Oerlis:Sompe
Appearance
Omneamen
[boarne bewurkje]Goeie @Ieneach fan 'e Esk, wat is de reden foar it omneamen? Faaks haw ik wat mist? Ik fyn sompe frysker as moeras. Gr. Kneppelfreed (oerlis) 7 jul 2023, 18.57 (CEST)
- @Kneppelfreed: Goeie. Frysker yn 'e sin dat it minder op it Nederlânsk liket wol, mar ik fyn it lang sa gongber net as moeras. Ik tink dat der in hiel soad Friezen binne dy't net iens witte wat in sompe is. Wêrom it dan net gewoan moeras neame; dat is ek in geef Frysk wurd en dat ken eltsenien. Ik fermoedzje dat der foar sompe keazen is om't dat fierder fan it Nederlânsk ôf stiet, dus by wize fan ôfsetten tsjin it Nederlânsk. Dêr haw ik net safolle mei. It liek my de baas om it bekendste wurd mar as titel te brûken. En doe haw ik dat ek yn 'e tekst set om't ik wat apart fûn as der hieltyd fan "sompe" skreaun waard as de titel "moeras" wie. Fierders haw ik trouwens hielendal neat tsjin it wurd sompe, hear. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 7 jul 2023, 19.45 (CEST)
- @Ieneach fan 'e Esk, nee net yn 'e sin dat it fierder fan it Nederlânsk ôf stiet, want it Nederlânsk hat ek zomp/zompig. Ik fyn sompe in moai Frysk wurd. Ja ik bin it mei jo iens dat moeras yn 'e sprektaal gongberder is, mar dat in hiel soad Friezen net witte wat in sompe is liket my wol wat sterk. Ik haw wol genôch minsken sompe/sompich sizzen heard, mar ik wenje al mear as 20 jier net mear yn Fryslân, dus faaks binne der no minder minsken dy't sompe sizze. Sels brûk ik beide wol. Mar om my hie it moai sompe bliuwe kind. Kneppelfreed (oerlis) 7 jul 2023, 23.07 (CEST)
- @Kneppelfreed: Hmm. No, miskien bin ik wol mis. Dan set ik it wol werom. Safolle makket it my no ek wer net út. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 7 jul 2023, 23.14 (CEST)