Lisette Lewin
Lisette Lewin | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 14 augustus 1939 | |
berteplak | De Haach | |
stoarn | 27 augustus 2024 (85 jier) | |
stjerplak | Amsterdam | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk |
Lisette Lewin (De Haach, 14 augustus 1939 – Amsterdam, 27 augustus 2024) wie in Nederlânske skriuwster en sjoernaliste.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Joadske Lewin en har heit oerlibben de oarloch op ferslate ûnderdûkadressen; har mem waard yn in Dútsk konsintraasjekamp fergast. [1] Nei de oarloch wenne de famylje Lewin in pear jier yn Yndonezië.
Yn it earstoan wie hja foaral wurksum as sjoernaliste, ûnder oare troch har reisreportaazjes. Sy publisearre ûnder oaren yn De Volkskrant en Vrij Nederland. [2] Letter skreau se benammen romans.
Yn 1983 publisearre se it boek Het clandestiene boek 1940-1945 wêryn't se boeken ynventarisearre dy't yllegaal útjûn wiene yn de Twadde Wrâldoarloch. Lewin skreau oer har ûnderfinings yn de oarloch yn har debútroman Voor bijna alles bang geweest (1989). Mei dat boek wûn hja de Gouden Ezelsoor yn 1990, de priis foar it bêst ferkeapjende literêre debút.
Oare boeken dy't se skreau binne de oarlochsroman Een hart van prikkeldraad (1992), Vorig jaar in Jeruzalem, in ferslach fan har reis nei Israel, en in ferslach fan har eigen syktocht nei har Joadske identiteit. Hoewol't har Joadske identiteit en it oarlochsferhaal fan har famylje in promininte rol spilen yn har boeken, woe Lewin net allinne sjoen wurde as in slachtoffer fan de Twadde Wrâldoarloch. [3]
Lewin ferstoar yn augustus 2024 yn de âlderdom fan 85 jier. [4]
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boeken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Het clandestiene boek 1940-1945 (1983)
- Van Gorkistraat naar Beer-Sheva (1985)
- Voor bijna alles bang geweest (1989)
- Een hart van prikkeldraad (1992)
- Vorig jaar in Jeruzalem (1996)
- Herfstreis naar Dantzig (1997)
- Verliezers op zee (1999)
- Schommelingen van het hart (2005)
- De verloren savanne (2008)
- Bach onder de palmen (2012)
Artikelen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- in soad sjoernalistike bydragen oan kranten
- "Collaboratie en verzet 1940-1945", yn: 't Is vol van schatten hier (1986)
- "'Het leven was heerlijk': Djakarta in de konfrontasi", yn: Indische Letteren, 25 (2010)
Sekundêre literatuur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Gerrit Jan van Bork: Schrijvers en dichters (2003-)
- Venema, Adriaan: haadstik "Het tweede oorlogsjaar", yn: Schrijvers, uitgevers & hun collaboratie, diel 4: Uitgevers en boekhandelaren (De Arbeiderspers, Amsterdam, 1992)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Lisette Lewin, DBNL
- Het Marathoninterview, Jan Haasbroek ynterviewt Lisette Lewin, VPRO, 21 july 1995
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|