Springe nei ynhâld

Kreambêd

Ut Wikipedy
In mem mei har nijberne poppe.

It kreambêd (Latyn: puerperium of postpartum) is de gebrûklike beneaming foar in perioade fan acht dagen dy't in frou in nei de befalling (partus) rêstend trochbringe moat. Hjirby jildt de deis fan 'e befalling as de earste fan 'e acht dagen. De beneaming komt fan 'kream', in âld wurd foar "befalling", en 'bêd', dat oantsjut dat it om in rêsttiid giet. Yn dizze perioade fine der yn it lichem fan 'e kreamfrou feroarings plak fan in sitewaasje fan swierwêzen nei in normale tastân. De measten fan dy feroarings betreffe de búkspieren en de weefsels fan it bertekanaal en it limoer.

Men kin de kreambêdtiid thús trochbringe, yn it sikehûs of foar in diel yn it sikehûs en foar in diel thús. Ek besteane der saneamde kreamhotels foar kreamfroulju dy't gjin medyske needsaak hawwe om yn it sikehûs te bliuwen, mar bygelyks thús nimmen hawwe om harren te fersoargjen. Wa't der wol foar kiest om dizze perioade thús troch te bringen, kin op fêste tiden besiken fan 'e kreamfersoarchster regelje. Yn in kreamhotel en yn 'e thússitewaasje fynt medyske begelieding plak troch de ferloskundige, wylst yn it sikehûs in gynekolooch bystien troch ferpleechkundigen dêrfoar ferantwurdlik is.

Yn it ferline kamen in protte froulju yn it kreambêd te ferstjerren troch komplikaasjes dy't se by de befalling oprûn hiene. Sadwaande waard yn earder tiden it kreambêd foar froulju wol ferlike mei wat oarloch foar manlju wie. Sels tsjintwurdich noch komme elts jier wrâldwiid likernôch 500.000 froulju yn it kreambêd te ferstjerren, reitsje 7 miljoen froulju troch in befalling oanhelle mei earnstige, duorjende sûnensswierrichheden, en hat in befalling foar 50 miljoen froulju in sûnensnegative ynfloed. Fierwei it grutste part fan dy gefallen docht him foar yn ûntwikkelingslannen. Spesifike gefaarlike komplikaasjes op dit mêd binne obstruksje by de befalling, post-partumblieding, eklampsy en post-partumynfeksje.

Sadwaande is it fan grut belang dat de kreamfrou ek nei de befalling goede medyske begelieding kriget. De wichtichste medyske kontrôles foar froulju op it kreambêd binne: it opnimmen fan 'e temperatuer, it kontrolearjen op floeiïng en bloedklûnten, it yn 'e rekken hâlden fan it krimpen fan it limoer, en it kontrolearjen en ferwiderjen fan eventuële hechtings en bloeddrukmjittings. Dat lêste is fral fan belang foar kreamfroulju dy't in Hellp-syndroom op pre-eklampsy trochmakke hawwe. Dêrnjonken wurdt ek begelieding jûn by de earste boarstfieding en wurdt by de poppe de temperatuer en it pisjen en ûntlêstjen goed yn 'e rekken holden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.