Springe nei ynhâld

Streekbelang East- en Westhoek

Ut Wikipedy

Streekbelang East- en Westhoek, (Nederlânsk: Streekbelang Oost- en Westhoek) is in feriening dy't foar de belangen opkomt foar bewenners fan de Aldebiltdyk yn de gemeente It Bilt, fanôf hûsnûmer 1229 (Westhoek) oant en mei 504 (Easthoek).

Streekbelang waard oprjochte op 7 maart 1960. Yn 2007 is de Streekfyzje fêststeld, it basisdokumint wêrút projekten opstarten wurde. Streekbelang oerleit alle moannen mei de gemeente It Bilt.

De feriening jout sûnt 1979 twa kear yn it jier it streekblad Op 'e Rolling út. De namme ferwiist nei de skean oprinnende "muorkes", dy't foar sommige huzen te sjen binne. Troch ôfgraven fan de krún fan de dyk foar ferbreding fan de rydwei, kamen dy huzen "te heech" te stean. Om dat te ûnderfangen waarden de muorkes, de rollings, oanlein. Se binne noch te sken foar hûs nr. 1084 en by de huzen aan de east- en westkant fan de Boonweg. Yn 2010 hat Streekbelang East- en Westhoek it 50-jierrich bestean fierd mei in jubileumfeest foar alle leden, âld-leden en ynwenners fan de Alde-Biltdyk. Ek yn 2010 is derin monumint ûntbleate as oantinken oan de poerdersramp oan de seedyk yn de Westhoek. De poerdersramp wie yn 1935, hjirby foelen fjouwer slachtoffers. Mei it monumint wurde de rêders eare en de slachtoffers betocht.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: