Kening Oidipoes
Kening Oidipoes | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Οἰδίπους Τύραννος | |
auteur | Sofoklês | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | trageedzje | |
skreaun | ±430 f.Kr. | |
1e opfiering | 429 f.Kr., Atene | |
rige | ||
rige | Tebaanske Trilogy | |
● folgjend diel | Oidipoes yn Kolonos | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Kening Oidipous: Treurspil fen Sophokles | |
publikaasje | 1923, Snits | |
útjouwer | Brandenburgh, Boschma & Co. | |
oersetter | jhr. T.A.M.A. van Humalda van Eysinga |
Kening Oidipoes, yn it oarspronklike Aldgryksk Οἰδίπους Τύραννος, Oidipous Tyrannos (ek wol bekend ûnder de Latynske titel Oedipus Rex), is in toanielstik fan 'e hân fan 'e grutte Grykske toanielskriuwer en dichter Sofoklês (496-406 f.Kr.). It is in trageedzje dy't diel útmakket fan 'e saneamde Tebaanske Trilogy (mei Antígoné en Oidipoes yn Kolonos). Dêrfan foarmet it it earste diel, al wie it it twadde dat skreaun waard. Kening Oidipoes fertelt it ferhaal fan Oidipoes, in man dy't kening fan Tebe wurdt en fan syn berte ôf foarbestimd is om syn heit te fermoardzjen en mei syn mem te trouwen.
Dit stik wurdt oer it algemien beskôge as it hichtepunt fan 'e Aldgrykske toanielkeunst. Iroanyskernôch behelle it lykwols mar it twadde plak yn 'e toanielwedstryd op it Feest fan Dionysus, yn 429 f.Kr., doe't it foar it earst opfierd waard, wylst de stikken fan Sofoklês dêr oer it algemien de haadpriis yn 'e wacht sleepten. De earste Fryske oersetting fan Kening Oidipoes, fan jhr. mr. T.A.M.A. van Humalda van Eysinga, ferskynde yn 1923. Yn 1993 waard oan Klaas Bruinsma foar syn oersetting fan Kening Oidipoes en twa oare stikken fan Sofoklês de Obe Postmapriis takend.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wat foarôf gie
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sa't dat yn klimaktyske toanielstikken wenst is, hat ek yn Kening Oidipoes in grut part fan it ferhaal al plakfûn as it stik iepenet, en sil it publyk dat út 'e dialooch gewaarwurde of oer foarkennis beskikke moatte. Lange jierren lyn waard kening Lajos fan Tebe troch it orakel fan Delfi de foarsizzing dien dat er deade wurde soe troch syn soan, dy't dêrnei mei Lajos syn frou, syn eigen mem, trouwe soe. Om dat foar te kommen liet Lajos syn soan Oidipoes te fûnling lizze yn 'e wyldernis, yn 'e oertsjûging dat er wol fan 'e wylde bisten opfretten wurde soe. Syn feint joech it jonkje lykwols ynstee oan in hoeder, dy't it nei de stêd Korinte ta brocht. Dêr woeks Oidipoes op oan it hof fan kening Pólubos en keninginne Méropê, dy't sels gjin bern hiene en him dêrom as harren eigen soan grutbrochten.
As er folwoeksen is, heart er in geroft dat er net de echte soan fan Pólubos en Méropê is. Hy rieplachtet dêroer it orakel fan Delfi, mar dat negearret syn fraach oangeande wa't syn echte âldelju binne, en seit inkeld dat er foarbestimd is om syn heit te deadzjen en mei syn mem te trouwen. Om't er út alle macht oan dy profesije besykje wol te ûntkommen, ferlit Oidipoes Korinte. Op 'e wei nei Tebe komt er in âldman tsjin, dy't net foar him oan 'e kant gean wol. It is syn heit, Lajos, dy't te grutsk is om foar sa'n tatebek út te wiken. Mar Oidipoes is like grutsk en slacht Lajos en syn hiele selskip dea, op ien feint nei dy't ûntkomt en letter yn Tebe fertelt dat de kening troch rôvers deadien is. Sa hat Oidipoes, sûnder dat er der sels aan fan hat, de helte fan 'e foarsizzing al útkomme litten.
As Oidipoes yn Tebe oankomt, wurdt dy stêd yn 'e macht holden troch in sfinks, in meunster dat eltse foarbygonger itselde riedling opjout: "Wat is it wêzen dat moarns op fjouwer skonken, middeis op twa skonken en jûns op trije skonken rint?" As men dêr it goede antwurd net op jaan kin — en net ien kin dat — slacht de sfinks jin dea. Oidipoes, lykwols, anderet: "De minske" (dy't as pjut op hannen en knibbels omkrûpt, as folwoeksene rjochtop rint en op hege jierren mei in gongelstôk giet). Dêrop smyt de ûntstelde sfinks harsels yn it ravyn, en is Tebe derfan ferlost. Oidipoes syn beleanning foar it ferdriuwen fan it meunster is it keningskip oer de stêd, en it houlik mei keninginne Jokaste, de widdo fan 'e foarrige kening. En sa trout Oidipoes dus mei syn eigen mem en is de profesije hielendal wierheid wurden, sûnder dat lykfolwa it wit.
It toanielstik
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kening Oidipoes iepenet jierren letter, as Oidipoes en Jokaste al withoelang troud binne. As der in pestepidemy oer Tebe komt, lit Oidipoes it orakel fan Delfi wer om rie freegje. De útspraak fan it orakel is dat de sykte feroarsake wurdt troch religieuze besmoarging, mei't de moardner fan 'e eardere kening Lajos nea pakt is. As dy deade of út 'e stêd ferballe wurdt, sil de epidemy oergean. As Oidipoes dat heart, jout er befel dat in elk dy't wat oer de moardner wit, nei foarren komme moat. As nimmen him oppenearret, wurdt de bline sjenner Teirésias derby helle. Dy wol earst ek neat sizze, mar as er ûnder druk set wurdt, wiist er einlings Oidipoes sels as moardner oan.
Oidipoes rekket alhiel breinroer, mar Jokaste bêdet him del troch te sizzen dat de sjenner wol mis wêze moat, want neffens de profesije soe Lajos troch syn eigen soan fermoarde wurde, mar ynstee is er troch rôvers deade by de trijesprong. Datlêste detail makket lykwols dat Oidipoes foar it earst aan kriget fan wat der oan 'e hân is. Sadwaande lit er de iene oerlibjende feint helje. Underwilens komt der in boadskipper út Korinte oan mei it berjocht dat kening Pólubos stoarn is. Oidipoes is dêr bliid mei, want as Pólubos syn heit àl wie, sa't er noch altiten hopet, dan kin de foarsizzing net mear útkomme. De boargers fan Korinte wolle Oidipoes no as kening hawwe, mar Oidipoes sjocht der tsjinoan om werom, mei't syn mem (hy bedoelt Méropê) noch yn libben is, en hy him derfan bewissigje wol dat it twadde diel fan 'e profesije likemin wierheid wurde sil. De boadskipper, dy't de kening graach gerêststelle wol, seit dat er dêr net oer yn hoecht te sitten. Dan docht bliken dat de boadskipper foarhinne in hoeder wie, dy't jierren en jierren lyn in jonkje meinaam nei Korinte en dêr eigenhandich oan keninginne Méropê joech. De poppe, sa seit er, wie him oerjûn troch in feint fan kening Lajos fan Tebe. As Oidipoes dan freget wa't dy feint wie, komt oan it ljocht dat it deseldichste man is dy't ek tsjûge wie fan 'e dea fan kening Lajos, en dy't al troch Oidipoes ûntbean is.
Jokaste, dy't no sa njonkelytsen wol foar 't ferstân hat wêr't de ein fêstsit, smeket Oidipoes om op te hâlden mei syn gegraaf nei de wierheid, mar Oidipoes is wisberet en ûntdek hoe't alles persiis sit. Dêrop naait Jokaste út, it paleis yn. As de feint einlik foar de kening brocht wurdt, fersiket er Oidipoes mei ynmoed om him ûnbefrege gean te litten, mar de kening wegeret. Pas as er mei foltering en terjochtstelling bedrige wurdt, fertelt de feint dat hy Oidipoes eigenhandich oan 'e Korintyske hoeder jûn hat, en dat Oidipoes dejinge is dy't kening Lajos deadien hat. Sa is einlings en te'n lêsten foar in elk dúdlik dat de profesije fan it orakel yndie útkommen is en dat Oidipoes syn eigen heit fermoarde hat en mei syn eigen mem troud is.
Dan ferflokt Oidipoes himsels. Hy giet it paleis yn en ûntdekt dat Jokaste dêr de hân oan harsels slein hat troch yn it tou te gean. Mei in spang fan har jûpe stekt er dan himsels de eagen út. Hy beskriemt syn lot en smeket syn sweager Kreoon om him it lân út te bringen, dat er him weromlûke kin ta in klúznersbestean yn 'e bergen. Mar Kreoon wegeret, en seit dat er earst it orakel rieplachtsje wol. Eltsenien giet wer yn it paleis. Op in fierders leech poadium werhellet it koar dan de Grykske siswize dat gjin man himsels lokkich priizgje moat ear't er dea is. Dêrmei einiget Kening Oidipoes.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste Fryske oersetting fan Kening Oidipoes ferskynde yn 1923 ûnder de titel Kening Oidipous: Treurspil fen Sophokles, by Brandenburgh, Boschma & Co. te Snits. Dy fertaling wie makke troch jhr. mr. T.A.M.A. van Humalda van Eysinga, en earder ôfprinte yn it tydskrift It Heitelân. Yn 1991 kaam yn ien bân mei twa oare toanielstikken fan Sofoklês (Filoktêtês en Oidipoes yn Kolonos) in nije oersetting fan Klaas Bruinsma út, ûnder de titel Sofoklês: Trije Trageedzjes. Bruinsma liet it boek yn eigen behear yn in beheinde oplaach fan twahûndert eksimplaren útjaan by Utjouwerij Van der Eems te Easterein. Yn 1993 waard oan him foar syn oersetting Sofoklês: Trije Trageedzjes de dr. Obe Postmapriis takend.
Yn syn ynlieding by Sofoklês: Trije Trageedzjes giet Bruinsma yn op 'e eardere fertaling fan Van Eysinga, wêryn't it oarspronklike metrum fan Sofoklês beholden is. Dat betsjut dat der yn eltse regel seis jamben steane (oftewol seis fersfuotten fan elkmis ien beklamme en ien ûnbeklamme wurdlid). Om't it Frysk blykber oer koartere wurden beskikt as it Aldgryksk, moast de oarspronklike tekst dêrfoar "oprutsen" wurde, wat Van Eysinga op in fernimstige wize die. Bruinsma neamt it "wis in knap stik wurk", mar hy seit ek dat de tekst fan Van Eysinga him sa net te spyljen liket. Sels hat er fiif jamben yn eltse regel oanholden, in foarm dy't ek bekend is fan Shakespeare.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side. |
de oerlevere toanielstikken fan Sofoklês | |
---|---|
Aias | Elektra | Filoktêtês | De Froulju fan Trakhis | de Tebaanske Trilogy (Kening Oidipoes • Oidipoes yn Kolonos • Antígoné) |