Springe nei ynhâld

Rapport (ferslach)

Ut Wikipedy
Der binne allerhanne soarten rapportaazjes

In ferslach of in rapport is in ferlachjouwing fan in aktiviteit, barren of tastân. Dat ferslach wurdt, al of net nei ûndersyk foarôf, troch ien of mear rapporteur(s) dien oan in doelgroep, dy’t dêrfoar meast, mar net needsaaklikerwize, de opdracht ta jûn hat of de winsk utere.

De referinsjeramten fan de ferslachjouwing kinne sawol troch rapporteurs as troch reseptanten (doelgroep) útmakke wêze, oan de hân fan mear of minder strange kritearia, mei ôfhinklik fan de doelstelling. De foarm fan it rapport ken as farianten:

Yn in soad gefallen binne plenning en opset, grafyske foarmjouwing en útfiering fan it rapport oan beskate easken bûn. Yn sawat alle gefallen wurde easken steld oan de kwaliteit fan it taalgebrûk. Rapporteurs moatte dus in beskate taalfeardigens hawwe, lykas it formulearjen fan in heldere probleemstelling, it finen en beöardieljen fan de goede boarnen en metoades en it formulearjen fan heldere konklúzjes.

Mooglike yndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Guon rapportsoarten ha in fêste en bytiden sels foar foardrukte opset, lykas in skoalrapport of skearapport. Yn oare gefallen kinne jo de opset min ofte mear sels útmeitsje. In gebrûklike opbou fan wittenskiplike einrapportaazjes is:

In rapport kin opkreaze wurde mei in titelside en in omslach.

Yn in soad gefallen wurdt de opset en yndieling fan it rapport foarskreaun troch de organisaasje, dêr’t it rapport opsteld wurdt.

Jo kinne allerhanne ferskillende soarten rapporten ûnderskiede, bygelyks:

  • Advysrapport: ferslach fan in organisaasje-advys.
  • Ofstudearferslach: ferslach fan in ôfstudearopdracht.
  • Autopsjerapport: rapport fan de lykskôger (Coroner’s Report) mei ferslach fan in autopsje.
  • Auditrapport: ferslaggen fan in ynterne of eksterne audit.
  • Beöardielingsrapport: type rapport dêr’t in beöardieling yn ferwurke is.
  • Hifkingsrapport: foar it rapportearjen fan kontrolearre ûndersyksresultaten, bygelyks akkreditaasje, ISO 17025.
  • Befiningsrapport: de útkomsten en konklúzjes fan in ûndersyk (ek rapport fan befinings of rapport fan feitlike befinings neamd).
  • Jierrapporten: bygelyks yn ferbân mei in managementbeöardieling.
  • Jierferslach: ferslach fan it funksjonearjen fan in bedriuw yn it ôfrûne jier.
  • Kalibraasjerapport of ikingsrapport: ferliking mei de referinsjestandert.
  • Keuringsrapport: ferslach fan ien of d’oare keuring.
  • Management letter: rapport fan de eksterne akkountant oan de ried fan kommissarissen.
  • Mileueffektrapportaazje: ferslach fan de miljeugefolgen fan in beslút foardat in beslút nommen wurdt.
  • Undersyksrapport: foar it rapportearjen fan ûndersyksresultaten.
  • Praktikumferslach: ferslach fan in natoerkundige, skiekundige of biologyske proef.
  • Skearapport: ferslach fan in ûnk of oare skea.
  • Technysk rapport: dokuminten dy’t de resultaten fan spesifike ûndersiken beskriuwe, sjoch ek ISRN.
  • Falidaasjerapport; oanjaan dat it resultaat oan de fraach fan de klant foldocht.
  • Gearkomsterapport: letterlik ferslach of notulen fan in gearkomste.
  • Ferifikaasjerapport: oanjaan dat in produkt oan de spesifikaasjes en easken foldocht.
  • Wittenskiplik rapport: rapport fan in wittenskiplik ûndersyk en/of yn de wittenskip presintearre.