân weromlutsen en kaam der in ein oan it Romeinske bewâld yn Brittanje. Dat makke de wei frij foar de Angelsaksyske kolonisaasje fan Grut-Brittanje, wêrby't ûnder it Grutte Folkeferfarren, yn 'e fyfde iuw, de Germaanske Saksen, Angelen en yn mindere mjitte ek Jutten en guon Friezen har heitelân oan 'e kontinintale Noardseekust ferlieten en oerstieken nei Grut-Brittanje. De Angelsaksen, sa't dy Germanen nei ferrin fan tiid neamd waarden, feroveren Ingelân en súdlik Skotlân en setten har dêr permanint nei wenjen, wêrby't se de pleatslike Keltyske befolking meitiid assimilearren, krekt sa't de Kelten dat earder sels dien hiene mei de prehistoaryske eilânbewenners.
Yn it troch de Angelsaksen behearske gebiet foarmen har nei ferrin fan tiid sân keninkriken, dy't mei-inoar bekend kamen te stean as de Heptargy: East-Anglia, Mersia, Noardumbrje, Kent, Esseks, Susseks en Wesseks. Under druk fan 'e ynfallen fan de Wytsingen fûn der fan 'e njoggende iuw ôf in ienwurdingsproses plak, dat yn 927 late ta de stifting fan it Keninkryk Ingelân. Underwilens wie yn it noarden fan Grut-Brittanje troch de feriening fan it Keninkryk fan 'e Pikten mei it Skotske Keninkryk Dalriada yn 843 it Keninkryk Skotlân ûntstien. Yn 1066 brocht de Normandyske Ynvaazje (fan Ingelân) grutte politike en maatskiplike feroarings tewei yn alle dielen fan Grut-Brittanje. It Prinsdom Wales, dat in stikmannich as los sân oaninoar hingjende rykjes omfieme, bleau as trêde ûnôfhinklike macht op Grut-Brittanje bestean oant 1282, doe't it ferovere waard troch kening Edwert I fan Ingelân.
Trochdat it Ingelske keningshûs yn 1603 mei de dea fan keninginne Elizabeth I útstoar, kaam doe yn Ingelân har efterneef, de Skotske kening Jakobus VI op 'e troan. Dêrmei ûntstie in personele uny tusken de beide keninkriken dy't in goede iuw letter, yn 1707 omset waard yn in politike uny. De keninkriken Ingelân en Skotlân giene doe op yn it nije Keninkryk Grut-Brittanje. Dat bestie oant 1801, doe't troch in nije ienwurding mei it Keninkryk Ierlân it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Ierlân ûntstie. Yn 1922, nei de ôfskieding fan 'e Ierske Frijsteat, waard dat lân omneamd ta it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân, dat hjoed de dei noch bestiet.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2011 hie Grut-Brittanje in befolking fan likernôch 61 miljoen minsken, wêrfan't fierwei it grutste part yn Ingelân wenne. Dêrmei is Grut-Brittanje it op twa nei tichtstbefolke eilân fan 'e wrâld, nei Java, yn Yndoneezje, en Honsjû, yn Japan. De grutste stêd op it eilân wie Londen, de haadstêd fan sawol Ingelân as it hiele Feriene Keninkryk, dy't yn it súdeasten fan Grut-Brittanje deunby de mûning fan 'e Teems leit en in befolking fan mear as 8 miljoen minsken hat. Lânseigen talen dy't op Grut-Brittanje sprutsen wurde, binne it Ingelsk (yn Ingelân, mar ek yn 'e oare lânsdielen), it Welsk (yn Wales), it Skotsk en it Skotsk-Gaelysk (yn Skotlân) en it Kornysk (yn Cornwall). Op it mêd fan religy hinget it meastepart fan 'e befolking fan Grut-Brittanje it kristendom noch oan, hoewol't der in oanwaaksende groep ateïsten en agnosten bestiet, wylst der fierders troch ymmigraasje út benammen Súd-Aazje grutte groepen moslims, hindoes en sikhs op it eilân kommen binne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|