Sûchdieren
Sûchdieren | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
ûnderryk: | echte dieren (Metazoa) | |
(sûnder rang): | weefseldieren (Eumetazoa) | |
tuskenryk: | twasidigen (Bilateria) | |
(sûnder rang): | termdieren (Nephrozoa) | |
boppestamme: | nijmûnigen (Deuterostomata) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
tuskenstamme: | kaakdieren (Gnathostomata) | |
boppeklasse: | fjouwerpoatigen (Tetrapoda) | |
(sûnder rang): | synapsiden (Synapsida) | |
klasse: | sûchdieren (Mammalia) | |
Linnaeus, 1758 | ||
De sûchdieren (Latynske namme: Mammalia) foarmje in klasse fan it ûnderryk fan 'e echte dieren (Metazoa), de stamme fan 'e rêchstringdieren (Chordata), de ûnderstamme fan 'e wringedieren (Vertebrata), de tuskenstamme fan 'e kaakdieren (Gnathostomata) en de boppeklasse fan 'e fjouwerpoatigen (Tetrapoda). Dêrbinnen wurde se beskôge as de iennichste oerlibjende groep fan 'e synapsiden (Synapsida). Ta de sûchdieren heart ek de minske. De tûke fan 'e soölogy dy't him taleit op 'e stúdzje fan sûchdieren hjit mammalogy.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan alle oare libbene groepen bisten binne de sûchdieren it naust besibbe oan 'e fûgels en de reptilen, wêrfan't se har ûnderskiede troch it hawwen fan hier, trije bonkjes yn it middenear, molkklieren en in neokorteks (in diel fan 'e harsens). Dêropta ûnderskiede se har fan 'e reptilen trochdat se waarmbloedich binne, wêrby't de harsens op autonome wize de lichemstemperatuer regelje. De bloedsirkulaasje wurdt fersoarge troch in fjouwerkeamerige hertspier. Hast alle moderne sûchdieren binne libbenbernjend, wat sizze wol dat se har jongen libben te wrâld bringe, en net ynkapsele yn in aai.
Ta de sûchdieren hearre de grutste hjoeddeiske bisten, wêrûnder de blauwe finfisk (Balaenoptera musculus), it grutste wetterdier, en de savanne-oaljefant (Loxodonta africana), it grutste lândier. De blauwe finfisk kin in lingte fan 33 m berikke, wylst it lytste sûchdier, de holderflearmûs (Craseonycteris thonglongyai) mar 30-40 mm grut is. Boppedat omfiemet dizze groep ek de yntelligintste bisten, lykas de minske (Homo sapiens), en ferskate soarten minskapen, walfiskeftigen en oaljefanten. De grûnfoarm fan it sûchdierlichem is dat fan in fjouwerpoatich lândier, mar sûchdieren binne meitiid evoluëarre om har oan te passen ta in libben yn it wetter, heal op it lân en heal yn it wetter, yn 'e beammen, yn 'e loft (flearmûzen) of op twa fuotten, wat de foarpoaten (oftewol hannen) frijlit om oare dingen by de ein te hawwen.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wurd "sûchdier" is relatyf nij, en basearre op it Latynske Mammalia, dat yn 1758 troch de grutte Sweedske biolooch Carolus Linnaeus optocht is. Dyselde late dy term ôf fan it besteande wurd mamma, dat Latyn is foar spien. Alle froulike sûchdieren fuorje har jongen nammentlik mei molke, dy't (behalven by de oersûchdieren) ôfskaat wurdt fia in spesjale klier: de molkklier, mei as útgong de spien.
De ierst bekende sûchdieren datearje út it iere Mesosoïkum, al ûntjoegen se har yn har moderne foarm pas yn it lettere Senosoïkum, nei it útstjerren fan 'e dinosauriërs. Neffens it gesachhawwende Mammal Species of the World wiene der yn 2006 5.416 sûchdieresoarten bekend. Yn 'e measte yndielings wurde al dy soarten ferdield yn twa grutte subgroepen: de (aaien lizzende) oersûchdieren (Prototheria), mei net mear as fiif libbene soarten fûgelbekdieren en eamelychels, en de moderne sûchdieren (Theria), dêr't alle oare soarten ûnder falle. Dêrby kin dy lêste groep dan noch wer fierder ferdield wurde yn 'e wichtige subgroepen fan 'e bûdeldieren (Marsupialia) en de plasintadieren (Placentalia). Op it (legere) nivo fan 'e skiften foarmje de kjifdieren (Rodentia) fierwei de grutste groep, folge troch de flearmûzen (Chiroptera) en de ynsekte-iters (Eulipotyphla).
Klassifikaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hjirûnder de opbou fan 'e klasse fan 'e sûchdieren, sij it ûnder foarbehâld. De ûnderlinge relaasjes tusken de skiften binne noch altyd net alhiel útkristallisearre, en der hawwe har de lêste jierren grutte feroarings foardien. Sa wie fan 'e nylhoarsen lang miend dat se it neist besibbe wiene oan 'e bargen en de pekarys, mar koartby hat nij ûndersyk útwiisd dat se eins it naust besibbe binne oan 'e walfiskeftigen. Dat hat fiergeande gefolgen hân foar de taksonomyske yndieling, mei't de walfiskeftigen no ûnder de evenhoevigen rekkene wurde moatte. Oarsom is troch genetysk ûndersyk oan it ljocht kommen dat yn it âlde skift ynsekte-iters (Insectivora) beskate groepen byinoar brocht wiene dy't net nau besibbe binne (lykas de mollen en de goudmollen). Sadwaande is in diel fan dy groepen no earne oars ûnderbrocht, wylst de rest fierder gien is as it ôfslanke, nije skift ynsekte-iters (Eulipotyphla).
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|