Springe nei ynhâld

Slykwilster

Ut Wikipedy
slykwilster
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift wilstereftigen (Charadriiformes)
famylje wilsterfûgels (Charadriidae)
skaai wilsters (Pluvialis)
soarte
Pluvialis squatarola
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     simmerfûgel
     wintergast
     trochtrekker

De slykwilster (Pluvialis squatarola), is in trekfûgel út de famylje fan de Wilsterfûgels.

De slykwilster is sa'n 25-30 sm grut mei in gewicht tusken de 170 en 320 gram. De wjukspanwiidte is 55 oant 85 sm. Yn de briedtiid is de búk, hals en it gesicht swart en de boppekant griis mei wite flekken. Winterdeis is de búk wyt. De slykwilster hat wol wat fan de wilster mar is wat dûbelter. Hy hat in koarte swarte snaffel en swarte poaten.

Aai fan 'e slykwilster.

De slykwilster briedt yn it hege noarden, op de toendra fan Sibearje, yn Alaska en yn Kanada. Hy oerwintert in stik súdliker oan alle kusten oant Argentynje en Austraalje ta. Yn Nederlân is de slykwilster benammen yn de tiid fan de fûgeltrek te sjen, hoewol der ek wol inkelde fûgels yn Nederlân oerwinterje.

De slykwilsters sykje harren iten it leafst op it strân of in it slyk oan de kusten. Se ite ynsekten, wjirms, slakken en kreeften.

De slykwilsters briede fan juny oant july. It nêst is in kûltsje meast wat op in hichte sadat se it hear oersjen kinne. It wyfke leit 4 aaien yn it mei gers beklaaide nêst. Nei sa'n fjouwer wike brieden komme de jongen út. Nei 5-6 wiken kinne de jonge fûgels fleane.