Springe nei ynhâld

Sûdan

Ut Wikipedy
جمهورية السودان
Jumhūriyyat as-Sūdān
Flagge fan Sûdan Wapen fan Sûdan
Flagge Wapen
Lokaasje fan Sûdan
Offisjele taal Arabysk, Ingelsk
Haadstêd Kartûm
Steatsfoarm Diktatoriaat
Gebiet 1.886.068 km²
Ynwenners (2008) 35,68 miljoen Sûdan en Súd-Sûdan
Munt Sudaneeske dinar (SDD)
Tiidsône UTC +3
Nasjonale feestdei 1 jannewaris
Lânkoade SDN
Ynternet .sd
Tillefoan 249

Sûdan, offisjeel de Republyk Sûdan', ek wol Noard-Sûdan om it lân te ûnderskieden fan Súd-Sûdan, is in lân yn Afrika. De haadstêd is Kartûm.

Sûdan wurdt begrinzge troch:

Sûdan hie oant de ûnôfhinklikens fan Súd-Sûdan it grutste lânoerflak fan Afrika. It lân wurdt fan súd nei noard trochsnijd troch de rivier de Nyl, de Wite Nyl en de Blauwe Nyl. By de haadstêd Kartûm komme de Wite- en de Blauwe Nyl tegearre yn de eigentlike Nyl, dy't dêrfan fierder streamt nei Egypte en útmûnet yn de Midlânske See.

Grutte sompe-gebieten fan de Sûd, in oerstreamingsgebiet fan de Wite Nyl skiedt it noarden fan it suden, dêr't it lân rûchwei troch yn twa geografyske helten útinoar falt. It noarden bestiet foar it meastepart út woastyn sûnder fegetasje en makket diel út fan de Sahara. It suden fan Sûdan is bercheftich mei tropyske reinwâlden.

De iere skiednis fan Sûdan stie yn it teken fan it Alde Egypte dêr't it gebiet in ûnderdiel fan foarme. Pas om-ende-by 1000 f.Kr. ûntstie in eigen keninkryk. Nei in rige Kristlike riken folge mei de opkomst fan de islam in tanimmende islamisering fan it gebiet troch Arabyske stammen (ein 13e iuw). Sûdan waard doe meastentiids fanút Egpte regearre. Yn de 19e en 20e iuw wie Sûdan feitlik in Britske koloanje.

Sûnt de ûnôfhinklikens yn 1956 liede religieuske tsjinstellingen tusken it islamityske noarden en kristlike suden (sjoch ek Súd-Sûdan) hieltyd ta rebûlje en skeine fan minskerjochten. Nei in referindum yn jannewaris 2011 waard stimde 99 persint fan de Súd-Sûdanezen foar ûnôfhinklikens fan Sûdan. Súd-Sûdan waard 9 july 2011 ûnôfhinklik.

Bylâns de rivieren yn it noarden lizze de fruchtberste gebieten fan it lân mei in grutte befolkingskonsintraasje. De befolking dy't hjir wennet is Arabysk en de islam is de oerhearskjende religy. De befolking yn Súd-Sûdan heart ta in oare etnisiteit as it noarden en is wat religy oangiet fral kristlik en oanhingers fan natoerreligys. Ekonomysk is it suden minder ûntwikkele as it noarden.