Springe nei ynhâld

Johan Philip Koelman

Ut Wikipedy
Johan Philip Koelman
keunstner
Portret fan Johan Philip Koelman troch Louis Wegner
Portret fan Johan Philip Koelman troch Louis Wegner
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 11 maart 1818
berteplak De Haach
stoarn 16 jannewaris 1893
stjerplak De Haach
wurkpaad
wurksum as skilder, byldhouwer, skriuwer
offisjele webside
RKD-profyl

Johan Philip Koelman (De Haach, 11 maart 1818 – dêre, 16 jannewaris 1893) wie in Nederlânske keunstskilder, byldhouwer, skriuwer en ûnderwizer. Ek wied er jierrenlang direkteur fan de Akademy fan Byldzjende Keunsten yn Den Haach.

Koelman wie ynearsten ornearre om syn heit as timmerman op te folgjen, mar hy toande safolle ynteresse foar it tekenjen, dat er teken- en skilderlessen naam by de skilder Cornelis Kruseman; hy wie doe 20 jier. In pear jier letter sette er ôf nei Itaalje om him dêr fan 1844 oant 1857 alhiel op de keunst te rjochtsjen. Hy rekke dêr lykwols belutsen by de revolúsjonêre Romeinske Republyk fan 1849 en sleat him lang om let oan by Garibaldi syn ferdigening fan Rome tsjin it Frânske leger. [1]
Koelmans memoires oer dy perioade wurde brûkt as boarne foar skiedkundigen dy't Garibaldi's libben ûndersykje en de striid dy't úteinlik late ta de Ienwurding fan Italië, en jouwe inkelde details dy't op in oar plak net te finen binne.[2]

It Fan der Werff-monumint yn Leien (1884)

Werom yn Nederlân waard er earst haadûnderwizer en letter direkteur fan de Haachske Akademy fan Byldzjende Keunsten. Yn dy tiid ûntwurp er ferskate monuminten, lykas it mei in priis bekroande ûntwerp foar in nasjonaal monumint 1813, it monumint foar de hartoch fan Saksen-Weimar oan it Haachske Lange Voorhout, it monumint fan de Wetternimf yn Brielle en it Fan der Werff-monumint yn Leiden ta oantins fan it Untset fan Leien. By inkelde fan dy ûntwerpen wurke er op mei de arsjitekten W.C. van der Waeyen Pieterszen en H.P. Vogel.

Ek makke er namme as skriuwer, ûnder oare mei syn wurk In Rome. Koelman waard beneamd ta Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw en yn de Oarder fan de Ikekroan. Hy waard op 20 jannewaris 1893 begroeven op it begraafplak Oud Eik en Duinen yn it bywêzen fan bestjoersleden, dosinten en learlingen fan de Akademy en fertsjintwurdigers fan Pulchri Studio, Arti et Industriae en Architectura.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Alfonso Scirocco aen Allan Cameron, "Garibaldi: citizen of the world" [1].
  2. J. P. Koelman, "Memorie romane", 2 vols., Rome, 1963; sitearre yn Lucy Riall har, Garibaldi, Invention of a Hero, Yale University Press, 2007, s. 85-86, s. 500 noat 132