Springe nei ynhâld

Kruser

Ut Wikipedy
De USS Port Royal, in lichte kruser fan 'e Ticonderoga-klasse fan 'e Amerikaanske Marine.

In kruser is in type oarlochsskip fan ferskate omskriuwings. De term is al iuwenlang yn gebrûk en hat yn dy tiid ferskillende betsjuttings hân. Oarspronklik, yn 'e tiid fan 'e sylskippen, waard de term 'krusen' brûkt om nei ferskate soarten misjes te ferwizen: militêre ferkenning op see, it eskortearjen fan konfoaien keapfardijskippen of it útfieren fan lytsskalige oerfallen op fijannige skippen en eventueel fijannich gebiet op lân. Sokke funksjes waarden ferfolle troch fregatten of sloepen, dat de 'krússkippen' fan in float wiene.

Yn 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw kaam de oantsjutting 'kruser' yn gebrûk foar in klasse fan oarlochsskippen dy't spesifyk boud wiene om 'e funksjes fan 'e eardere 'krússkippen' te ferfoljen. Dy krusers rûnen kwa grutte sterk útinoar, fan it middelgrutte pânserdekskip oant de pânserkruser, dy't hast like grut (mar net sa krêftich of swier bepânsere) wie as in slachskip. Doe't oan 'e foarjûn fan 'e Earste Wrâldoarloch it moderne slachskip syn yntree die, ûntwikkele de pânserkruser him ta in skip fan ferlykbere grutte dat de slachkruser kaam te hjitten. Sokke slachkrusers waarden yn 'e mande mei slachskippen klassifisearre as kapitale skippen.

De Jeanne d'Arc, in kruser fan 'e Frânske Marine, te wetter litten yn 1961, ôftanke yn 2010.

Tsjin it begjin fan it Ynterbellum wiene út 'e eardere pânserdekskippen twa skipstypes fuortkommen, de lytsere, lichter bewapene en lichter bepânsere lichte kruser en de gruttere, swierer bewapene en swierder bepânsere swiere kruser. Dy skippen sieten kwa grutte allebeide tusken de slachkruser en de torpedoboatjager yn. Yn it Marineferdrach fan Washington, út 1922, waarden formele beheinings oplein oan 'e grutte en bewapening fan swiere en lichte krusers, mar oan 'e foarjûn fan 'e Twadde Wrâldoarloch boude nazy-Dútslân trije swiere krusers fan 'e Deutschland-klasse dy't folle swierder bewapene wiene en dêr in stik faasje en manûvrearberheid foar opjoegen; yn 'e Ingelsktalige parse fan dy tiid waarden dy skippen wol oantsjut as 'minyslachskippen'. Yn deselde tiid bouden de Feriene Steaten skippen fan 'e Alaska-klasse, dat fergrutte swiere krusers wiene dy't offisjeel oantsjut waarden as 'kruserjagers'.

Doe't koart nei de Twadde Wrâldoarloch it slachskip ferdwûn om't it troch oanhâldende modernisearring fan 'e oarloch op see alhiel efterhelle rekke wie, bleau de kruser oer as it grutste oerflaktemarineskip nei it fleandekskip. De rol fan 'e kruser rûn yn 'e marines fan ferskillende lannen útinoar, mar hie gauris te krijen mei terreinen as loftferdigening en it útfieren fan kustbombardeminten. Under de Kâlde Oarloch beskikte de Reade Marine fan 'e Sovjet-Uny oer swiere krusers tarist mei anty-skipsraketten, dy't ûntwurpen wiene om 'e fleandekskippen fan 'e NATO ta sinken te bringen troch fersêdingsoanfallen. De Amerikaanske Marine boude ûnderwilens krusers tarist mei stjoerde-raketsystemen op rompen fan torpedoboatjagers. Sokke skippen waarden foarôfgeande oan 'e reklassifikaasje fan 1975 wol torpedoboatjagerlieders of fregatten neamd, en wiene der primêr op rjochte om foar loftferdigening te soargjen, hoewol't se beskikten oer beskate anty-dûkboatfermogens.

Tsjin 'e ein fan 'e Kâlde Oarloch wiene de skiedlinen tusken krusers en torpedoboatjagers ferdizene rekke. Sa hiene de Amerikaanske krusers fan 'e Ticonderoga-klasse deselde romp as de torpedoboatjagers fan 'e Spruance-klasse, mar waarden se dochs oantsjut as krusers fanwegen harren gruttere misjeberik en bewapening. Oan 'e oare kant binne de nijste torpedoboatjagers fan 'e Amerikaanske Marine, de skippen fan 'e Arleigh Burke-klasse en de Zumwalt-klasse, eins swierder bewapene as guon fan 'e krusers dy't se ferfange. Anno 2019 binne der noch mar trije lannen op 'e wrâld dy't krusers yn aktive tsjinst hawwe: de Feriene Steaten (22), Ruslân (3) en Perû (1).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.