Jelle Zwart
Jelle Zwart (Ljouwert, 6 septimber 1926 - Snits, 29 oktober 2019) wie in Frysk sosjolooch en dichter.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jelle Zwart waard yn Ljouwert berne, mar waard grut yn Dokkum. Hy studearre yn Grins sosjology, hy kaam yn dy stêd oan it wurk by it Grinzer Provinsjaal Opbouorgaan. Letter, yn 1968 waard er haad fan it Bureau Landelijk Contact yn Ljouwert, dat ûnderdiel wie fan it ministearje fan CRM, letter WVC. Mei yngong fan 1 jannewaris 1988 waard er oerbrocht nei Grins en wurke doe noch in pear jier by de direksje fan Jeugdzaken. Neist syn wurk hat er ek altiten yn it spier west foar in tal fan maatskiplike en kulturele organisaasjes; hy wie lang lid fan it Algemien en Deistich bestjoer fan de Fryske Akademy, makke diel út fan it bestjoer fan it Frysk Festival en wie oant syn santichste foarsitter fan de Fryske Folkshegeskoalle Schylgerlân. Ek wie er bestjoerder en frijwilliger yn it âldereinwurk.
Jelle Zwart kin mei rjocht in letbloeier neamd wurde, hy debutearre pas yn 2004. Dat wie mei it fers Dyn lytse flecht yn de Fryske Skriuwerskalinder. Yn dat selde jier wûn er de Rely Jorritsmapriis mei it fers Inkel sân. Doe't er yn 2006 79 wie, ferskynde syn debútbondel Sân skeppen sâlt by útjouwerij Frysk en Frij. Hy wenne lange tiid mei syn frou yn de pastory fan Deinum, letter ferhuzen se nei Snits. Doe skreau er al fersen, mar hie net it doel om dy ek út te jaan. Doe't er him mear weromlutsen hie út bestjoerlike funksjes, sette er him mear op it dichtsjen ta. Dêrfoar folge hy trije kursussen skriuwen fan poëzij, de earste by Remco Ekkers, dêrnei by Albertina Soepboer en as lêste by Tsjêbbe Hettinga. Troch dy kursussen en it winnen fan de Rely Jorritsmapriis waard er ynspirearre om troch te gean mei it dichtsjen. Fan 2004 ôf stiene der dan ek geregeld fersen fan syn hân yn Hjir, Farsk en letter Ensafh.
Syn debútbondel befettet 100 fersen. De titel Sân skeppen sâlt stiet foar dingen lykas taal, it lân, it folk, it eigen, it skôgjen en it wêzen. Zwart lit sjen dat er ek midden yn de aktualiteit stiet troch it gedicht O Azië oer de tsûnamy yn Aazje. Trije jier nei syn debútbondel ferskynde de twadde bondel De wite hoed, ek by Frysk en Frij. Dy bondel befettet mear leafst 130 fersen, mei 172 siden. Yn 2017 kaam der noch in nije bondel fan him út, Fandele.
Jelle Zwart stoar yn de âldens fan 93 jier yn syn wenplak Snits.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Poëzij
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2004 : Rely Jorritsmapriis mei it fers Inkel sân.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Jelle Zwart yn 'e DBNL (noch leech)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |