Kalmukje
Republyk Kalmukjea Республика Калмыкия, (Russysk) | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | autonome republyk |
lân | Ruslân |
federaal distrikt | Súd |
ekonomyske regio | Wolga |
haadplak | Elista |
grutste plak | Elista |
taal | Russysk, Kalmuksk |
Etnyske groepen | Kalmukken (57,4%) Russen (30,2%) Darginen (2,76 %) Kazachen (1,7%) Mesketen (1,3%) (sifers fan 2010) |
sifers | |
ynwennertal | 267.756 (2022) |
oerflak | 76.100 km² |
befolkingstichtens | 3,58 ynw. / km² |
oar | |
stifting | 1958 |
tiidsône | UTC+3 MSK |
koördinaten | 46° 34' N 45° 19' E |
webside | kalm.ru |
De Republyk Kalmukje (Russysk: Республика Калмыкия, Respûblika Kalmykia; Kalmuksk: Хальм Тангч; Chalm Tangtsj) is in autonome republyk fan de Russyske Federaasje. Haadstêd fan de republyk is Elista. Kalmukje is it iennige Europeeske gebiet dêr't it boeddhisme de grutste religy is. De talen yn it offisjele ferkear binne Russysk en Kalmuksk.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oerflak fan de republyk is 76.100 km², en dat komt hast oerien mei it oerflak fan de Benelúks (76.657 km²). Kalmukje leit yn de fierste súdwestlike úthoeke fan Europeesk Ruslân oan de noardwestlike kust fan de Kaspyske See. It lânskip bestiet foar it measte út steppe. Yn it suden wurdt de republyk begrinzge troch it Kôma-Manytsjleech, dat it noardlik lizzende Russyske Leechlân fan de súdlike útrinners fan de Kaukasus skiedt, en de rivieren de Manytsj en de Kûma.
Troch de minne tarieding en útfiering fan wetterprojekten is Kalmukje sûnt de jierren 1960 slim troffen troch woastynfoarming (desertifikaasje). Der republyk wurdt dêrom ek wol de earste Europeeske woastyn neamd.
It klimaat is kontinintaal, simmerdeis is it hyt en droech, winterdeis friest it yn 'e regel tige, mar snie falt der mar in bytsje. Dy eigenskippen wurde fan it westen nei it easten ta slimmer.
Kalmukje grinzget yn it easten oan de oblast Astrachan, yn it suden oan de republyk Dagestan en fierder oan de oblasten Wolgograd, Rostov en Stavropol.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Eartiids waard it gebiet troch in lange rige fan stammen bewenne dy't inoar nei ferrin fan de tiid wer ferfongen. It grûngebiet fan it moderne Kalmukje wie it sintrum fan it Ryk fan de Chazaren, dat in grutte ynfloed hie op de skiednis fan Europa en Aazje. Yn de 13e iuw oermastere de Goude Horde it gebiet en nei it ynstoarten fan it Mongoaleryk swalken de Nogai yn it gebiet om.
De Kalmukken binne fan oarsprong in Mongoalsk folk út it westen fan Sina en Mongoalje. Fanwegen feodale strideraasjes en tekoarten oan gerslân yn it Dzjûngaarske Kanaat setten de takomstige bewenners fan de hjoeddeiske republyk tsjin it ein fan de 16e en it begjin fan de 17e iuw útein mei in migraasje yn'e rjochting fan de West-Sybearyske steppes, dy't nei de kampanje fan de kozakkelieder Jermak by it Russyske Ryk hearden, mar noch net troch Russen bewenne waarden. De Oirat-Mongoalen ferjoegen de ynlânske Nogai en sloegen tusken de rivieren Emba, Jaik (tsjintwurdich de Oeral) en Wolga harren kampen op en fêstigen dêr in kanaat. Yn 1608-1609 swarden de Kalmukken foar it earst trou oan de Russyske tsaar en tenei waarden hja Kalmukken neamd.
It Kalmukske Kanaat belibbe yn it lêste diel fan de 17e en begjin 18e iuw ûnder it bewâld fan Ajûka khan syn hichtepunt. Ajûka ferdigene de súdlike grinzen fan Ruslân en late regelmjittich kampanjes tsjin de Krim- en Nogaitataren, Kazachen, Turkmenen en de berchfolken fan de noardlike Kaukasus.
Healwei de 18e iuw begûn Moskou de macht fan de khan te beheinen. Ek de migraasje fan Russyske boeren, it ôfnimmen fan geskikte greide en bemuoienis fan Moskou mei Kalmukske saken fersteurde de relaasje tusken Moskou en it kanaat. Nei de oanlis fan in nije ferdigeningswâl teagen tûzenen Don-Kozakken nei it gebiet, sadat der jimmeroan minder lân oerbleau foar de nomadyske Kalmukken. Sa ûntstie it langstme om werom te kearen nei it lân wêr't hja wei kamen, dat yn dy tiid ûnder it bewâld fan de Qing-dynasty stie. Oantrune troch boeddhistyske geastliken begûn yn jannewaris 1771 ûnder lieding fan de jonge, noch ûnbetûfte Ubasja kahn de lange reis werom nei it lân fan komôf. De reis gyng oer de Kazachske steppes en ûntaarde yn in tragyske ramp, wêrby't tsientûzenen minsken fan honger, kjeld en fijannelikheden yn Sintraal-Aazje omkamen of as slaaf finzen nommen waarden. Op fersyk fan Katarina II waarden de gûverneurs fan Astrachan en Oarenburch opdroegen om de migraasje te kearen, mar de maatregels kamen te let. Net elkenien gyng mei op trek, mar nei it ferlies fan it grutste diel fan de befolking hefte Katarina yn oktober 1771 it kanaat op. Under keizer Paul I libbe it kanaat yn 1800 wer foar koarte tiid op, mar de macht fan de kahn wie doe al beheind. Yn 1803 waard nei de moard op keizer Paul I it kanaat yn 1803 troch Aleksander I definityf ôfskaft.
Mei it útbrekken fan de boargerkriich nei de oktoberrevolúsje waard it suden fan Ruslân ien fan de wichtichste plakken fan fûle striid tusken it Reade Leger en it frijwilligersleger fan Denikin en it Don-Kozakkenleger fan Krasnov. Yn maart 1920 waard Kalmukje wer troch it Reade Leger oermaster en waard de Sovjet-macht yn de steppes hersteld. Troch de reade oerwinning rekke it Kalmukske folk foar in diel yn diaspora. In soad Kalmukken dy't de kant keazen hiene fan de Wite beweging migrearren nei Jûgoslaavje, Bulgarije, Frankryk en oare lannen. Al gau nei de oerwinning fan de readen waard de Autonome Oblast Kalmukje útroppen. Lykas yn oare dielen fan it lân waard yn 1929-1934 de kollektivaasje trochfierd en boeren ûnteigene. De autonome oblast waard yn 1935 omfoarme yn de Kalmukske Autonome Sosjalityske Sovjetrepublyk.
Yn de Twadde Wrâldkriich folge yn 'e simmer de besetting fan in grut diel fan Kalmukje, mar yn jannewaris 1943 befrijde it Reade Leger de republyk. Alhoewol't tûzenen Kalmukske soldaten dapper meistriden tsjin Nazy-Dútslân, fertochten de autoriteiten de Kalmukken fan kollaboraasje mei de fijân troch't in folle lytser diel de kant fan de Dútsers keazen hie en meifocht yn it Kalmukske Kavallerykorps. Yn desimber 1943 folge dêrom foar straf in kollektive ûnteigening fan besit en de deportaasje fan 93.000 minsken yn feeweinen nei Sibearje. De ferballing betsjutte automatysk ek de ôfskaffing fan de autonomy en yn 1944 hold de Kalmukske Autonome Sosjalityske Sovjetrepublyk op te bestean. In grut diel fan de hast hûnderttûzen ferballe Kalmukken soene Kalmukje nea werom sjen. Yn 1956 folge de rehabilitaasje en sûnt 1957 mochten de Kalmukken werom keare nei harren âlde wenstee en fûn ferfolging fan oerrinners nei de Dútske kant allinne noch op yndividuele basis plak.
Kalmukje krige yn twa fazen syn autonomy werom. Op 9 jannewaris waard it in autonoom distrikt fan de kraj Stavropol en op 29 july waard Kalmukje wer in sovjet-republyk, mar net neffens de âlde grinzen.
Nei de ûntbining fan de Sovjet-Uny waard Kalmukje in autonome republyk yn de Russyske Federaasje. Op 5 april 1994 waard in nije grûnwet oannommen.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens sifers út 2010 foarmje de Kalmukken 57,4% fan de befolking. Oare groepen binne Russen (30.2%), Darginen (2.7%), Kazachen (1.7%), Tsjetsjenen (1.2%), Turkske Mesketen (1.3%), Avaren (0.8%) Oekraïners (0.5%) en Koreanen (0.5%).[9]. De offisjele talen binne Kalmuksk en Russysk. De Russen wenje fral yn de meast westlike rajon's fan Kalmukje.
De measte Kalmukken binne boeddhistysk, wylst de Russen harren fral ta de russysk-otterdoksy rekkenje. In minderheid fan de Kalmukket hinget it sjamanisme oan. Fierder hingje in tal minderheden noch de islaam oan.
De offisjele talen fan de republyk binne Kalmuksk en Russysk.
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1926 | 1939 | 1959 | 1970 | 1979 | 1989 | 2002 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 141.591 | 220.684 | 184.857 | 267.993 | 294.527 | 322.579 | 292.410 | 267.756 |
Nasjonale sport
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 1993 oant 2010 wie Kirsan Nikolajevitsj Iljûmzjinov president fan de republyk. Tagelyk wied er ek foarsitter fan de FIDE, it ynternasjonale skaakbûn. Hy soarge der foar dat it skaken in nasjonale sport waard en al op iere leeftyd wurde bern yn 'e republyk mei skaken grutbrocht. Op skoalle is it in gewoan fak.
Iljûmzjinov joech in grut part fan syn fermogen fuort om de skaaksport yn Kalmukje te befoarderjen. Tsjin it ein fan de jierren 1990 rekke syn regear yn 'e swierrichheden. Want hy brûkte net allinne syn privéfermogen om de skaaksport yn Kalmukje te befoarderjen, yn de Sovjetskaja Kalmûkja ferskynden ek berjochten dat der in soad oerheidsjild útjûn waard oan skaakprojekten. De sjoernaliste Larisa Jûdina ûndersocht dy fertinkings, mar hja waard yn 1998 untfierd en fermoarde. De Russyske autoriteiten pakten twa amtnerts op, dy't ek skuldich ferklearre waarden, mar der koe gjin bewiis levere wurde dat Iljûmzjinov mandélich wie. Iljûmzjinov waard yn 2010 ferfongen troch Aleksei Orlov.
Grutste plakken en bestjoerlike yndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De republyk is yn 13 rajon's en ien stedsdistrikt ferdield. Under de rajons falle twa stêden en 112 doarpen. De iennige grutte stêd yn Kalmukje is Elista (ek stedsdistrikt). De oare twa stêden binne Lagan en Gorodovikovsk.
Namme | Russysk | Kalmuksk | Ynwenners [1] | Wapen | Lokaasje |
---|---|---|---|---|---|
Bolsjoj Tsaryn | Большой Царын | Ик Царың | 4.786 (2021) | 47° 51' N 45° 26' E | |
Elista* | Элиста | Элст | 103.531 (2022) | 46° 19' N 44° 16' E | |
Gorodovikovsk* | Городовиковск | Бәәшңтә | 8.397 (2021) | 46° 05' N 41° 56' E | |
Jasjkûl | Яшкуль | Яшкуль | 7.861 (2021) | 46° 10' N 45° 20' E | |
Lagan* | Лага́нь | Лагань | 12.684 (2021) | 45° 23' N 47° 21' E | |
Malye Derbety | Малые Дербеты | Баһ Дөрвд | 6.419 (2021) | 47° 57' N 47° 40' E | |
Prijûtnoje | Приютное | Әмтә Нур | 6.010 (2021) | 46° 30' N 43° 30' E | |
Sadovoje | Садовое | 6.530 (2021) | 47° 46' N 44° 30' E | ||
Troitskoje | Троицкое | Булһун | 12.915 (2021) | 46° 25' N 41° 15' E | |
Tsagan Aman | Цаган Аман | Цаһан Аман | 6.027 (2021) | 47° 33' N 46° 43' E |
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kalmukje is fral agrarysk en ekonomysk ûnderûntwikkele. Allinne yn de haadstêd is wat yndustry. Oan de kust binne gasreserves en oaljeboarnen, dy't foar ynkommen soargje. Yn de kommunistyske tiid waard de befolking oplein skiep te hâlden. De lânbou bestiet ek hjoeddedei (2022) noch fral út it hâlden fan fee.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kalmückien
|