Reade Stjer (ferkenner)
Reade Stjer (ferkenner) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare namme | Red Star | |
nasjonaliteit | Arikara Amerikaansk | |
berne | 1858 | |
berteplak | Fort Clark (Noard-Dakota) | |
stoarn | nei 1912 | |
stjerplak | yn it Fort Berthold Reservaat (Noard-Dakota) | |
etnisiteit | Arikara | |
wurkpaad | ||
aktyf as | ferkenner foar it Amerikaanske Leger | |
jierren aktyf | 1876 – 1877 | |
reden bekendheid |
focht mei yn 'e Slach oan de Little Bighorn |
Reade Stjer (Ingelsk: Red Star; Fort Clark (Noard-Dakota), 1858 – yn it Fort Berthold Yndianereservaat (Noard-Dakota), nei 1912) wie in Arikara-kriger dy't as ferkenner yn it Amerikaanske Leger tsjinne. Yn dy hoedanichheid wied er oanwêzich en focht er oan 'e Amerikaanske kant mei yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, yn 1876, wêrby't it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer in ferpletterjende nederlaach litte tsjin in koälysje fan Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Reade Stjer waard yn 1858 berne yn 'e neite fan it hjoeddeistige Fort Clark, yn 'e Amerikaanske steat Noard-Dakota. Mei sechstjin jier gied er yn 1874 nei de medisynman Bollenekke ta, dy't er frege om him yn it fleis te snijen sadat er in fizioen krije mocht. Dat, Bollenekke liet oan 'e râne fan it doarp in grutte peal sette, trochboarre de jonge syn boarstspieren en bûn him op dy wize mei twa touwen oan 'e peal fêst. Nei ferrin fan tiid seach Reade Stjer in geastehauk delkommen dy't him derfan bewissige dat er in lang en súksesfol libben hawwe soe. Nei likernôch seis oeren waard Reade Stjer troch de sjamaan út syn pynlike posysje befrijd.
In jier letter, yn 1875, joech Reade Stjer him by in oarlochstroep fan tritich Arikara-krigers dy't har yn kano's de rivier de Missoury ôfsakje lieten. Yn 'e omkriten fan it Standing Rock Agintskip giene se oan lân en ûntdieken dêr in lyts kamp fan 'e Lakota, dat tradisjonele fijannen fan 'e Arikara wiene. De Arikara-krigers fongen twa hynders en jagen de rest op 'e rin. De Lakota út it kamp naaiden geandefoets út, wêrnei't de Arikara harren besittings plonderen. Om't er dielnommen hie oan in súksesfolle oerfal op 'e fijân, mocht Reade Stjer, dy't oant doe ta syn (net oerlevere) bernenamme holden hie, neitiid in nije namme útsykje. Hy keas foar 'Reade Stjer'.
Under de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 melde Reade Stjer him oan as ferkenner foar it Amerikaanske Leger. Datoangeande wied er ien fan tsientallen Arikara-manlju dy't har by de Amerikanen joegen, mei't de Lakota, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho, dêr't it Amerikaanske Leger tsjin focht, de tradisjonele fijannen fan 'e Arikara wiene. Reade Stjer waard yndield by it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer, dêr't er ûnderdiel útmakke fan in ferkennersienheid fan 26 Arikara en 6 Krieën, ûnder lieding fan luitenant Charles Varnum. De oanfierder fan 'e Arikara-ferkenners wie Bluodderich Mês.
Op 25 en 26 juny 1876 focht Reade Stjer yn súdlik Montana mei yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, wêrby't de Lakota en Sjajinnen de 7e Kavalery in ferpletterjende nederlaach tabrochten en Custer mei fiif kompanjyen op in heuveltop besingelen en oan 'e lêste man ta útrûgen. Reade Stjer wie dy deis yndield by it detasjemint fan majoar Marcus Reno, dat it doarp fan 'e Lakota en Sjajinnen oan 'e rivier de Little Bighorn fanút it suden oanfoel. Dy oanfal waard lykwols troch de fijân sûnder folle muoite ôfslein, wêrby't Reade Stjer en de oare Arikara- en Krieske ferkenners dy't Reno syn kwetsbere lofterflank beskermen, yn ferbittere man-tsjin-mangefjochten mei Lakota- en Sjajinske krigers ferwikkele rekken. Nei in gaoatyske weromtocht oer de rivier namen Reno syn troepen definsive posysjes yn op in klif, dêr't se oardel dei lang belegere waarden foar't se op 27 juny ûntset wurde koene troch de troepen fan brigadegeneraal Alfred Terry en kolonel John Gibbon.
Nei't er yn 1877 út tsjinst ûntslein wie, kearde Reade Stjer werom nei it Fort Berthold Yndianereservaat fan Noard-Dakota, dêr't de Arikara har fêstige hiene. It is ûnbekend wannear't er krekt stoarn is, mar dat moat yn elts gefal nei augustus 1912 west hawwe, doe't er ien fan 'e njoggen doe noch libbene Arikara-ferkenners fan it 7e Kavaleryrezjimint wie, dy't te Armstrong gearkamen om harren ûnderfinings yn 'e Slach oan de Little Bighorn te fertellen oan fertsjintwurdigers fan it Histoarysk Genoatskip fan Noard-Dakota.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Libby, O.G., The Arikara Narrative of the Campaign against the Hostile Dakotas, Glorieta (Nij-Meksiko), 1876 (Rio Grande Press, Inc.).
- Curtis, Edward S., The North American Indian (being as series of volumes picturing and describing the Indians of the United States and Alaska), New York, 1970 (Johnson Reprint Corp.) (oarspr. útjefte 1907-1930).
- ――, Three Affiliated Tribes Cultural Page, yn: MHA Times, fol. 8:2 (12 jannewaris 1996, s. 4.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |