Springe nei ynhâld

Mustafar

Ut Wikipedy
Mustafar sa't de planeet te sjen is yn Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005).

Mustafar (útspr.: [ˈmʊstəfɑːɹ], likernôch: "mûs-tuh-faar") is in fiktive planeet út 'e Star Wars-franchise, dy't yntrodusearre waard yn 'e film Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005), it lêste diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy. Mustafar makket diel út fan it planetestelsel mei deselde namme, yn 'e sektor Atravis fan 'e Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel. It wie oarspronklik in wrâld mei in myld klimaat, in wielderige plantegroei en in grut bioferskaat. Neffens de leginden (lykas út 'e doeken dien yn it fideospultsje Vader Immortal) feroare dat doe't de baan fan Mustafar om syn stjer ferskode as gefolch fan 'e útbarsting fan enerzjy dy't it resultaat wie fan it gebrûk fan in Ljochtsjende-Stjer-artefakt troch in frouwe Corvax, doe't hja har ferstoarne man wer ta libben besocht te wekjen. De resultearjende swiertekrêftsstriid om 'e planeet tusken de gasreuzen Jestefad en Lefrani ferhjitte de planeetkearn, sadat de wielderige wrâld omfoarme waard ta in fulkanyske hel. De Mustafaranen, in lânseigen lidpoatich ras fan bûtenierdske wêzens, evoluëarre neitiid ta twa ûnderskate ûndersoarten, dy't gearwurken om har oan 'e nije sitewaasje oan te passen en te oerlibjen.

Mustafar waard likernôch trijehûndert jier foar it útbrekken fan 'e Kloane-oarloggen oankocht troch de Techno Uny, dy't mynbou bedreau yn 'e lavastreamen om dêr unike en seldsume mineralen út te heljen. Op 'e wrâld wie ek it haadkertier fêstige fan 'e Swarte Sinne, in ynfloedryk misdiesyndikaat. Yn 'e Kloane-oarloggen keazen de Mustafaranen de kant fan 'e separatistyske Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels. De separatisten brûkten de planeet foar de bou fan nije fabriken, dy't oarlochsandroïden produsearren.

Yn Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith wurde de politike lieders fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels, ûnder wa Nute Gunray, de ûnderkening fan 'e Hannelsfederaasje, en Poggle de Mindere, de aartshartoch fan Geonosis, foar har eigen feilichheid nei Mustafar oerbrocht. Tsjin dy tiid rinne de Kloane-oarloggen op har ein en hawwe de separatisten krekt in slimmen nederlaach lit by in domdryste wraam op Coruscant, de sit fan it regear fan 'e Galaktyske Republyk. Nei't kânselier Palpatine, dy't eins de boasaardige Sith-master Darth Sidious is, by in steatsgreep de Republyk ûnder fuotten hellet en ferfangt troch in Galaktysk Keizerryk mei himsels oan it haad as autokratysk regearjend keizer, stjoert er syn nije hantlanger, Darth Vader, nei Mustafar om mei de separatistyske lieders ôf te weven. Palpatine is sels feranwurdlik foar de oprjochting fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels, mei't er ferlet hie fan 'e gaos en it trelit fan 'e oarloch om himsels almar mear macht ta te eigenjen, mar no't er syn doel berikt hat, kin er de separatisten net mear brûke. Vader kringt harren ferbliuw binnen en slachtet harren allegearre ôf mei de ljochtsabel.

Neitiid arrivearret senator Padmé Amidala fan Naboo op Mustafar, dy't yn ferwachting is fan 'e twillingbern fan Anakin Skywalker, de Jedi dy't troch syn fal ta kwea ferwurden is ta Darth Vader. Hja besiket Vader om 'e nocht oer te heljen nei de ljochte kant fan de Krêft. Vader syn âlde mentor, de Jedi Obi-Wan Kenobi, bynt dan de striid mei him oan en ferslacht him yn in duël mei de ljochtsabel. Hy lit Vader foar dea efter oan 'e igge fan in lavastream, dêr't Palpatine syn hantlanger letter weromfynt en ûntdekt dat er noch libbet. Hy lit Vader omfoarmje ta in cyborg en brûkt de foarfallen op Mustafar om him noch steviger ûnder de tomme te krijen.

Yn Rogue One: A Star Wars Story (2016) docht bliken dat Vader neitiid in eigen haadkertier op Mustafar boud hat, Fort Vader, dêr't er in moeting hat mei Orson Krennic, de direkteur fan it Keizerlik wapenprogramma. Mustafar komt ek ferskate kearen koart foar yn 'e tekenfilmsearjes Star Wars: The Clone Wars (2008-2014 en 2020) en Star Wars: Rebels (2014-2018). Yn 'e film Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019), dy't mear as tritich jier nei Rogue One spilet, siket Kylo Ren, de pakesizzer fan Vader, in Sith-artefakt op yn 'e ruïnes fan Fort Vader, hoewol't dy setting yn 'e film net eksplisyt as sadanich beneamd wurdt.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

planeten út Star Wars
Ahch-To • Alderaan • Bespin • Cantonica • Cereä • Champala • Christophsis • Corellia • Coruscant • Crait • Dagobah • Dathomir • Dorin • D'Qar • Eadu • Endor • Exegol • Geonosis • Glee Anselm • Hoth • Iktotch • Iktotchon • Iridonia • Jakku • Jedha • Kalee • Kamino • Kashyyyk • Kef Bir • Kessel • Kijimi • Lah'mu • Lannik • Malastare • Mandalore • Mimban • Mirial • Mon Cala • Mustafar • Naboo • Nal Hutta • Nar Shaddaa • Neimoïdia • Pasaana • Quermia • Ryloth • Savareen • Scarif • Shili • Takodana • Tana • Tatooine • Thisspias • Tholoth • Toydaria • Utapau • Vandor • Yavin