Springe nei ynhâld

Nynke de Jong

Ut Wikipedy
Nynke de Jong
Nynke de Jong (2018)
Nynke de Jong (2018)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 16 maart 1985
berteplak Goaiïngea
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt skriuwer, sjoernalist, redakteur

Nynke de Jong (Goaiïngea, 16 maart 1985) is in Nederlânsk sjoernaliste en skriuwster fan Fryske komôf.

De Jong skreau ûnder mear foar de kranten nrc.next en de Ljouwerter Krante en de tydskriften Viva, Red en Santé en ek foar 3FM. Teffens is se ghostwriter/copywriter en hat se twa boeken op har namme brocht. Se is geregeldwei tafeldame yn DWDD en wie te sjen yn Kun je het al zien?. Se skreau ek de telefyzjefilm Lang zal ze leven (2011) en is haadredakteur fan Pedala Magazine. De Jong is kollumniste yn it Algemeen Dagblad en foar de LINDA, Kek Mama en Viva Mama.

Yn 2015 waard hja twadde yn de telefyzjekwis De Slimste Mens. Sûnt april 2017 is se mei Hanneke Hendrix, Alex van der Hulst en Anne Janssens gastfrou (host) fan de podcast Ik ken iemand die. Dizze podcast makket it fjouwertal by podcastnetwurk Dag en Nacht Media. Yn 2018 ferskynden de bêste ferhalen fan de podcast yn boekfoarm. Sûnt jannewaris 2021 is De Jong ien fan de Champions yn it kwisprogramma Beat the Champions dat útstjoerd wurdt troch RTL 4.

De Jong gie nei it Bogerman College yn Snits, studearre Nederlânsk oan Universiteit Utert en wennet mei har man en twa bern yn Zwolle.

  • 2003 - Under fjoer - fêst panellid
  • 2015 – Kun je het al zien? - fêste gast
  • 2015 – De Slimste Mens - kandidaat
  • 2021-no – Beat the Champions - Champion
  • 2022-no – Volg je me nog? (kwis) - teamcaptain

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]