Springe nei ynhâld

Ivo Niehe

Ut Wikipedy
Ivo Niehe
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Ivo Niehe (2010)
Ivo Niehe (2010)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ivo Johannes Ignatius Niehe
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 31 maaie 1946
berteplak Amsterdam
wurkpaad
wurksum as Telefyzjeprodusint,
Telefyzje presintator
medium Telefyzje
wurksum by TROS,
AVROTROS,
Talpa
bekend fan TV Show
jierren aktyf 1974-

Ivo Johannes Ignatius Niehe (Amsterdam, 31 maaie 1946) is in Nederlânsk telefyzjeprodusint, televyzjepresintator. Ivo Niehe is benammen bekend van de TROS TV Show.

Nei it beheljen fan syn gymnasium diploma, gie Ivo Frânske Taal en Letterkunde studearjen oan de Universiteit fan Amsterdam. Yn 1974 gie Niehe oan de slach by de TROS as omropper, en waard nei in skoftke presintator fan it programma TROS Aktua. Yn 1981 presintearre Niehe foar it earst it praatprogramma TV Show. Yn 1982 rjochte er syn eigen produksjebedriuw Ivo Niehe Producties op, wêrby't er ek produsint en betinker wie fan programma's as Life & Cooking, Una Voce Particolare en Lunch-TV.

Yn 2005 stapte Ivo Niehe oer nei Talpa, dêr't hy hope it format fan de TV Show fierder presintearje te kinnen. De TROS joech der gjin tastimming foar en liet Reinout Oerlemans tenei it programma presintearje. By Talpa presintearre Niehe it praatprogramma Ivo, mar om't dit programma net genôch sjoggers hie, kaam Niehe yn 2006 alwer werom nei de TROS. Neidat er weromkaam wie by de TROS, presintearre er opnij de TV Show. Op 1 jannewaris 2022 waard de TV Show foar it lêst útstjoerd. Mei André van Duin as gast, dy't der yn totaal 22 kear gast west hie yn it programma.

Ivo Niehe is ambassadeur fan it Prinses Beatrix Spierfûns, in stifing dy 't him dwaande hâldt mei it ynsammeljen fan jild foar it bestriden fan spiersykten en it stypjen fan minsken dy't dêrmei te krijen hawwe. KWF Kankerbestriding In stifting dy't him ynset foar bestriding fan kanker troch wittenskiplik ûndersyk, foarljochting, pasjintestipe en fûnsenwerving. En foar UNICEF in organisaasje binnen de Feriene Naasjes dy't him ynset foar it wolwêzen fan bern, ûnder oare fia it Ferdrach oangeande de rjochten fan it bern.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL