Nordisk familjebok
Nordisk familjebok ("Noardsk famyljeboek") is in Sweedske ensyklopedy, dy't tusken 1876 en 1957 publisearre waard.
De earste edysje waard yn 20 dielen útbrocht tusken 1876 en 1899 en is bekend wurden as de "Iðunn-edysje" fanwege in ôfbyld fan Iðunn op de omslach. De twadde edysje waard publisearre tusken 1904 en 1926 en hie 38 dielen. It is de meast grutte ensyklopedy dy't yn it Sweedsk ferskynd is. Dy twadde edysje stiet bekend as de Uggleupplagan ("Ule-edysje") fanwege de ûle op de bân. Twa eardere edysjes binne foar 1957 útbrocht. De twa earste edysjes heare no ta it publike domein.
Yn de jierren '90 sette de Universiteit fan Linköping útein mei Projekt Runeberg. Hy woe digitale kopyen fan âlde Skandinavyske boeken ta syn foldwaan hawwe, lykas Projekt Gutenberg dat docht foar Ingelsktalige literatuer. Yn 2001 koe troch OCR ("Optical Character Regognition") in begjin makke wurde mei it scannen fan de 45.000 siden. Wyls binne dy oer it ynternet beskikber.
-
It logo foar de earste edysje (1876-1899) hat in ôbyld fan Iðunn.
-
De ûle-edysje (1904-1926)
Referinsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Foarwurd by de digitale edysje, Lars Aronsson, 2003
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Nordisk familjebok – beide edysjes (45.000 siden) binne op Projekt Runeberg beskikber
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Nordisk familjebok fan Wikimedia Commons. |