Springe nei ynhâld

Snoke

Ut Wikipedy
Snoke
personaazje út Star Wars
Snoke as hologram yn Star Wars: Episode VII – The Force Awakens.
Snoke as hologram yn Star Wars: Episode VII – The Force Awakens.
persoanlike bysûnderheden
sekse manlik
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt Sith-master, diktator
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Palpatine
Kylo Ren
Armitage Hux
Rey
geastlike heit Lawrence Kasdan
J.J. Abrams
Michael Arndt
ûntstean 2015

Snoke is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise. Hy komt foar yn 'e earste beide films fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, dy't tusken 2015 en 2017 makke waarden. It personaazje waard betocht troch de senarioskriuwers fan it earste diel, Star Wars: Episode VII – The Force Awakens, te witten: Lawrence Kasdan, Michael Arndt en J.J. Abrams. Snoke is de opperste lieder fan 'e Earste Oarder, in faksistoïde steatsferbân dat stribbet nei de oerhearsking fan it hiele Stjerrestelsel. De rol fan Snoke waard yn beide films spile troch akteur Andy Serkis.

It personaazje fan Snoke waard betocht troch Lawrence Kasdan, Michael Arndt en J.J. Abrams, de senarioskriuwers fan 'e film Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015). Hoewol't Snoke in minske is, waard syn misfoarme lichem folslein troch special effects skepen. Akteur Andy Serkis die sawol de motion-capture as dat er de dialooch fan Snoke ynspriek. Serkis hie in protte ûnderfining mei motion-capturetechniken, begjinnende mei syn rol as Gollum yn 'e Lord of the Rings-filmtrilogy út 2001-2003. It personaazje fan Snoke waard troch sawol filmkritisy as fans goed ûntfongen, al fûnen party dat syn rol yn 'e Star Wars-ferfolchtrilogy ûnderûntwikkele bleau.

Fiktive biografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn The Force Awakens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015), it earste diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, wurdt Snoke yntrodusearre as in boasaardige Sith-master en de opperste lieder fan 'e faksistoïde Earste Oarder, in diktatoriaal steatsferbân dat stribbet nei de folsleine oerhearsking fan it Stjerrestelsel. Hy wurdt foarsteld as in humanoïde, mar net alhiel minsklik lykjend figuer mei in misfoarme holle. Snoke is de mentor fan 'e jonge Sith-ridder Kylo Ren, dy't berne is as Ben Solo, de soan fan Han Solo en Leia Organa, en dy't troch him (Snoke) ferlaat is ta de tsjustere kant fan de Krêft.

Yn 'e film is Snoke inkeld in pear kear yn holografyske foarm te sjen, wêrby't syn hologram as in reus úttuorret boppe Kylo en generaal Hux wylst se ferslach oan him útbringe oer de fuortgong fan harren aktiviteiten. Oan Kylo fertelt Snoke dat er in "ûntwekking" yn 'e Krêft fernimt (in ferwizing nei de jonge rommelsykster Rey, dy't ûntdekt dat se boppenatuerlik bejeftige is). Teffens warskôget er Kylo dat er oant de grins fan syn kinnen op 'e proef steld wurde sil as er syn heit moetet.

Oan Hux jout Snoke befel om 'e Stjerredeaderbasis, in ta in ekstreem krêftich massaferneatigingswapen omboude planeet, yn te setten om it hiele planetestelsel fan Hosnian-Primus te ferneatigjen, dat op dat stuit de (rûlearjende) sit is fan it regear fan 'e Nije Republyk en de Galaktyske Senaat. Letter befellet er Kylo om 'e finzen nommen Rey by him te bringen, mar hja ûntsnapt foar't dat barre kin. Oan 'e ein fan 'e film, as it Ferset by in militêre operaasje in keatlingreäksje yn wurking set hat dy't de Stjerredeaderbasis ferneatigje sil, oarderet Snoke generaal Hux om 'e basis te ûntromjen en Kylo Ren by him te bringen.

Yn The Last Jedi

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi (2017) is Snoke min te sprekken oer it falen fan Hux om ôf te weven mei it Ferset foar't dat de basis op D'Qar ûntromje kin. Kylo kriget ek in beskrobbing, om't it him noch altyd net slagge is en bring Rey by Snoke. Hux wit lykwols wer yn in goed boekje te kommen by de opperste lieder troch it ynsetten fan in apparaat dat de flechtsjende fersetsfloat sels troch de hyperromte folgje kin. Snoke jout him yn syn reuseftige flaggeskip, de Supremacy, persoanlik by de efterfolging.

As Rey harsels oerjout yn 'e fêste oertsjûging dat Kylo noch fan 'e tsjustere kant fan 'e Krêft rêden wurde kin, bringt Kylo har by Snoke. Dyselde leit dan selsfoldien út dat se moai yn syn fâle rûn is. Hy is nammentlik dejinge dy't de nuvere mentale konneksje tusken har Kylo beävensearre hat en de twifel yn Kylo oanfitere hat. De ûnwissichheid yn him dy't Rey waarnommen hat, is sadwaande neat oars as wat Snoke har fiele litte woe. Fierders befreget Snoke Rey oer de lokaasje fan har master Luke Skywalker, en hoewol't se him neat fertelle wol, wurdt er troch it gebrûk fan 'e Krêft de wierheid út har tinzen gewaar. Hy konkludearret dat Luke wol wachtsje kin oant er foargoed mei it Ferset ôfweefd hat. Dêrnei jout Snoke oan Kylo opdracht om Rey te fermoardzjen, mar Kylo fermoardet ynstee Snoke. Neitiid ropt er himsels ta de nije opperste lieder út en skoot er de dea fan Snoke op 'e lea fan Rey.

Akteur Andy Serkis spile yn 'e beide earste dielen fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy de rol fan Snoke.

Yn The Rise of Skywalker

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019) it ôfslutende diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, komt Snoke net foar, mar der wurde wol guon opsjenjaande saken oer him bekendmakke. As Kylo de ferburgen Sith-planeet Exegol berikt en dêr de út 'e dea opstiene keizer Palpatine oantreft, fertelt dyselde him dat Snoke nea in selsstannich wêzen wie, mar in marionet dy't troch him skepen wie om 'e Earste Oarder te bestjoeren en Kylo oer te heljen nei de tsjustere kant fan 'e Krêft. Wannear't Rey letter it haadkertier fan Palpatine op Exegol binnenkringt om mei de keizer ôf te weven, sjocht se dêre ferskate op sterk wetter sette kloanen dy't op Snoke lykje, wat it ferhaal fan Palpatine befêstiget.

Spilers fan 'e rol yn 'e Star Wars-filmsearje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
jierren film akteur
1977 Star Wars: Episode IV – A New Hope n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
1980 Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back
1983 Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi
1999 Star Wars: Episode I – The Phantom Menace
2002 Star Wars: Episode II – Attack of the Clones
2005 Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith
2008 Star Wars: The Clone Wars
2015 Star Wars: Episode VII – The Force Awakens Andy Serkis
2016 Rogue One: A Star Wars Story n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
2017 Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi Andy Serkis
2018 Solo: A Star Wars Story n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
2019 Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono