Oerlis:Breednoasapen
sideapen
[boarne bewurkje]Hoi @Aliter, ik tink dat jo it Nederlânske "zijdeapen" oerset hawwe nei "syddeapen". Dan soe it dochs "sideapen" wêze moatte? Ik koe it net fine op Frysker, allinnich dat nl "zijde" yn it Frysk as "kant" as "side" is. Gr. Kneppelfreed (oerlis) 5 jan 2023, 22.07 (CET)
- Ik sil moarn nochris sjen wat ik mei dy oersettings oanmoat. Ik wol net sizze dat it apen oan de sydkant binne, en sa gau kin ik ek net betinke at der eat bysûnders is mei kies mei eat derfoar. It is my de let op de dei. Aliter (oerlis) 5 jan 2023, 22.54 (CET)
- Oergongskiezzen, tink. Dat "syddeapen" wie om't Frysker der sa wis fan wie doe't ik it neisocht. Ik wit net wêrom. Ik soe no sizze dat "sydde" no krekt "sydkant" is. Ik hie it mar efkens litte moatten; ik hie te lang net sliept. Dat, doch mar "side-apen". Aliter (oerlis) 6 jan 2023, 19.55 (CET)
Soartnammen
[boarne bewurkje]@Aliter en Kneppelfreed: Ik haw de ôfrûne dagen besocht in list fan 'e Frysktalige nammen fan alle primatesoarten en byhearrende taksonomyske groepen oan te lizzen, mei't it my taliket dat dêr in skriemend ferlet fan is. Sjoch: Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk/primaten. Ik haw by it ferfryskjen earst nei de Hollânske namme sjoen, en as dy gjin útkomst bea, nei de Ingelske en dan nei de Latynske. Dit wol trouwens net sizze dat hjir fierder mei my net mear oer te praten falt. Guon nammen binne miskien bêst foar ferbettering fetber. Mar it liek my ta dat soks yn elts gefal in handich helpmiddel wêze soe. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 5 jan 2023, 23.29 (CET)
- @Ieneach fan 'e Esk, moai dat jo dat even op in rychje set hawwe. Ik woe al freegje, wêr hawwe jo de nammen wei? Is der earne in list mei bistenammen yn it Frysk? Frysker jout ek net al tefolle. Gr. Kneppelfreed (oerlis) 6 jan 2023, 19.04 (CET)
- Nee, it Wurkferbân beheint him ta planten en bisten dy't hjir ek wier foarkomme. Dy apen sitte allegear op it ferkearde stee. Ieneach fan 'e Esk soe harren lywols in kopy stjoere kinne, dat hja witte wat wy op harren mêd mei dwaande binne. Aliter (oerlis) 6 jan 2023, 19.32 (CET)
Wer ien dy't arguminten yn de gearfetting set
[boarne bewurkje]- Hy/Hja seit: "brulle is neffens Frysker gjin Frysk wurd,"
- Dat sjocht it Wurdboek fan de Fryske taal oars. At wy it strik nimme, dan is it noch "Naam van een apengeslacht, menigvuldig in de bosschen van Zuid-Amerika voorkomende, en aldus genoemd, omdat zij 's nachts met het middelstuk van hun tongbeen, dat de gedaante van eene groote blaas heeft, een vervaarlijk gebrul voortbrengen; Mycetes."
- dêrom "brulapen" --> "baltapen";
- FJF,GJG.
- wêrom soene we "iikhoarnapen" fan it Ing. "squirrel monkeys" dwaan as "deadskopaapkes" fan it Hollânsk "doodshoofdaapjes" sa folle bekender is;
- Om't it op dat stuit net as in namme op himsels stie. En wat seit Frysker fan "doodshoofdaapjes"?
- inkele oare nammen wêrfan't ik net begryp wêr't se weikomme
- Tsja, dêr kin ik net in soad oan feroarje. Is dat it artikel dêr't ik bysette moast dat it alle dagen feroaret?
- feroare nei oersettings út it Ned.;
- FJF, GJG. Ik bin bliid dat der sa'n dúdlike útlis oer it werom by is.
- en de nachtapen binne in fam., net in ûnderfam. oerlis) 5 jan 2023, 22.57 (CET)
- " Is dat it artikel dêr't ik bysette moast dat it alle dagen feroaret?" At it omhoochschood is, of krekt net, dan hienen ja in ferzje fan in oare dei. Ik nim oan dat wy it artikel oer de nachtapen fan jo hân lêze sille. Aliter (oerlis) 7 jan 2023, 22.02 (CET)