Springe nei ynhâld

Maartje Wortel

Ut Wikipedy
Maartje Wortel
skriuwer
Maartje Wortel - Feest der Letteren 2016
Maartje Wortel - Feest der Letteren 2016
persoanlike bysûnderheden
echte namme William Shakespeare
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 26 oktober 1982
berteplak Eemnes
etnisiteit Nederlânsk
wurk
taal Nederlânsk
sjenre roman, koart ferhaal
prizen Write Now! 2007, Anton Wachterpriis 2010, Nij Proaza Priis Fenlo 2010, Gouden Nasjonale Twittergala Cup 2012
offisjele webside
http://maartjewortel.nl/
Dbnl-profyl

Maartje Wortel (Eemnes, 26 oktober 1982) is in Nederlânsk skriuwster.

Nei de middelbere skoalle 'Laar en Berg' yn Laren besocht se in skoft de Akademy foar Sjoernalistyk yn Tilburg.[1] It jier dêrnei folge se de oplieding Byld & Taal oan de Gerrit Rietveld Akademy yn Amsterdam.

Wortel publisearre koarte ferhalen yn de literêre tydskriften Passionate Magazine, De Brakke Hond en De Gids. Haar collumns verschenen in NRC Next en Trouw. Maartje Wortel debutearre yn 2009 mei de ferhalebondel Dit is jouw huis by De Bezige Bij.
Yn 2011 ferskynde har earste roman Half Mens, wêrfoar't se nominearre waard foar de BNG Nije Literatuerpriis. Half mens giet oer in Amerikaanske taksysjauffeur dy't in Nederlânsk famke oanrydt. Inspiraasje foar it boek helle se út in artikel oer de psychyske steurnis BIID (Body Integrity Identity Disorder). Yn 2014 ferskynde, ek by de Bezige Bij, IJstijd dy't goed ûntfongen waard.

Yn 2015 kaam by de krekt oprjochte útjouwerij Das Mag de ferhalebondel Er moet iets gebeuren út. Der folgen njonken goede resinsjes ek nominaasjes foar de Fintro Literatuerpriis en de ECI Literatuerpriis.

Yn it boek De groef - wandeling (2021) beskriuwt se hoe't se fiif jier lang alle dagen kuiers makke troch it Oosterpark (Amsterdam) mei har goede freondinne Niña Weijers.

Fan jannewaris 2024 ôf bringt Orkater Wortels toanielstik Ground Floor op de planken, ûnder rezjy fan Suze Milius en mei muzyk fan Annelinde Bruijs.

Maartje Wortel is de dochter van lytskeunstener Gerard Wortel. Se wennet yn de Yndyske Buert yn Amsterdam-East. Se is leafhawwer fan De avonden fan Gerard Reve en it oeuvre fan Jan Wolkers. Se hat sympaty foar Extinction Rebellion en die mei oan de A 12-blokkade. Yn 2020 hie Wortel in relaasje mei Georgina Verbaan. Yn 2024 hat se al in pear jier in relaasje mei Nederlânske eardere top-swimster Femke Heemskerk.

  • Camping (2024)
  • De groef (2021)
  • Dennie is een star (2019)
  • Goudvissen en beton (2016)
  • Er moet iets gebeuren (2015)
  • IJstijd (2014)
  • Half mens - roman (2011)
  • Dit is jouw huis - ferhalebondel (2009)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Gooi- en Eemlander, sneon 4 april 2015, s. 19
  2. Nieuwe Proza Prijs Venlo 2010
  3. Website Maartje Wortel