Springe nei ynhâld

Krito fan Alopeke

Ut Wikipedy
Krito fan Alopeke
Krito fan Alopeke (fjirde f. lofts) docht syn krekt ferstoarne freon Sokrates de eagen ticht. (In wurk fan 'e achttjinde-iuwske Italjaanske byldhouwer Antonio Canova).
Krito fan Alopeke (fjirde f. lofts) docht syn krekt ferstoarne freon Sokrates de eagen ticht. (In wurk fan 'e achttjinde-iuwske Italjaanske byldhouwer Antonio Canova).
persoanlike bysûnderheden
echte namme Krito
nasjonaliteit Ateensk
berne ±469 f.Kr.
berteplak Atene (Atene)
stoarn begjin fjirde iuw f.Kr.
stjerplak Atene (Atene)
etnisiteit Gryksk
wurkpaad
berop/amt keapman
aktyf as filosoof (?)
reden
  bekendheid
neamd yn it wurk fan Plato
   as freon fan Sokrates

Krito, om betizing mei oare lju mei deselde namme tsjin te gean faak Krito fan Alopeke neamd (Aldgryksk: Κρίτων Άλωπεκῆθεν, Kríton Alōpekēthen; Atene, ±469 f.Kr. – dêre, begjin fjirde iuw f.Kr.) wie in Ateensk keapman út 'e Klassike Aldheid, dy't ferskate kearen neamd wurdt yn it wurk fan 'e ferneamde skriuwers Plato en Ksenofon as in trouwe en libbenslange freon fan harren learmaster Sokrates. Hoewol't in lettere tradysje Krito sels ek as filosoof beskôge, wurdt er troch de moderne wittenskip oer it algemien net as sadanich sjoen, mar mear as immen dy't troch syn freonskip mei Sokrates by it fermidden fan filosofen belutsen rekke.

Krito waard om 469 f.Kr. berne yn 'e deme Alopeke, in doarp of útbuorren bûten de stedsmuorren fan Atene, wêrfan't de ynwenners lykwols as stedsjers fan Atene gouwen. Fan jongs ôf oan wied er befreone mei Sokrates, dy't ek út Alopeke kaam, en dy't likernôch fan deselde jierren wie as hy. Sawol yn Plato syn Euthydemus as yn Ksenofon syn Memorabilia wurdt Krito foarsteld as in rike keapman, dy't syn fortún makke hie mei de hannel yn lânbouprodukten. Histoarisy spekulearje dat dy hannel yn Alopeke plakfûn, en dat Krito mooglik fruchten en grienten of sels slachtfee fan 'e boeren dêr yn 'e omkriten opkocht om dy yn Atene sels te ferkeapjen oan 'e ynwenners fan 'e stêd.

It liket derop dat Krito troud wie mei in frou dy't út in foaroansteand aristokratysk skaai kaam. Hy hie teminsten twa soannen, wêrfan't de âldste Kritobûlos (ek wol werjûn as Kritobolus) hiet en de jongste Archestratus (dy't him letter ta in súksesfol generaal ûntjoech). Hoewol't Krito syn stjerjier net oerlevere is, bewiist syn yn ferskate boarnen neamde dielname oan 'e foarfallen om 'e berjochting en deastraf fan Sokrates hinne, yn 399 f.Kr., dat er oant yn 'e iere fjirde iuw f.Kr. libbe hawwe moat.

Apokrife wederwarichheden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De skiedkundige Diogenes Laertius fermelde dat Krito sels ek in filosoof wie, en skreau santjin dialogen oan him ta. Hy neamde ek trije fierdere soannen, Hermogenes, Epigenes en Ktesippus, dy't út gjin inkele oare boarne bekend binne. Om't it sjenre fan 'e sokratyske literatuer pas ta ûntwikkeling kaam doe't Krito frijwol wis al ferstoarn west hawwe moat, behannelet de moderne wittenskip dit ferhaal ornaris as apokryf, itsij as alhiel út 'e tomme sûgd, itsij as in betizing mei in oare auteur. Ek is men skeptysk oer Krito syn status as filosoof, en is men, Plato syn protret fan Krito as in pragmatysk tinker yn acht nommen, fan betinken dat it folle wierskynliker is dat Krito inkeld in belangstellend taharker wie dy't fanwegen syn freonskipsbân mei Sokrates by filosofyske fermiddens belutsen rekke. In oar ferhaal dat troch Diogenes Laertius oerlevere waard, is de tradysje dat Krito Faido fan Elis, dy't him letter ta in grut filosoof ûntwikkele, frijkocht hie út slavernij.

Krito yn 'e Aldgrykske literatuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Krito wurdt troch Plato wiidweidich beskreaun yn 'e Euthydemus, de Phaedo en de nei him ferneamde Crito. Ek wurdt er neamd yn 'e Apologia. Yn it wurk fan Ksenofon dûkt er op yn 'e Memorabilia en it Symposium. Behalven dat er brûkt waard as ien fan 'e sprekkers yn ferskate dialogen, jout benammen de Phaedo ek in beskriuwing fan Krito syn krewearjen om syn freon Sokrates de deastraf te besparjen. Neffens Plato bea Krito de rjochters earst oan om út eigen bûse in swiere boete te foldwaan yn it stee fan Sokrates syn terjochtstelling. Dêrnei stied er der boarch foar dat Sokrates net besykje soe en ûntkom út it tichthûs, troch datoangeande foar de rjochters oer in eed ôf te lizzen. Likegoed besocht er neitiid Sokrates te oertsjûgjen om dochs út te piken, en bea er him sels beskûl oan by freonen fan sines yn Tessaalje. Doe't Sokrates dêr neat fan witte woe, tsjinne Krito him yn syn lêste oeren as liiffeint en wie hy de lêste persoan mei wa't de âlde filosoof spriek.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.