Lippenwâlde
Appearance
Lippenwâlde is in buorskip dy't yn de himrik fan De Hommerts leit. Hy leit besuden De Hommerts yn de gemeente Súdwest-Fryslân.
De namme komt foar as Lippenwoude, Hlottingen wolde en Lwttingen wald. It earste stik fan de namme ferwiist nei in famyljenamme Lottinga, letter Lippinga.
Yn Lippenwâlde stoarte op 5 maaie 1943, yn de Twadde Wrâldoarloch in Britske Stirling del. De bommesmiter wie troch in nachtjager delsketten. De acht bemanningsleden kamen allegear om en lizze begroeven op it Earehof Ypekolsgea yn Ypekolsgea.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|