Lieuwe Hornstra
Lieuwe Hornstra (Rotterdam, 2 febrewaris 1908 - Leien , 25 augustus 1990) wie in medikus yn Bakhuzen en letter Frisiast.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hornstra wie al jong maatskiplik en polityk aktyf en lid fan de blauwe (hielûnthâlder) en reade jeugdbeweging. Hy studearre genêskunde, psychology en filosofy yn Leien, Amsterdam en Grins. Yn 1951 promovearre hy op een dissertaasje mei as titel: De mens in de organisatie van de arbeid. Earst hat hy inkele jierren as bedriuwspsycholooch wurke by de KLM, letter hy hy in praktyk as psycho-analytikus yn De Haach en Wassenaar.
Mei syn frou, de balletdûnseres Johanna Verwer, ferhuze Hornstra yn 1968 nei Bakhuzen yn Gaasterlân. Yn koarte tiid makke hy him it Frysk eigen en waard hy aktyf yn literêre en politike fermiddens yn Fryslân. Sa wie hy lid fan de gemeenteried fan Gaasterlân foar de FNP sûnt 1974.
Hy publisearre polityk-psychologyske beskôgings fanút marksistysk stânpunt en skreau yn it Fryske literêre tydskrift Alternatyf. Hornstra hat it sjenre fan de Japanske haikû mei har foarskreaune foarm en ynhâld (natoerpoëzij dêr't de ynfloed fan de seizoenen in grutte rol by spilet) omtinken jûn yn de Fryske poëzij. Yn 1983, Hornstra wie doe 75 jier, helle hy oan de Ryksuniversiteit fan Grins syn doktoraal Frysk.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Proaza
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ljippeblommen (1974)
- Sniejacht (ferhalen, 1976)
Poëzij
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fersen (1975)
- De guozzen fleane (1977)
- Haikû (gelegenheidsbondel, 1978)
- Lieuwe 75 (1983)
- Ald en nij (samle fersen, 1988)
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Het innerlijk gezicht - de vervreemding als maatschappelijk en psychisch verschijnsel ( 1974 )
- Brieven aan Elizabeth (Oer Jezus en it Godsryk, 1985)
- It symbolisme yn West-Europa (1987)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Nederlânsk dokter
- Nederlânsk psycholooch
- Nederlânsk politikus
- Nederlânsk bestjoerder
- Nederlânsk publisist
- Nederlânsk kollumnist
- Nederlânsk dichter
- Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer
- Nederlânsk romanskriuwer
- Frysk dokter
- Frysk psycholooch
- Frysk politikus
- FNP-politikus
- Frisiast
- Frysk nasjonalist
- Frysk bestjoerder
- Frysk publisist
- Frysk kollumnist
- Frysk dichter
- Frysk koarte-ferhaleskriuwer
- Frysk romanskriuwer
- Skriuwer yn it Frysk
- Frysk persoan fan Nederlânsk komôf
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn 1908
- Persoan stoarn yn 1990