Springe nei ynhâld

Stripper

Ut Wikipedy
Danni Ashe, in earder stripper en slûchslim sakefrou, dy't mei har pionierswurk op it mêd fan 'e neakenfotografy op it ynternet (fia har webside Danni's Hard Drive) foar kaptalen fertsjinne hat.

In stripper (letterlik: "útklaaister") is in profesjoneel eroatysk dûnseresse dy't in striptiis opfierd yn stripklups, iepenbiere ekspo's en op priveeôfspraken (yn 'e regel op feestjes, hoewol't foarstellings foar ien inkele persoan ek foarkomme). Yn 'e Feriene Steaten wurdt de term "stripper" tsjintwurdich trouwens as minderweardich beskôge en jout men de foarkar oan 'e omskriuwing dancer. Oars as yn 'e oarspronklike striptiis, dy't ûnderdiel útmakke fan 'e Amerikaanske burleske, in soarte fan revu, wurdt yn 'e tsjintwurdige, amerikanisearre foarm fan strippen de ynteraksje tusken klant en artyste ta it minimum beheind. Ek is de klam ferskood fan it tiis-aspekt (it pleagjen) nei it strip-aspekt (it útklaaien). De ynfiering fan 'e no rûnombywêzige stripperpeal hat strippen fierders ta in folle akrobatysker oefening makke as dat it foarhinne ea wie.

Net eltse stripper beëiniget har dûns folslein neaken, hoewol't dat oer it algemien al wenst is ynsafier't de pleatslike wetjouwing it talit. Hoewol't strippen ornaris assosjearre wurdt mei froulju, wurdt hast in trêde fan 'e beropsgroep foarme troch manlju. Yn stripklup s (benammentlik yn Noard-Amearika) wurdt fierders ûnderskie makke tusken house dancers en feature dancers. House dancers binne oan in beskate stripklup of keatling fan stripklups ferbûn, al binne se der faak net yn tsjinst, mar binne se ynstee gauris selsstannige ûndernimmers dy't in kontrakt mei de oangeande klup of keatling fan klups ôfsletten hawwe. Feature dancers binne strippers dy't fan harsels ferneamd binne (faak om't se namme makke hawwe as aktrise yn 'e pornoyndustry), en dy't op toernee geane troch it hiele lân.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.