Monisme (filosofy)
Appearance
Monisme (fan it Grykske μόνος, monos, "ien") is de filosofyske lear dat der mar ien fan eat bestiet. It wurdt benammen brûkt yn 'e godstsjinstfilosofy en de ontology, en waard yntrodusearre troch de Dútske filosoof Christian Wolff (1679-1754). Der binne ferskillende soarten monisme.
- Prioritêr monisme wol hawwe dat alle besteande dingen fuortkomme út in boarne dy't selsstannich fan harren bestiet. Sa leart it neoplatonisme dat alles fuorkomt út it Iene. Neffens sok monisme is der mar ien ding dat ontologysk de basis foarmet fan al it oare.
- Eksistinsjeel monisme hâldt út dat der eins mar ien ding bestiet, te witten it hielal, dat inkeld op keunstmjittige en arbitrêre wize opdield wurde kin yn withoefolle oare dingen.
- Substansjeel monisme leart dat it grutte ferskaat oan besteande dingen ferklearre wurde kin trochdat se mei-inoar ien inkele reäliteit of substânsje foarmje. Mei oar wurden: der bestiet mar ien soarte guod dêr't in protte oare dingen út opboud wurde kinne.
- Twa-aspektemonisme wol hawwe dat it geastlike en it fysike twa aspekten binne fan, of perspektiven op, deselde substânsje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |