Ted de Braak
Ted de Braak | ||
artyst en/of kabaretier | ||
Ted de Braak yn 1984 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Theodorus Leonardus de Braak | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 8 april 1935 | |
berteplak | Arnhim | |
wurkpaad | ||
wurksum as | Sjonger, presintator, komyk | |
jierren aktyf | 1957-no | |
offisjele webside | ||
Discogs-profyl IMBd-profyl |
Ted de Braak (Arnhim, 8 april 1935) is in Nederlânske presintator, sjonger, akteur en kabaretier. De Braak wennet hjoed-de-dei mei syn frou Dirkje yn Frankryk. Hy hat twa dochters.
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Braak trede ûnder syn militêre tsjinstplicht al op mei in kabaretgroep, en neidat er ôfswaaid wie gied er oan it wurk by it toaniel en as kabaretier. Hy spile ûnder oare mei Kitty Courbois en by Tom Manders. Syn earste 'eigen' selskip wie Triple Sec mei Piet Hendriks en Hans Peters yn 1957. Yn dy snuorje learde er himsels gitaar, basgitaar en drums spyljen. As sjonger hie De Braak sukses mei it ferske 'n Glaasje madeira, m' dear?
As presintator begûn De Braak by de KRO, mei de radioprogramma's Draaijofdraaiik en Van twaalf tot twee. Foar de NCRV presintearre er alle wiken it radioprogramma Lunchpakket.
De Braak wie fan 1966 ôf lid fan it Farce Majeure-team, wêryn't er spile mei Alexander Pola, Jan Fillekers, Fred Benavente en Henk van der Horst. Yn dat programma imitearre er boer Hendrik Koekoek yn in persiflaazje fan in útstjoering fan de Boerepartij. Hy makke tsien jier diel út fan dit fiiftal, mar heakke ôf om tf-programma's te presintearjen. Foar de telefyzje makke De Braak de NCRV-programma's "Met liedjes het land in", "Toi, toi, toi, toi, bij Ted" en mear as fyftich Tedshows. Ek presintearre er yn 1974 it ienmalige ynsammelingsprogramma Geven voor leven.
Yn 1994/1995 presintearre Ted de Braak it deistige wurdspul Topscore foar de NCRV/KRO.
Tusken 1971 en de jierren 80 makke De Braak alle twa jier in teätershow, dêr't ûnder oaren Mieke Bos, Sylvia Alberts, Conny Vandenbos, Mini & Maxi en Joke Bruijs oan meidiene. Yn 2006 kaam De Braak werom mei it telefyzjeprogramma TV Comeback. Foar al syn wurk foar de Nederlânske telefyzje waard er yn 2006 beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
Trivia
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ted de Braak hat in karakteristike walrussnor. Hy waard derfoar yn 1980 troch de Snorrenclub Antwerpen útroppen ta "Snor van het Jaar". Dêrmei is er de earste Nederlanner dy 't dizze titel ûntfong.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Repertoire op muziekschatten.nl (blêdmuzyk, foar in part digitalisearre)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ted de Braak fan Wikimedia Commons. |