Shakespeariaanske komeedzjes
De Shakespeariaanske komeedzjes binne de komeedzjes dy't oan 'e ein fan 'e sechstjinde en it begjin fan 'e santjinde iuw skreaun waarden troch de wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. Yn dy tiid waard mei it "komeedzje" noch hiel wat oars bedoeld as tsjintwurdich. Shakespeare syn komeedzjes binne gjin hilarysk humoristyske kluchten, mar toanielstikken dy't har ûnderskiede fan 'e trageedzjes trochdat se minder swiersettich fan toan binne en in happy end hawwe. Oer it algemien wurde Shakespeare syn komeedzjes minder wurdearre as syn trageedzjes of histoaryske stikken.
Guon fan Shakespeare syn bekendste komeedzjes binne De Keapman fan Feneesje, In Midsimmernachtdream, Folle Spul om Neat en Leafde's Lêst Net Leanne. Dat lêste stik is ûngewoan foar in komeedzje yn 'e sin dat it gjin happy end hat. Der wurdt wol tocht dat it in duology foarme mei Leafde's Lêst Al Leanne, en dat dêryn alles dochs noch wûnderwol betearde. Dat stik is lykwols spitigernôch ferlern gien, krekt as Kardenio, in oare komeedzje. Fierders wurde in pear fan Shakespeare syn komeedzjes, benammen Ein Goed, Alles Goed en Lyk om Lyk, oantsjut as probleemgefallen, mei't dy in ûngewoane toansetting mei in dreech mingsel fan humor en tragyk hawwe. It is ûndúdlik oft it ûnlykmjittich aard fan dy stikken fuortfloeit út in ûnfolslein begryp fan 'e humor en de maatskiplike omstannichheden yn 'e Elizabetaanske Tiid, of út in flater fan 'e grutte toanielskriuwer sels, of út in besyk fan him om mei sin ferskillende stilen trochinoar te mjuksjen om sa syn publyk op 'e ferkearde foet te setten. Fierders is der dan noch Symbelinus, dat yn 'e gesachhawwende First Folio, út 1623, ûnder de trageedzjes oardere waard, mar dêr't men tsjintwurdich fan fynt dat it mear de eigenskippen fan in komeedzje hat.
Opsomming fan 'e Shakespeariaanske komeedzjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ein Goed, Alles Goed
- De Fekke Nuet
- De Fleurige Wyfkes
- Folle Spul om Neat
- Kardenio (ferlern gien)
- De Keapman fan Feneesje
- In Komeedzje Fol Fersinnen
- Leafde's Lêst Al Leanne (ferlern gien)
- Leafde's Lêst Net Leanne
- Lyk om Lyk
- In Midsimmernachtdream
- Nei Jim Beleavjen
- Perikles, Prins fan Tyrus
- De Stoarm
- Trijekeningejûn
- De Twa Aadlike Neven
- De Twa Eallju fan Verona
- It Winterjûnsteltsje
Fierders wurdt tsjintwurdich ek wol ta de komeedzjes rekkene: