The Dresden Files (romansearje)
The Dresden Files | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Jim Butcher | |
taal | Ingelsk | |
foarm | romansearje | |
sjenre | fantasy (urban fantasy) | |
1e publikaasje | 2000 – no | |
oarspr. útjwr. | Roc Books |
The Dresden Files is in fantasy-romansearje fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwer Jim Butcher, dy't ta it subsjenre fan 'e urban fantasy heart. De titel betsjut: "De Dresden-dossiers". De rige, dy't yn it ik-perspektyf skreaun is, giet oer de ûndersiken yn 'e wrâld fan it boppenatuerlike troch de tsjoender en privee-detektive Harry Dresden út Chicago. De earste roman, Storm Front, waard yn 2000 publisearre by de Amerikaanske útjouwerij Roc Books, dat de oarspronklike útjouwer fan 'e rige is. Anno 2019 bestie de searje út fyftjin romans en trije ferhalebondels. Dielen fan 'e rige binne adaptearre ta grafyske romans, en yn 2007 waard op basis fan 'e earste romans in tillefyzjesearje makke, dy't ek The Dresden Files hiet.
Oersjoch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e wrâld fan The Dresden Files besteane alderhanne boppenatuerlike dingen, lykas tsjoenderij, fampieren, demoanen, spûken, ierdgeasten, wearwolven, ingels, ensfh. De oergrutte mearderheid fan 'e minsken hat der lykwols alhiel gjin aan fan wat yn 'e skaden fan 'e maatskippij om en ta giet. Tsjoenders, lykas Harry Dresden, binne feriene yn 'e Wite Ried fan Tsjoenderij, dy't behalven boppenatuerlike ek in oansjenlik ekonomyske macht útoefenet. Wat oarsoartige wêzens oanbelanget, dy hawwe harren eigen sosjale regels en politike organisaasjes. Sa kinne ierdgeasten behearre ta it Simmerhôf of ta it Winterhôf of ta net ien fan beiden, wylst der fjouwer ûnderskate soarten fampieren besteane, dy't allegear in eigen hierargy hawwe en dêropta fjouwer ferskillende soarten wearwolven.
Harry Dresden, dy't yn Chicago wennet, wurket as wrâlds iennichste 'riejaande tsjoender' en akseptearret yn dy hoedanichheid it ûndersyk nei boppenatuerlike saken fan sawol minsklike as net-minsklike klanten. Ek wurket er frij geregeldwei gear mei de Spesjale Undersyksienheid fan 'e Plysje fan Chicago. Geandewei de romanrige rekket Dresden yn almar wichtiger saken behelle, mei as gefolch dat er in hieltyd foaroansteander plak yn 'e boppenatuerlike wrâld komt yn te nimmen. Om't hege beammen no ienris in protte wyn fange, liedt dat der oanhâldend ta dat der noch wer gruttere swierrichheden op syn paad komme. Dêrtroch wurdt it hieltyd dreger om as wurkjend tsjoender en privee-detektive syn brea te fertsjinjen, wylst it ek almar nuodliker gefolgen hat foar syn freonen en famyljeleden.
Personaazjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadpersoanen
- Harry Dresden, tsjoender en privee-detektive yn Chicago.
- Malcolm Dresden (†), syn heit, in gûchelder.
- Margaret Gwendolyn LeFay McCoy Dresden (†), syn mem en de mem fan Thomas Raith, in tsjoenster en de dochter fan Ebenezar McCoy.
- Margaret Angelica Mendoza Dresden, syn dochter by Susan Rodriguez.
- Mouse, syn hûn, in timpelhûn of Tibetaanske mastyf, dy't ôfstammet fan in godlike beskermgeast en in stjerlike hûn.
- Mister, syn kat.
- It Argyf, ek bekend as Ivy, in jong famke wa har holle it bewarplak is fan alle minsklike kennis en wiisheid.
- Hanna Ascher, in tsjoenster en lid fan it Genoatskip fan Sint Gilles.
- Mike Atagi, de monteur dy't Harry syn gauris skansearre auto oan 'e gong hâldt
- Meditrina Bassarid, in mainade, tsjoenster en ferliedster.
- Bob, in elemintêre geast fan 'e lucht mei in yngeande kennis fan magy, dy't in skedel bewennet op de boekeplanke yn it geheime laboratoarium fan Harry Dresden.
- William Borden, in studint en letter yngenieur dy't ek in wearwolf is. De lieder fan 'e 'Alphas', in ridel wearwolven, en de freon en letter man fan Georgia Borden.
- Georgia Borden, syn freondinne en letter frou, in studinte psychology dy't ek in wearwolvinne is.
- Waldo Butters, in patolooch-anatoom en polka-fan yn Chicago.
- Ron Carmichael, in plysjeresjersjeur fan 'e Spesjale Undersyksienheid fan 'e Plysje fan Chicago, de partner fan Karrin Murphy.
- Michael Carpenter, in timmerman yn Chicago, dy't ien fan 'e Ridders fan it Krús is. De heit fan û.o. Molly Carpenter.
- Charity Carpenter, syn frou, in amateur-smid en de mem fan û.o. Molly Carpenter.
- Molly Carpenter, de learling-tsjoenster fan Harry Dresden, dochter fan Michael en Charity Carpenter.
- Nick Christian, in privee-detektive yn Chicago, eigner fan Ragged Angel Investigations, en Harry Dresden syn eardere baas.
- Gregori Cristos, in tsjoender en lid fan 'e Hege Ried fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij.
- Demongryp (Demonreach), in natoergeast en de bewekker fan in boppenatuerlike finzenis.
- Justin DuMorne (†), in swarte tsjoender en fallen warder fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij, master fan Harry Dresden en Elaine, oant Harry him deade.
- de Erlkönig, hearsker oer de Wylde Ierdgeasten en lieder fan 'e Wylde Jacht.
- Ferrovax, in draak.
- Anthony Forthill, de pastoar fan St. Mary of the Angels.
- de Genoskwa, in kweageast út 'e ûnderwrâld.
- Goodman Grey, in hierling dy't de soan is fan in minsklike frou en in hûdrinner.
- Hades, de Grykske god fan 'e ûnderwrâld.
- Hy Dy't Foarút Rint, in bûtensteander, in wêzen fan oarekant de Bûtenste Poarten.
- Hy Dy't Efternei Rint, in bûtensteander, in wêzen fan oarekant de Bûtenste Poarten.
- de Hûdrinner (of Naagloshii), in kweadaardich healgodlik wêzen yn 'e tsjinst fan 'e Swarte Ried.
- Jared Kincaid, ek bekend as de Hellehûn, in heal-minsklike, heal-demoanyske hierling dy't iuwen âld is en noch wurke hat foar Vlad II Dracul, de heit fan Vlad de Speetser, op wa't Bram Stoker letter it personaazje fan greve Dracula basearre.
- Kirby, in wearwolf en in lid fan 'e Alphas.
- Krêft-fan-in-Rivier-yn-Syn-Skouders, in sasquatch en de heit fan Irwin Pounder.
- Aleran LaFortier, in tsjoender en lid fan 'e Hege Ried fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij.
- Arthur Langtry, ek bekend as de Merlyn, in tsjoender en de lieder fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij.
- Polonius Lartessa, in fallen ingel en in lid fan 'e Oarder fan 'e Swartbrânde Denaarje.
- Lasciel, byneamd 'de Ferliedster', in fallen ingelinne en in lid fan 'e Oarder fan 'e Swartbrânde Denaarje.
- Lash, in skym fan 'e fallene ingelinne Lasciel, bestiet inkeld yn it ferstân fan Harry Dresden.
- Martha Liberty, in tsjoenster en lid fan 'e Hege Ried fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij.
- De Likenimmer (Corpetaker) of Capiocorpus, in (minsklike) boaze tsjoenster dy't it fermogen hat om 'e liken fan 'e resint ferstoarnen oer te nimmen en ek om 'e lichems fan de libbenen te besetten.
- Mortimer Lindquist, in medium.
- sir Stuart Winchester, de beskermgeast fan syn ôfstammeling Mortimer Lindquist.
- Joseph Listens-to-Wind, ek bekend as 'Injun Joe', in Yndiaanske medisynman en lid fan 'e Hege Ried fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij.
- Anastasia Luccio, de kaptein fan 'e warders fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij.
- Mab, de keninginne fan it Winterhôf, in hege Sidhe dy't oer de ierdgeasten hearsket dy't tradisjoneel as kweadaardich beskôge wurde.
- Maeve, de frouwe fan it Winterhôf, in hege Sidhe dy't as opfolchster fan Mab ornearre is.
- Lloyd Slate, de Winterridder, in minsklike man dy't troch Mab mei grutte boppenatuerlike macht bejeftige is.
- Cat Sith, in gefaarlike ierdgeast fan it Winterhôf yn 'e foarm in hûskat ter grutte fan in poema.
- Jenny Greenteeth, in ierdgeast fan it Winterhôf en in tsjinster fan Maeve.
- Lacuna, in elfke fan it Winterhôf.
- de Leanansidhe, ek bekend as Lea, in machtige ierdgeast en in ealfrouwe fan it Winterhôf, dy't Harry Dresden syn peetmuoike is.
- de Readkap, in ierdgeast fan it Winterhôf en tsjinner fan Maeve.
- Andi Macklin, in wearwolvinne en in lid fan 'e Alphas.
- Oerâlde Mai, in Aziatyske tsjoenster en lid fan 'e Hege Ried fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij.
- Elaine Mallory, in tsjoenster dy't Harry Dresden syn earste leafde wie, doe't se beiden as bern yn 'e gryp fan Justin DuMorne ferkearden.
- "Gentleman Johnnie" Marcone, sakeman en gangster te Chicago.
- Hendricks, syn liifwacht.
- Miss Gard, eins de walkuere Sigrún, dy't as boppenatuerlik adviseur fan Monoc Securities ynhierd is troch Marcone.
- Martin, in heal-minsklike fampier fan it Reade Hôf en in lid fan it Genoatskip fan Sint Gilles.
- Mavra, ien fan 'e lêste machtige fampieren fan it Swarte Hôf.
- "Mac" McAnally, de eigner fan Harry Dresden syn stamkroech McAnally's, dy't trochgiet foar in minske, mar dat net is.
- Ebenezar McCoy, in tsjoender en lid fan 'e Hege Ried fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij. Hy is fan Skotsk komôf fia Missoery en is al yn Noard-Amearika aktyf sûnt de Frânske en Yndiaanske Oarloch. Hy is ek Harry Dresden syn âlde learmaster en pake.
- Mem Winter en Mem Simmer, de beide âldste keninginnen fan it Winter- en Simmerhôf fan 'e ierdgeasten. Hja binne hege Sidhe en sa machtich dat se mei in gedachte immen deadzje kinne.
- Donald Morgan, in tsjoender en de fjildkommandant fan 'e warders fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij.
- Karrin Murphy, plysjeresjersjeur en haad fan 'e Spesjale Undersyksienheid fan 'e Plysje fan Chicago.
- Collin J. Murphy, byneamd Jack, har heit, by libben in plysjeman, dy't no as geast lieding jout oan 'e "tuskenyn"-ienheid fan Plysje fan Chicago, dy't yn 'e geastewrâld de saken behannelet fan minsken dy't net oan natuerlike oarsaken stoarn binne.
- My Shadow, in timpelhûn of Tibetaanske mastyf, dy't ôfstammet fan in godlike beskermgeast en in stjerlike hûn, de âldere en gruttere broer fan Mouse.
- Nicodemus Archleone, in tige machtige fallen ingel en de lieder fan 'e denarianen, de leden fan 'e Oarder fan 'e Swartbrânde Denaarje.
- don Paolo Ortega, in fampier, de hartoch en oarlochslieder fan it Reade Hôf, dy't him nei de bûtenwrâld ta foardocht as in ûndersiker en ûntkrêfter fan boppenatuerlike ferskynsels.
- Samuel Peabody, in tsjoender en de argivaris fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij.
- Simon Pietrovich, in tsjoender en lid fan 'e Hege Ried fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij.
- dr. Helena Pounder, in argeologe dy't by it ferrjochtsjen fan fjildwurk de sasquatch Krêft-fan-in-Rivier-yn-Syn-Skouders mette en swier fan him rekke.
- Thomas Raith, in fampier fan it Wite Hôf, dy't op in stuit Harry Dresden syn healbroer blykt te wêzen.
- Justine, syn grutte leafde, in minsklike frou.
- Lara Raith, syn âldere suster, in eardere pornoaktrise en de wiere hearskeresse fan it Wite Hôf.
- Inari Raith, syn jongste suster, dy't neat ôfwit fan har fampieryske erfskip.
- Carlos Ramirez, in tsjoender en de regionale kommandant fan westlik Noard-Amearika foar de warders fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij.
- Henry Rawlins, in plysjeresjersjeur fan 'e Spesjale Undersyksienheid fan 'e Plysje fan Chicago.
- Rashid, ek bekend as de Poartewachter, in Middeneastlike tsjoender en lid fan 'e Hege Ried fan 'e Wite Ried fan Tsjoenderij.
- Susan Rodriguez, oarspronklik in minsklike sjoernaliste en Harry Dresden syn freondinne, letter in fampier fan it Reade Hôf en in aginte foar it Genoatskip fan Sint Gilles.
- Barry Rudolph, in resjersjeur fan de ôfdieling Ynterne Saken fan 'e Plysje fan Chicago.
- Sanya, in negroïde Rus dy't ien fan 'e Ridders fan it Krús is.
- Shiro Yoshimo, in ôfstammeling fan 'e keningen fan 'e Rjûkjû-eilannen en in Ridder fan it Krús.
- John Stallings, in plysjeresjersjeur fan 'e Spesjale Undersyksienheid fan 'e Plysje fan Chicago.
- Bianca St. Claire, in fampier en ealfrouwe fan it Reade Hôf en de madam fan it bordeel The Velvet Room.
- Barry Tilly, in agint fan de FBI.
- Titania, de keninginne fan it Simmerhôf, in hege Sidhe dy't oer de ierdgeasten hearsket dy't tradisjoneel as goeddaardich beskôge wurde.
- Aurora, de frouwe fan it Simmerhôf, in hege Sidhe dy't as opfolchster fan Titania ornearre is.
- Lily, in healbloed-ierdgeast en model, en de opfolchster fan Aurora as frouwe fan it Simmerhôf.
- Sarissa, de heal-minsklike dochter fan Mab, de keninginne fan it Winterhôf, dy't troch omstannichheden úteinlik de opfolchster wurdt fan Lily as frouwe fan it Simmerhôf.
- Ronald Reuel, de Simmerridder, in minsklike man dy't troch Titania mei grutte boppenatuerlike macht bejeftige is.
- Fix, in healbloed-ierdgeast en de opfolger fan Ronald Reuel as Simmerridder.
- Toet-toet, in elfke dat wurket as ynformant foar Harrie Dresden.
- Uriël, in aartsingel fan 'e himel.
- Donar Vadderung, de eigner fan it befeiligingsbedriuw Monoc Securities, dy't eins de Germaanske god Odin is, en dy't ek bybeunt ûnder de namme fan Kris Kringle, oftewol de krystman.
- Anna Valmont, in masterdievegge.
- Tera West, in wolfwear (in wolf dy't yn in minske feroarje kin, yn tsjinstelling ta in wearwolf, dat in minske is dy't yn in wolf feroarje kin).
Publikaasjeskiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Auteur Jim Butcher besleat om skriuwer te wurden doe't er njoggentjin jier wie. Hy skreau doe trije romans dy't ta it fantasysjenre hearden en ien dy't er omskreau as 'boppenatuerlik'. Alle fjouwer wiene, sa fertelde er letter yn in fraachpetear, "ferskriklik". Yn 1996 joech er him op foar in oplieding kreätyf skriuwen, dêr't er fertelde dat er in protte aardichheid hie oan 'e Anita Blake: Vampire Hunter-searje fan Laurell K. Hamilton. De dosinte, skriuwster Deborah Chester, fitere him doe oan om ynstee fan hege fantasy, dêr't er him oant doe ta op talein hie, in roman te skriuwen fan it subsjenre fan 'e urban fantasy, dêr't ek de Anita Blake-rige ta hearde. Yn 't earstoan fersette Butcher him dêrtsjin, oant er besleat om Chester har ynstruksjes nei de letter op te folgjen, mei as doel om har te bewizen dat it resultaat weardeleas wêze soe. Sa skreau er datselde semester noch syn earste urban fantasy-roman. Dat waard Storm Front, it earste diel fan The Dresden Files.
It boek, mei as oarspronklike wurktitel Semiautomagic (in wurdboarterij op semiautomatic ("semy-automatysk gewear") en magic ("tsjoenderij"), wie neffens Chester it útjaan wurdich. Sadwaande begûn Butcher om te sjen nei in útjouwer. De earste trije jier woe dat lykwols net slagje, en yn dy snuorje skreau er it twadde diel yn 'e rige, Fool Moon, en rekke er al in aardich ein op slach mei diel trije, Grave Peril. Hy besleat úteinlings om him te konsintrearjen op it oanskriuwen fan literêr aginten dy't al earder urban fantasy-romans publisearre krigen hiene. Sadwaande rjochte er him as earste op Ricia Mainhardt, de aginte fan Laurell Hamilton. Hy stjoerde har it manuskript fan Storm Front ta, mar dat waard ôfwiisd. Butcher joech it net op en socht op in fantasykonvinsje kontakt mei Hamilton, dy't him útnûge foar in lunch mei Mainhardt en in twadde literêr aginte, Jennifer Jackson. Under dy moeting wist Butcher Mainhardt te bepraten, sadat se deryn tastimde om him te fertsjintwurdigjen. In healjier letter waard The Dresden Files oankocht troch Roc Books, in ymprint fan Penguin.
It earste diel fan The Dresden Files, Storm Front, waard op 1 april 2000 publisearre as paperback. De beide folgjende dielen, Fool Moon en Grave Peril, kamen koarte tiid letter út, yn jannewaris, resp. septimber 2001, ek yn paperbackfoarm. Lettere dielen waarden publisearre mei tuskenskoften fan likernôch in jier. Fanôf diel sân, Dead Beat, ferskynden de boeken earst as hardcoveredysje. Diel fyftjin, Skin Game, dat nominearre waard foar de prestizjeuze Hugo Award foar bêste roman, kaam út yn 2014, wêrnei't Butcher in stikmannich jierren lins naam foar oare projekten. Anno 2018 waard bekendmakke dat Butcher plannen hat om The Dresden Files noch út te wreidzjen mei likernôch tweintich boeken, mei dêropta in "grutte apokalyptyske trilogy" as klimaks.
Yn 2005 kocht útjouwerij Orbit Books The Dresden Files oan foar in Jeropeeske (Britske) útjefte. Dêrnei joech Orbit twa boeken de moanne út oant se Butcher byhelle hiene. De earste njoggen dielen fan 'e romanrige waarden fan 2005 oant 2008 ek yn fjouwer omnibusedysjes útjûn troch de Science Fiction Book Club. Fan 'e earste trije dielen ferskynden Nederlânsktalige oersettings by De Vliegende Hollander.
Fierders binne alle dielen fan The Dresden Files, ynkl. de ferhalebondel Side Jobs, útbrocht as lústerboek. De lústerboekedysjes fan 'e earste fjouwer dielen waarden produsearre troch Buzzy Multimedia Publishing, mar fanôf it fyfde diel, Death Masks, binne it útjeften fan Penguin Audio. Alle lústerboeken útsein diel trettjin, Ghost Story, waarden ynsprutsen troch James Marsters. Dyselde moast yn 2011 lykwols by Ghost Story ferstek gean litte om't er oare ferplichtings hie. Sadwaande waard it lústerboek fan dat diel ynsprutsen troch John Glover. Neitiid waard der yn april 2015 likegoed noch in lústerboekferzje fan Ghost Story ynsprutsen troch Marsters.
Boeken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- romans
- 2000 – Storm Front
- Nederlânske oersetting: Stormnacht (fert. Lia Belt, 2009)
- 2001 – Fool Moon
- 2001 – Grave Peril
- 2002 – Summer Knight
- 2003 – Death Masks
- 2004 – Blood Rites
- 2005 – Dead Beat
- 2006 – Proven Guilty
- 2007 – White Night
- 2008 – Small Favor
- 2009 – Turn Coat
- 2010 – Changes
- 2011 – Ghost Story
- 2012 – Cold Days
- 2014 – Skin Game
- 2020 – Peace Talks
- 2020 – Battle Ground
- omnibusedysjes
- 2005 – Wizard for Hire (omfettet Storm Front, Fool Moon en Grave Peril)
- 2006 – Wizard by Trade (omfettet Summer Knight en Death Masks)
- 2007 – Wizard at Large (omfettet Blood Rites en Dead Beat)
- 2008 – Wizard Under Fire (omfettet Proven Guilty en White Night)
- koarte fiksje
- 2010 – Side Jobs (ferhalebondel, omfettet 11 koarte ferhalen)
- A Restoration of Faith (foàr Storm Front; earder publisearre op 'e webside fan Jim Butcher)
- Vignette (tusken Death Masks en Blood Rites; earder publisearre op 'e webside fan Jim Butcher)
- Something Borrowed (tusken Dead Beat en Proven Guilty; earder publisearre yn 'e blomlêzing My Big Fat Supernatural Wedding)
- It's My Birthday, Too (tusken White Night en Small Favor; earder publisearre yn 'e blomlêzing Many Bloody Returns)
- Heorot (tusken White Night en Small Favor; earder publisearre yn 'e blomlêzing My Big Fat Supernatural Honeymoon)
- Day Off (tusken Small Favor en Turn Coat; earder publisearre yn 'e blomlêzing Blood Lite)
- Backup (tusken Small Faver en Turn Coat; ek wol omskreaun as in koarte novelle; earder publisearre as selsstannige útjefte fan Subterranean Press)
- The Warrior (tusken Small Favor en Turn Coat; earder publisearre yn 'e blomlêzing Mean Streets)
- Last Call (tusken Small Favor en Turn Coat; earder publisearre yn 'e blomlêzing Strange Brew)
- Love Hurts (tusken Turn Coat en Changes; earder publisearre yn 'e blomlêzing Songs of Love and Death)
- Aftermath (tusken Changes en Ghost Story; eins gjin koart ferhaal, mar in novelle; earste publikaasje yn Side Jobs)
- 2015 – Working for Bigfoot (ferhalebondel, omfettet 3 koarte ferhalen)
- B Is for Bigfoot (tusken Fool Moon en Grave Peril; earder publisearre yn 'e blomlêzing Under My Hat: Tales from the Cauldron)
- I Was a Teenage Bigfoot (tusken Dead Beat en Proven Guilty; earder publisearre yn 'e blomlêzing Blood Lite III: Aftertaste)
- Bigfoot on Campus (tusken Turn Coat en Changes; earder publisearre yn 'e blomlêzing Hex Appeal)
- 2018 – Brief Cases (ferhalebondel, omfettet 12 koarte ferhalen, wêrûnder alle trije út Working for Bigfoot)
- A Fistful of Warlocks (spilet yn 'e 19e iuw; earder publisearre yn 'e blomlêzing Straight Outta Tombstone)
- B Is for Bigfoot (tusken Fool Moon en Grave Peril; earder publisearre yn 'e blomlêzing Under My Hat: Tales from the Cauldron, en yn 'e ferhalebondel Working for Bigfoot)
- AAAA Wizardry (tusken Proven Guilty en White Night; earder publisearre yn The Dresden Files Roleplaying Game Volume Two: Our World)
- I Was a Teenage Bigfoot (tusken Dead Beat en Proven Guilty; earder publisearre yn 'e blomlêzing Blood Lite III: Aftertaste en yn 'e ferhalebondel Working for Bigfoot)
- Curses (tusken Small Favor en Turn Coat; earder publisearre yn 'e blomlêzing Naked City: Tales of Urban Fantasy)
- Even Hand (tusken Turn Coat en Changes; earder publisearre yn 'e blomlêzing Dark and Stormy Knights)
- Bigfoot on Campus (tusken Turn Coat en Changes; earder publisearre yn 'e blomlêzing Hex Appeal en yn 'e ferhalebondel Working for Bigfoot)
- Bombshells (tusken Ghost Story en Cold Days; earder publisearre yn 'e blomlêzing Dangerous Women)
- Cold Case (tusken Cold Days en Skin Game; earder publisearre yn 'e blomlêzing Shadowed Souls)
- Jury Duty (nei Skin Game; earder publisearre yn 'e blomlêzing Unbound)
- Day One (nei Skin Game; earder publisearre yn 'e blomlêzing Unfettered II)
- Zoo Day (nei Skin Game; eins gjin koart ferhaal, mar in novelle; earste publikaasje yn Brief Cases)
- oare koarte ferhalen
- 2020 – Christmas Eve (earste publikaasje efteryn de roman Battle Ground)
- 2022 – Little Things (earste publikaasje yn Heroic Hearts)
Prizen en nominaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]jier | priis | resultaat | kategory | foar |
---|---|---|---|---|
2009 | Hugo Award | nominearre | bêste grafyske ferhaal | Welcome to the Jungle |
2015 | Hugo Award | nominearre | bêste roman | Skin Game |
Adaptaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tillefyzjesearje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2006 waard The Dresden Files adaptearre ta in tillefyzjesearje, dy't ek The Dresden Files hiet. Dêrfan waard op 21 jannewaris 2007 de earste ôflevering útstjoerd op it Amerikaanske Sci Fi Channel. De rol fan Harry Dresden waard spile troch akteur Paul Blackthorne. Foar de tillefyzjesearje wie de eftergrûn fan Harry op ferskate manearen oanpast. Om't de sjochsifers ôffoelen, waard de searje yn augustus 2007 stopset. Fans krewearren noch jierrenlang om 'e searje werom op 'e tillefyzje te bringen.
Grafyske romans
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn oktober 2007 makke Jim Butcher op syn webside bekend dat er yn see gie mei Dabel Brothers Productions om in rige grafyske romans te skriuwen op basis fan The Dresden Files. Hy wie dêr sels aktyf by belutsen, sawol wat de tekst oangie as op it mêd fan it ferlienen fan goedkarring oan 'e manear fan it tekenjen fan 'e haadpersoanen. De fjouwerdielige rige Welcome to the Jungle, tekene troch Ardian Syaf, waard yn 2008 útjûn as prequel fan Storm Front. Yn oktober fan dat jier waard dy rige yn ien bân útjûn. Welcome to the Jungle waard yn 2009 nominearre foar de Hugo Award yn de kategory 'bêste grafyske ferhaal'.
Nei Welcome to the Jungle ferskynden as grafyske romans: Storm Front (yn 2 dielen), Fool Moon (yn 2 dielen) en dêrnei in oantal oarspronklike grafyske ferhalen: Ghoul, Goblin, War Cry, Down Town, Wild Card en Dog Men. Tusken it earste en twadde diel fan Storm Front yn gie de rige oer yn oare hannen, fan Dabel Brothers op Dynamite Entertainment. Dat soarge foar in gat fan twa jier tusken dy beide albums yn. Ardian Syaf gie by it projekt wei om foar DC Comics te wurkjen, en Brett Booth makke Storm Front ôf. Neitiid wiene ferskate striptekeners by it projekt belutsen.
- 2008 – Welcome to the Jungle (tekene troch Ardyan Syaf; oarspr. útjûn as in fjouwerdielige rige, yn okt. 2008 yn ien bân ferskynd by Dabel Brothers Entertainment; prequel fan Storm Front)
- 2009 – Storm Front, Volume 1: The Gathering Storm (tekene troch Ardyan Syaf; útjûn troch Dabel Brothers Entertainment; ferstripping fan 'e earste helte fan Storm Front, ynkl. in ferstripping fan it koarte ferhaal A Restoration of Faith)
- 2011 – Storm Front, Volume 2: Maelstrom (tekene troch Ardyan Syaf en Brett Booth; útjûn troch Dynamite Entertainment; ferstripping fan 'e twadde helte fan Storm Front)
- 2011 – Fool Moon, Volume 1 (tekene troch Chase Conley; útjûn troch Dynamite Entertainment; ferstripping fan 'e earste helte fan Fool Moon)
- 2012 – Fool Moon, Volume 2 (tekene troch Chase Conley; útjûn troch Dynamite Entertainment; ferstripping fan 'e twadde helte fan Fool Moon)
- 2013 – Ghoul, Goblin (tekene troch Joseph Cooper; útjûn troch Dynamite Entertainment; orizjinele grafyske roman, fynt plak tusken Fool Moon en Grave Peril yn)
- 2014 – War Cry (tekene troch Carlos Gomez; útjûn troch Dynamite Entertainment; orizjinele grafyske roman, fynt plak nei Dead Beat)
- 2015 – Down Town (tekene troch Carlos Gomez; útjûn troch Dynamite Entertainment; orizjinele grafyske roman, fynt plak nei White Night en foàr it koarte ferhaal It's My Birthday, Too)
- 2016 – Wild Card (tekene troch Carlos Gomez; útjûn troch Dynamite Entertainment; orizjinele grafyske roman, fynt plak tusken Small Favor en Turn Coat yn)
- 2017 – Dog Men (tekene troch Diego Galindo; útjûn troch Dynamite Entertainment; orizjinele grafyske roman, fynt plak tusken tusken Small Favor en Turn Coat yn)
Roleplaying game
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan The Dresden Files is ek in roleplaying game útjûn, yn 'e foarm fan in boerdspul, mei as namme The Dresden Files Roleplaying Game. It spul waard ûntwikkele troch Evil Hat Productions yn gearwurking mei Jim Butcher, en kaam yn juny 2010 op 'e merk. It is in boerdspul wêrby't de spilers in wiid ferskaat oan personaazjes út The Dresden Files spylje kinne, fan tsjoender Harry Dresden sels, syn learlinge Molly Carpenter en syn healbroer, de wite fampier Thomas Raith, oant plysje Karrin Murphy en gangster "Gentleman Johnny" Marcone. Dêrfoar moat men earst wol trije boeken troch: Volume One: Your Story, dêr't de spulregels yn steane, Volume Two: Our World, dêr't in yngeande eftergrûn fan 'e wrâld fan The Dresden Files yn jûn wurdt, en Volume Three: Paranet Papers, dat fierder útwreidet oer sawol de regels as de wrâld, yn 't bysûnder oangeande de ferzje fan Las Vegas yn The Dresden Files. De roleplaying game waard tige goed ûntfongen en wûn prizen by de Origins Awards, de Golden Geek Awards en de ENnies. Evil Hat Productions hat ek besocht in live action roleplaying game fan The Dresden Files te ûntwikkeljen, mar dêr besleat men yn 'e testfaze fan ôf te sjen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
The Dresden Files | |
---|---|
A Fistful of Warlocks3 • A Restoration of Faith1 • Storm Front • Fool Moon • B Is for Bigfoot2,3 • Grave Peril • Summer Knight • Death Masks • Vignette1 • Blood Rites • Dead Beat • I Was a Teenage Bigfoot2,3 • Something Borrowed1 • Proven Guilty • AAAA Wizardry3 • White Night • It's My Birthday, Too1 • Heorot1 • Small Favor • Day Off1 • Backup1 • The Warrior1 • Last Call1 • Curses3 • Turn Coat • Love Hurts1 • Even Hand3 • Bigfoot on Campus2,3 • Changes • Aftermath1 • Ghost Story • Bombshells3 • Cold Days • Cold Case3 • Skin Game • Jury Duty3 • Day One3 • Zoo Day3 • Peace Talks • Battle Ground • Christmas Eve • Little Things | |
fet = roman; 1) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Side Jobs; 2) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Working for Bigfoot; 3) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Brief Cases |
- The Dresden Files
- Literêr wurk fan Jim Butcher
- Fantasyromansearje
- Ingelsktalige romansearje
- Romansearje út 2000
- Literatuer oer fampieren
- Literatuer oer wearwolven
- Literatuer oer sombys
- Literatuer oer elven
- Literatuer oer pixies
- Literatuer oer demoanen
- Literatuer oer ingels
- Literatuer oer goaden
- Literatuer oer tsjoenderij
- Literatuer oer tsjoenders