Springe nei ynhâld

Moskeftigen

Ut Wikipedy
Moskeftigen
Spaanske mosk (Passer hispanoliensis).
Spaanske mosk (Passer hispanoliensis).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
klasse: fûgels (Aves)
boppeskift: nije fûgels (Neoaves)
skift: moskeftigen (Passeriformes)
Linnaeus, 1758

De moskeftigen (Passeriformes) foarmje fierwei it grutste skift fan de fûgels (Aves). Yn dit skift hawwe sa'n 60% fan alle no-libbene fûgelsoarten in plak. De moskeftigen binne nei alle gedachten it jongste skift fan de fûgels en komme út it Oligoseen of faaks it Eoseen.

De klassifikaasje fan de moskeftigen is noch in saak fan yngeand ûndersiik en diskusje. De ûnderferdieling in "ûnderskiften", "tuskenskiften", "boppefamyljes" en sa hjirûnder is inkeld yndikatyf. Fan de folle hûnderten famyljes wurdt hjir mar in part nêamd, wêrûnder wol alle famyljes dy't yn Jeropa foarkomme.

Klasse fûgels (Aves)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]