Springe nei ynhâld

Tuberkuloaze

Ut Wikipedy
    Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout!
Tuberkelkultuer
Mikroskopysk byld fan in tuberkuloazebesmetting. Troch de kleurtechnyk binne hjirop gjin mykobaktearjen te sjen
Tuberkelbaktearjen ûnder de elektroanemikroskoop.

Tuberkuloaze is in slimme, bytiden besmetlike baktearjele ynfeksjesykte meast feroarsake troch Mycobacterium tuberculosis. Dy baktearje is yn 1882 ûntdekt troch Robert Koch. Troch brûken fan meardere dêrta geskikte antibiotika tagelyk is tuberkuloaze tsjintwurdich meast goed te behanneljen.

Yn de folksmûle wurdt tuberkuloaze ek wol tarring neamd. Yn de perioade dat der noch gjin wurksume genêsmiddels bestienen tsjin tuberkuloaze ûntstie de eufemistyske ôfkoarting TBC, of sels TB, dy't ek tsjintwurdich noch wol brûkt wurde. De term 'wite pest' is ek wolris foar tuberkuloaze brûkt.

By hurd ferrinnende gefallen waard de sykte wol oantsjutten as 'fliegende tarring'. Ek it eufemisme 'pleuritis' (dat longfluesûntstekking betsjut, los fan de oarsaak) waard wol ris brûkt. De namme tuberkuloaze komt fan de tuberkels, knolfoarmige lichemkes, ek wol granulomen neamd, dy't in skaaimerk binne foar ûntstekkings feroarsake troch dizze baktearjegroep.

Op 24 maart 1882 makke Robert Koch bekend dat er de baktearje Mycobacterium tuberculosis dy't tuberkuloaze feroarsake ûntdekt hie. Yn 1905 hat hy dêrfoar de Nobelpriis foar de Genêskunde krigen. Op 24 maart 1982, presys 100 jier nei de ûntdekking fan de tuberkuloazebaktearje, waard de earste Wrâld Tuberkuloazedei sponsorre troch de WHO en de IUATLD ynsteld. Op dy dei wurdt wrâldwiid ynformaasje jûn oer tuberkuloaze en de effekten dy't de sykte hat op de (wrâldwide) folkssûnens en ekonomy.

Hûndert jier lyn waard eigentlik eltsenien der úteinlik mei besmetten, mar de measte minsken waarden better fan de earste besmetting sûnder der merkber siik fan te wurden, wêrmei't se troch harren ymmuniteit dêrtsjin beskerme wienen. Wol hienen se faak yn harren longen of earne oars noch djip ynkapsele, libbene tbc-baktearjen, dy't by in slimme fermindering fan de wjerstân noch wolris aktivearre wurde koenen.

Foar de Twadde Wrâldoarloch hie tbc in status dy't allinnich fergelykber is mei de behanneling fan aids fan no: in faak fataal ferrinnende, amper behannelbere sykte. De behanneling bestie út rêst en kueren yn sanatoariums mei 'sûne lucht', op de Feluwe, Appelskea (Beatrixoard) of yn it heechberchtme (bygelyks Davos). It earste sanatoarium foar TBC pasjinten waard yn 1855 iepene yn Görbersdorf yn Dútslân, tsjintwurdich hjit dat plak Sokołowsko en leit it yn Poalen. Nederlân hie yn it jier 1900 ± 5 miljoen ynwenners, jierliks ferstoarnen ûngefear 10.000 minsken oan tuberkuloaze. Dat is relatyf sawat trije kear de hjoeddeiske stjerte oan longkanker.

Sykteferwekkers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Mycobacterium tuberculosis yn de Ziehl-Neelsen-kleuring (soerfêste staven)

Oer it generaal wurdt tuberkuloaze feroarsake troch in lid fan it Mycobacterium Tuberculosis Kompleks (MBTC), meastal giet it dan om de baktearje Mycobacterium tuberkulosis. Oare leden fan it M. tuberculosis kompleks binne Mycobacterium bovis, Mycobacterium bovis BCG (de baktearje út it faksin tsjin TBC), Mycobacterium africanum, Mycobacterium microti, Mycobacterium pinnipedi, Mycobacterium caprae en Mycobacterium canetii. Mycobaktearjen binne bepaalde typen baktearjes, faak oantsjutten as soerfêste staven, sa neamd nei de eigenskip dat se by de Ziehl-Neelsen-kleuring net troch soer ûntkleure wurde lykas oare baktearjes (en ek net deade wurde kin troch maachsoer).

Tuberkuloaze by de minsk dy't net troch in mykobaktearje út it MBTC feroarsake wurde, wurdt 'atypyske tuberkuloaze' neamd, dus gjin 'echte' tuberkuloaze.

Tbc is benammen in sykte fan de longen mar yn prinsipe kinne alle organen troch de tuberkelbaktaerje oantaasten wurde. Yn it Westen makket longtuberkuloaze ûngefear 60% fan alle gefallen fan tuberkuloaze út. Yn Aziatyske lannen wurdt relatyf mear tuberkuloaze yn oare organen fûn, lykas lymfekliertuberkuloaze. De meast foarkommende symptomen fan longtuberkuloaze binne oanhâldend hoastjen, gewichtsferlies, nachtswitten, pine yn de boarstkas en bloed ophoastje. "Iepen longtuberkuloaze" betsjut dat der yn it sputum nei kleuring ûnder de mikroscoop tuberkuloazebaktearjen te sjen binne. Dat is de besmetlikste fariant fan longtuberkuloaze. Lymfekliertuberkuloaze utert him troch in opsetten fan lymfeklieren, bg. yn de hals. It is ek mooglik dat tuberkuloaze him op mear plakken tagelyk oppenearret. De symptoamen fan tuberkuloaze bûten de longen hingje ôf fan it plak dêr't de sykte sit. By werveltuberkuloaze sil bygelyks rêchpine optrede kinne. Harsenfluesûntstekking (tuberkuleuze meningitis) is de meast libbensbedrigende foarm fan tbc bûten de longen.

80% fan de gefallen fan tuberkuloaze docht him foar yn de read oanjûne lannen. Boarne: [[Wrâldsûnensorganisaasje]]

De Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) skat dat der yn 2004 wrâldwiid 9 miljoen minsken tuberkuloaze krigen hawwe en dat 1,7 miljoen minsken stoarn binne troch dizze sykte. Dit binne sawat 5000 tuberkuloaze-deaden op in dei. Ungefear 1/3 fan de wrâldbefolking is besmetten mei tbc-baktearjen, sûnder siik te wêzen. Dizze minsken hawwe in saneamde "latinte tuberkuloaze ynfeksje", faak ôfkoarte as LTBI. It is fan belang dit te ûnderskieden fan de saneamde "aktive tuberkuloaze", de tuberkuloaze as sykte. It is net altiten like dúdlik oft in tb aktyf is of dat it giet om in âlde ynfeksje mei tbc-baktearjen.

Tsjintwurdich (2006) binne der noch altiden ± 1100 tbc-pasjinten yn it jier yn Nederlân, hast de helte hjirfan wurdt fûn yn de fjouwer grutte stêden. Wat minder as twa tredde fan de Nederlânske pasjinten is fan bûtenlânske komôf. Dit is net frjemd omdat tbc benammen bûten westerske lannen foarkomt en tanimt.

Ungefear 25-30% fan de tbc-pasjinten wurdt bûten it sikehûs fûn, meastentiids troch de GGD.

In 2005 berikte de tuberkuloaze-ynsidinsje (oantal nije tuberkuloazepasjinten per 100.000 ynwenners per jier) yn Belgje opnij it nivo fan de foarbye jierren. Der waard oanjefte dien fan 1.144 pasjinten, wat oerienkomt mei in ynsidinsje fan 11,0 nije tuberkuloazepasjinten op de 100.000 persoan-jierren. Ungefear 51% fan dizze nije pasjinten gie net-Belgen oan.

Besmettingswize

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fierwei de measte besmettings komme troch it ynademjen fan lytse yn de loft swevende tuberkuloazebaktearjen. Benammen by hoastjen wurde in soad ynfektueuze dieltsjes ferspraat. In oare wize fan ynfektearjen is it iten fan fiedsel mei tuberkuloazebaktearjen. As bygelyks yn in bar de glêzen net goed ûntsmetten wurde, kin dat in eksploazje fan tbc feroarsaakje ûnder de besikers. Ek kinne minsken besmetten reitsje troch it drinken fan molke dy't kijtuberkuloaze hawwe. Kijtuberkuloaze wurdt feroarsake troch Mycobacterium bovis. Yn Fryslân kaam sa'n besmetting eartiids in soad foar, mar dit waard mei súkses bestriden troch it ynfieren fan pasteurisearre molke en it tbc-frij meitsjen fan de feesteapel.

By besmetting mei tuberkuloazebaktearjen komt de baktearje it lichem yn troch de longen. Op it plak fan binnenkommen yn de long, fermannichfâldiget de baktearje him en lit him mei de lymfe nei it regionale lymfeklierstasjon transportearje. Dit is faak de hilus. Yn de lymfeklieren yn de hilus of op in oar plak yn it mediastinum, treedt in ôfwarreaksje op wêrtroch't de lymfeklier grutter wurdt. Dit kin sichtber wêze op in longfoto. Hjirnei folget in fersprieding fan de tuberkuloazebaktearje fia lymfe en bloed troch it hiele lichem. Nei likernôch seis wike hat it lichem meastentiids genôch ôfwar ûntwikkele om de ynfeksje te wjerstean. Wol bliuwe rûnom yn it lichem noch 'sliepende' tuberkuloazebaktearjen efter. By ûngefear 1% fan de minsken sil oanslutend oan de besmetting tuberkuloaze ûntstean. By ûngefear 10% sil de 'sliepende' tuberkuloazebaktearje op in letter stuit wer aktyf wurde en de sykte tuberkuloaze feroarsaakje. Dit is de saneamde post-primêre tuberkuloaze. Hjirby bestiet in foarkar foar de boppeste longkwabben (benammen foar it apiko-dorsale segmint), mar tuberkuloaze kin op alle plakken yn it lichem ûntstean. Tuberkuloaze is dêrom in systeemsykte, it weiheljen fan allinnich it diel dêr't tuberkuloaze ta uting komt (bygelyks in longkwab) is net genôch. Meastal treedt sykte binnen in jier of twa nei de besmetting op, mar it kin ek 60 jier of langer duorje. By minsken mei in ferlege ôfwar of jonge bern is de kâns grutter as ± 10% op it ûntwikkeljen fan tuberkuloaze. By mei HIV ynfektearre minsken dy't net behannele wurde, is de kâns op it krijen fan tbc nei besmetting ûngefear 10% per jier. Yn lannen mei in soad HIV is dêrom faak ek tuberkuloaze. Yn Afrika besuden de Sahara sille de measte tbc-pasjinten hjirtroch ek HIV-posityf wêze. Tbc makket it ferrin fan in HIV-ynfeksje minder en oarsom fersterket in HIV-ynfeksje it ûntstean en ûntwikkeljen fan tuberkuloaze.

De baktearje is de lêste jierren wrâldwiid foar guon medikaminten minder gefoelich of sels resistint wurden. As in tbc-baktearje resistint wurdt, is dat meastal it gefolch fan in ferkearde behanneling: de arts kin ferkearde medisinen foarskriuwe, de apteek kin de ferkearde medisinen ôfleverje, de medisinen binne fan minne kwaliteit en/of de pasjint kin de medisinen ferkeard of net ynnimme.

Der wurdt ûnderskied makke tusken ferskillende gradaasjes fan resistinsje:

  • Monoresistinsje
  • MDR-TB (Multi Drug Resistant Tuberculosis)
  • XDR-TB (Extensively Drug Resistant Tuberculosis)

As in pasjint besmetten wurdt mei in al resistinte baktearje hjit dit in primêre resistinsje. As de baktearje pas by de behanneling resistint wurdt, giet it om in sekundêre resistinsje. Yn 2005 wie yn Belgje 1,5% fan alle tuberkuloazepasjinten mei positive sputumkultuer en beskikber antibiogram, besmetten mei de multidrug-resistinte tuberkelbasil (resistint tsjin teminsten isoniazide en rifampisine) en 5,5% wie isoniazide-resistint. Yn 2005 wie yn Nederlân 6,5% fan alle kweekte tuberkuloazebaktearjes resistint tsjin INH en 0,8% foel ûnder de definysje fan MDR-TB.

Monoresistinsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dit is resistinsje tsjin ien tuberkuloaze-medisyn. Soms is hjirtroch oanpassing fan de behanneling nedich. By resistinsje tsjin allinnich INH (Isoniazide) kin de behanneling mei in lytse oanpassing yn de medikaasje noch altiten yn 6 moannen ôfrûne wurde. By in medikaasjeskema sûnder Rifampisine, lykas by monoresistinsje tsjin Rifampisine, moat de behanneling ferlinge wurde nei 12-18 moannen.

Multi Drug Resistant Tuberculosis (MDR-TB)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In MDR-TB (Multi Drug Resistant Tuberculosis) is resistint foar teminsten INH en Rifampisine, los fan oare resistinsjes.

MDR-TB wurdt benammen fûn yn gedieltes fan East-Europa (de trije Baltyske steaten (10-20%), Kazachstan (25%, >50% by TB-residiven)), Kirgyzje, in Israel (troch ymmigraasje út Ruslân), Súd-Afrika, Sjina en ûnder mear Haïti en India. Finzenissen binne yn in soad lannen berucht troch de grute oantallen tbc-pasjinten. Wrâldwiid binne der jierliks sirka 500.000 nije MDR-TB pasjinten, dit is 5% fan alle nije tuberkuloazegefallen per jier.

Yn 2009 soenen yn Kirgyzje 1400 lijers oan MDR-TB wêze, fan wa't der mar 600 ûnder behanneling wienen en fan wa't der 300 finzenen wienen. De behanneling kostet ûngefear US $7.000 per pasjint - in grut bedrach yn in lân dêr't it gemiddelde jierlean $1600 is.

Yn Nederlân wie der de lêste jierren gjin taname te sjen yn it foarkommen fan resistinsje. Ferwachte wurdt, dat it foarkommen fan resistinsje tanimme sil no't de EU sûnt maaie 2004 inkele lannen omfiemet dêr't in soad Multi-Drug-Resistant-TB foarkomt en grinzet oan lannen mei in soad MDR-TB. De behandeldoer is meastal 18-24 moannen en de behanneling kin wol 100 kear sa djoer útpakke as de behanneling fan in gewoane tuberkuloaze. By de behanneling wurde neist modernere medisinen ek faak medisinen brûkt út de jierren '40 of '50 dy't net mear brûkt waarden fanwege harren lytse effektiviteit of omdat se in soad bywurkings hienen. Foarbylden hjirfan binne PAS, etionamide, klofazimine, sykloserine en kapreomysine. It bestriden fan in frij beheinde útbrek fan MDR-TB yn New York yn 1993 koste 4,2 miljard dollar.

Extensively Drug Resistant Tuberculosis (XDR-TB)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By XDR-TB (Extensively Drug Resistant Tuberculosis) bestiet der neist de resistinsjes dy't foarkomme by de MDR-TB ek resistinsje tsjin teminsten ien fan de fluorkwuinolonen en teffens tsjin minimaal ien fan de trije "Injectable Agents" út de twaddelynsmedikaasje tsjin tuberkuloaze (Amikasine, Kanamysine of Kapreomysine). Dizze fariant is noch slimmer te behanneljen as de MDR-TB; se wurdt banammen oantroffen yn East-Europa en Ruslân. Koartlyn wie der lykwols ek in eksploazje fan XDR-TB yn KwaZoeloe-Natal (Súd-Afrika), wêr't 52 fan de 53 XDR-TB-pasjinten stoarn binne. De mediane oerlibbing nei it stellen fan de diagnoaze wie by dizze groep pasjinten mar 16 dagen. Sels ûnder goede omstannichheden en mei de goede foarsjennings en medikaasje kin XDR-TB mar by in minderheid fan de pasjinten genêzen wurde. Yn Letlân falt yntiden 9% fan de MDR-TB-pasjinten ek ûnder de definysje fan XDR-TB. Yn in oantal eardere Sovjet-republiken sil dit oandiel heger lizze, krekte sifers ûntbrekke dêr troch de ôfwêzichheid fan goede tb-bestriding dêr. Hoe langer at wachte wurdt mei yngrepen yn de brânhurden mei XDR-TB hoe djoerder it wurdt. Yn Súd-Afrika liket de XDR-TB eksploazje grutter as ferwachte wie, mar hjir ûntbrekke ek goede gegevens. XDR-TB liket him yn Súd-Afrika benammen yn sikehuzen te fersprieden.

De oarsaak fan dizze tige resistinte foarm fan tb is, krektas it ûntstean fan oare resistinsjes, in net goed wurkjend tb-bestridingsprogramma: de resistinsjes binne "man made". Hjirmei wurdt bedoeld dat de baktearje de gelegenheid krigen hat troch in te lege dosearring fan te min middels tagelyk yn in oantal stappen ien foar ien resistint te wurden tsjin de brûkte genêsmiddels.

Erythema Nodosum by positive mantoux nei tbc-besmetting

By de mantouxtest wurdt in lytse hoeveelheid suvere aaiwiten fan Mycobacterium tuberculosis (tuberkuloaze-antigenen) yn de hûd spuite. At de pasjint yn it ferline ris besmetten rekke is mei tbc, hat hy of sy hjirtroch in immuniteitsreaksje ûntwikkele (Type IV allergy) dy't him dan utert troch in reade, opsetten plak op it stee fan de ynfeksje (mei mear as 10mm trochsneed). Dit hoecht niet te bewizen dat sa'n ien oan tbc lijt, allinnich dat it immuunsysteem yn it ferline alris yn kontakt west hat mei de baktearje. Die kin al troch it lichem oerwûn wêze (genêzen, âlde tbc) of noch aktyf wêze. De grutte fan de mantouxreaksje seit hast neat oer de mate fan ôfwar tsjin de tbc-baktearje. De útslach fan de mantouxtest wurdt opjûn yn it oantal millimeters dat de swelling ('ynduraasje') breed is. De soms oanwêzige reade ferkleuring fan de hûd is foar de útslach net fan belang. Troch HIV/AIDS, sommige ôfwarferleegjede medisinen en akute firusynfeksjes kin de mantouxreaksje minder betrouber wurde. It oantal fout-negative útslaggen nimt dan dus ta.

Eartiids waard eltsenien op jonge leeftyd al besmetten mei de baktearje mar tsjintwurdich is dit yn de measte Westerske lannen in seldsumheid. By jonge minsken dy't berne binne yn in lân dat al in hiel skoft relatyf net folle tuberkuloazepasjinten hat, komt in positive mantoux troch in besmetting mei tuberkuloazebaktearjen sa net folle foar; op hege jierren is it earder regel as ûtsûndering, omdat hja yn harren jeugd, doe't tuberkuloaze mear foarkaam, besmetten wurde binne. Dit jildt ek foar in protte allochtoanen dy't jierrenlang yn in lân wenne hawwe dêr't in soad tuberkuloaze foarkomt. Yn de praktyk binne dat faak net-Westerse lannen. Dit makket de test yn lannen dêr't al langere tiid net folle tuberkuloaze foarkomt geskikt as screenend ynstrumint foar it opspoaren fan minsken dy't troch in besmetlike tuberkuloazepasjint ynfektearre binne.

Tuberkuloaze-diagnostyk 1951 yn de DDR
Miliêre tb mei lymfeklierfergrutting yn it mediastinum en konsolidaasjes rjochtsûnder (foar de sjogger links)

Yn de tuberkuloazebestriding wurdt foar it oanwizen fan tuberkuloaze yn en by de longen in soad gebrûk makke fan longfoto's. Longtuberkuloaze jout hast altiten in sichtbere ôfwiking op de foto. By in minne immúnstatus (bg. troch HIV/AIDS) wurdt de foto (krektas de mantouxtest) minder betrouber omdat de ôfwikingen ôfnimme kinne.

Interferon-γ assays

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lêste jierren besteane der bloedtesten dy't presizer binne as de mantoux en gjin lêst mear hawwe fan earsdere faksinaasjes of besmettingen mei (de measte) atypyske Mycobaktearjen. Dizze groep testen wurdt yn de literatuer faak oantsjutten mei de term IGRA: Interferon Gamma Release Assay. Dizze testen binne meastal basearre op mjitting fan de γ-interferonproduksje troch beskate sellen fan it immúnsysteem nei ynkubaasje mei de aaiwiten ESAT-6, CFP-10 en ek TB7.7. De earder neamde selektiviteit bestiet omdat dizze aaiwiten allinnich fûn wurde by de Mycobacterium tuberculosis en de atypyske Mycobaktearjen M. marinum, M. kansasii en M. szulgai dy't by minsken net faak sykte feroarsaakje. Fan oarer atypyske Mycobaktearjen hat de test gjin lêst. De Kwuantiferon Gold™ test en de T-Spot.TB™ binne bekende represintanten fan dizze nije klasse tests. It is noch net goed dúdlik wat dizze tests yn de praktyk foar wearde hawwe. It liket der op dat se foar in diel wat oars mjitte as de mantoux. De spesifisiteit liket better te wêzen as by de mantouxtest. De sensitiviteit liket benammen by de BCG-faksinearden better te wêzen as by de Mantoux. Mar by net mei BCG faksinearden dy't bleatsteld binne oan tuberkuloaze binne de mantoux en de IGRA kwa sensitiviteit fergelykber.

Direkte Mikroscopy (fan sputum of BAL)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It bekendste binne de Ziehl-Neelsen kleuring en de Auramine kleuring. Hjirmei kinne soerfêste staven oantoand wurde. Dit binne meastentiids tuberkuloazebaktearjes, mar atypyske mycobaktearjen en ûnder mear Nocardia komme ek posityf út dizze testen. Dizze testen jouwe de wichtichste yndikaasje oer de besmetlikheid fan de tuberkuloazepasjint. BAL stiet foar Broncho-Alveolaire Lavage: by in bronchoskopy wurdt in bytsje fysjologysk sâlt yn de long ynbrocht, dat letter wer opsûge wurdt.

As it mooglik is wurdt besocht materiaal fan de tuberkuloazepasjint te kweken. Fan hast alles is in kweek te meitsjen, sputum, urine, biopten ensfh. By in positive tuberkuloazekweek stiet de diagnoaze tbc fêst en bestiet de mooglikheid om ferskate resistinsjes tsjin medisinen te testen. Yn ûngefear in tredde fan de pasjinten slagget it net om de baktearje te kweken. De diagnoaze moat dan op oare grûnen fêststeld wurde, bg. troch de klachten, röntgenfoto's ensfh. De bekendste tuberkuloazekweek is de kweek op de Löwenstein-Jensen kweekboaim, sjoch figuer. Omdat de M. tuberculosis mar stadich groeit duorret sa'n kweek tige lang, oant 3 moannen oan ta. Tsjintwurdich dogge de measte laboratoria ek in kweek yn in floeiber medium, om in positive kweekútslach gauwer te finen; 1-2 wiken heart ta de mooglikheden. In tuberkuloazekweek moat troch de arts altyd apart oanfrege wurde. By bern mei in begjinnende tuberkuloaze blykt it heechút yn de helte fan de pasjinten mooglik om de tuberkuloazebaktearje te kweken. Ek hat mar ûngefear de helte klachten. De diagnoaze wurdt by bern dêrom faak oan de hân fan de longfoto en de oanwêzichheid fan in besmetlike tuberkuloazepasjint yn de direkte omjouwing steld.

Twa bekende binne de PCR en de Accuprobe. Der wurdt mei dizze testen sjoen oft it DNA-fragmint mei de namme IS6110 oanwêzich is. As dit it gefal is, heart de fûne mycobaktearje ta it Mycobacterium Tuberculosis complex (MBTC). De PCR kin ek op direkt sputum dien wurde. De Accuprobe™ kin net op direkt sputum dien wurde, dizze wurdt op in positive kweek útfierd. It is fan belang te betinken dat de PCR ek in positive útslach jaan kin as de tuberkuloazebaktearjen al dea binne.
Resint besteane ek testen ("sneltest") dy't sûnder kweek op ôfnomd sputum dien wurde kinne om resistinsje tsjin antibiotika oan te toanen. Dit bart troch it oantoanen fan bepaalde bekende mutaasjes yn it DNA fan de tuberkuloazebaktearje dy't liede ta resistinsje foar antibiotika. By rifampisine giet it om in mutaasje yn it rpoB gen dy't by mear as 95% fan de tuberkuloazebaktearjen mei rifampisine resistinsje fûn wurdt. By INH giet it lestiger omdat der ferskillende mutaasjes foarkomme dy't de tuberkuloazebaktearje yn mear of mindere mate resistint meitsje. In bekende mutaasje is de katG mutaasje dy't foar wat mear as 50% fan de INH-resistinsje ferantwurdlik is.

Tbc is gewoanwei te behanneljen mei in kombinaasje fan antibiotika. De meast brûkte antibiotika binne Isoniazide (INH), Rifampisine, Pyrazinamide en Etambutol. De behanneling duorret minimaal 6 moannen en kin bywurkingen hawwe. De behanneling wurdt meastal thús dien mei isolaasjemaatregels. In minderheid fan de tbc-pasjinten wurdt foar behandeling opnomd yn in sikehûs of sanatoarium.

As de meast tapaste medisinen net genôch resultaat opleverje, wurdt twaddelynsmedikaasje tapast. Der binne seis haadgroepen fan de twaddelynsmedikaasje tsjin tuberkuloaze: aminoglycosiden, polypeptiden (bygelyks Capreomysine), fluorkwinoloanen, tioamides, sykloserine en PAS.

By TBC-pasjinten mei in min funksjonearend ymmúnsysteem lykas by AIDS is it mooglik dat de pasjint tidens de TBC behanneling mear klachten krijt en tanimmende ôfwikingen by ûndersyk. Dit kin it gefolch wêze fan in better funksjonearjend ymmúnsysteem. Dit syndroom is bekend ûnder de ôfkoarting IRIS Immune Reconstitution Inflammatory Syndrome.

Net alle minsken dy't besmetten wurde mei de tbs-baktearje krije ek de sykte tuberkuloaze. Ta foarkomming fan aktive tbc kinne de minsken dy't allinnich noch mar besmetten binne preventyf medisinen ynnimme. Meastal komt dat del op INH-tabletten yn 6 moanne tiid. Minsken mei in swakke ôfwar (troch AIDS, kanker, sommige medisinen (prednisolon, sitostatika), nei orgaantransplantaasjes ensfh.) rinne mear risiko op it ûntwikkeljen fan tbc nei besmetting as sûne misnken. Ek is dan de test om besmettings oan te toanen, de mantouxtest, minder betrouber wurden.

Wrâldwiid wurdt hieltiten faker de DOTS strategy (Directly Observed Therapy Short course) tapast as behannelmetoade. Hjirby wurdt ûnder mear de medikaasje ferstrekt ûnder tasicht. Oare eleminten fan DOTS binne in oerheid dy't aktyf meiwurkjen bliuwt by it tb-bestridingsprogramma, tagang ta goed mikroskopysk ûndersyk fan sputum (ZN-kleuring), oanwêzichheid fan kwalitatyf goede genêsmiddels en de registraasje fan gegevens tidens de tb-behanneling.

De measte Nederlânske artsen, ynklusyf medysk spesjalisten, sjogge hast nea tuberkuloazepasjinten en witte der dêrom faak net folle fan. Dêrom moat de sykte behannele wurde troch in lyts tal artsen om de kennis en ûnderfining op peil te hâlden. Dit is yn it sikehûs de longarts (ek foar tbc op oare plakken as de longen) en bûten it sikehûs de tuberkuloaze-arts fan de GGD dy't him relatyf faker mei min berikbere pasjinten dwaande hâldt, lykas drugsverslaafden, alkoholisten, asylsikers en yllegalen mei tuberkuloaze.

Ferâldere behannelingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch it bewust feroarsaakjen fan in klaplong woe men de troch TB oandiene long rêst jaan yn de hoop dat de pasjint gauwer netter wurde koe. In fergelykbere technyk is it meitsjen fan in pneumoperitoneum. Hjirby wurdt lucht yn de búkholte brocht wêrtroch't it diafragma nei boppe ta treaun wurdt wat benammen de ûnderkwabben fan de longen minder romte jaan sil. Geregeld, bygelyks wykliks, moast lucht byfold wurde omdat de pneumotoaraks of it pneumoperitoneum spontaan fermindere. In oare manier om de long minder romte te jaan en dus 'ta rêst te bringen' wie it kniezen of trochsnijen fan de linker of rjochter nervus phrenicus wêrtroch't it diafragma healsidich ferlamme rekke. In alternatiyf wie it ynspuitsjen fan fenol by de n. frenikus wat itselde effekt joech. Benammen yn de jierren 1940 waarden pingpongballen yn de boarstholte brocht sadat de long inelkoar drukt waard. Alternativen foar pingpongballen wienen paraffine of fet. Yngripender wie de torakoplastyk, by dizze operaasje waard in oantal fan de boppeste ribben weihelle. Hjirtroch waarden de boppeste longsegminten geardrukt. Dizze operaasje hâlde eartiids in behoarlik risko yn op ferstjerren.

De lêste jierren ferskine somtiden stúdzjes út ûnder mear Ruslân, dêr't de pneumotoaraks opnij opfierd wurdt as behanneling yn de gevallen dat medisinen net goed genôch wurkje soenen.

Boarne- en kontaktûndersyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By eltse tbc-pasjint wurdt, at it needsaaklik is- in boarne en/of kontaktûndersyk dien en wurde besmetten pasjinten previntyf behannele. Dêrby wurdt it ringprinsipe oanhâlden. De minsken mei de yntinsyfske kontakten (bygelyk de húshâlding, kollega's op it wurk) wurde it earste ûndersocht. At hjir dúdlik mear besmettings binne as normaal, wurdt it ûndersyk útwreide nei de minder yntinsive kontakten. Fan de Nederlânske 50-jierrigen is ûngefear 5% ris besmetten rekke mei tbc-baktearje. Hoe âlder, hoe grutter dy kâns. Hoe jonger hoe lytser de kâns op in eardere besmetting. By ferbliuw yn lannen mei in soad tbc, lykas by in protte net-westerske ymmigranten it gefal is, is de kâns grutter op in eardere besmetting as yn Nederlân. Dizze minsken komme dan nei Nederlân ynklusyf tbc-baktearje en hawwe in (lytse) kâns om hjir aktive tuberkuloaze te krijen.

Faksinaasje mei it BCG-faksin kin besermje tsjin slimme gefolgen fan in besmetting mei de tbc-baktearje. De beskermjende wurking tsjin ûnder oare tbc-meningitis en militêre tb is allinnich goed oantoand by bern. De BCG faksinatie is net opnomd yn it Nederlânske Ryksfaksinaasjeprogramma. Hy wurdt allinnich oanbean oan persoanen dy't in ferghege risiko rinne op it krijen fan de sykte, bygelyks oan persoanen en bern dy't faak of lang nei in lân geane dêr't tbs in soad foarkomt.

In neidiel fan faksinaasje is dat de mantouxtest minder spesifyk wurdt om tbc oan te toanen. Eartiids waard tocht dat de mantouxtest net mear brûkber wêze soe nei BCG faksinaasje, dit is lykwols yn de praktyk meastal net sa. Faak wurdt de mantouxtest negatyf nei ferrin fan tiid of reageart hy noch mar in lyts bytsje. De mantouxútslach fan bern dy't foar harren earste jierdei faksinearre wurde, mei ynterpretearre wurde as wienen se net faksinearre. Yn in soad lannen wurdt by de ynterpretasje fan de mantouxtest gjin rekken hâlden mei in eventuele BCG faksinaasje. Yn Nederlân wurdt wol in ferskil makke yn de beoardieling fan de mantouxútslach. By werhelle mantouxtesten kin boosting optrede by earder BCG faksinearden of by minsken dy't lang ferlyn in kear besmetten binne. Dit kin bebtize wurde mei in resinte ynfeksje mei tuberkuloazebaktearjen.

Minsken dy't besmetten binne mei tuberkuloazebaktearjen, mar net oan de sykte tuberkuloaze lije, hawwe in latinte tuberkuloaze ynfeksje (LTBI). Unbehandele sil dit by sûne folwoeksenen by ± 10% in kear ta aktive tuberkuloaze late, wêrby't de measte tuberkuloazepasjinten binnen inkele jierren nei de besmetting fûn wurde sille. By minsken mei ôfwarsteurnissen en lytse bern jonger as fiif jier treedt de sykte faker op en ek faker as by folwoeksnen yn in slimme foarm. Ta foarkomming fan tuberkuloaze letter, wurdt ûnder betingsten INH-profylakse starten. Dit hâldt yn dat de besmette pasjint yn minimaal 6 moannen it genêsmiddel isoniazide (INH) brûkt, of in fergelykber skema mei in oar medisyn as INH net brûkt wurde kin. Dizze behanneling ferleget de kâns op tuberkuloaze ta ± 2% foar de rest fan it libben as 6 moannen lang INH slokt wurdt. In langere behandelingsdoer (oant maksimaal 12 maoannen) ferleget de kâns op it ûntwikkeljen fan tuberkuloaze noch fierder. Noch langer duorjende previntive behannelingen lykje net folle mear ta te foegjen. Ek nei in slagge profylakse bliuwt de mantouxtest posityf. Faak wurdt troch leken - mar ek troch artsen - de term latinte tuberkuloaze ynfeksje (LTBI) betize mei de sykte tuberkuloaze.

Mytology, opera en literatuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de tiid dat de oarsaak fan tbc net bekend wie, waard it beskôge as in lot, dat benammen gefoelige en keunstsinnige minsken treffe koe, dy't dan faak op jonge leeftiid ûnder tragyske omstannichheden út harren fermidden weiskuord waarden. Foarbylden binne ûnder mear Franz Kafka, George Orwell, alle fiif gesusters Brontë, Albert Camus (litte oan TB mar ferstoar by in auto-ûngelok) en Igor Stravinsky. Under oare de opera's La bohème (Giacomo Puccini) en La traviata (Giuseppe Verdi) gean oer soksoarte tragyske gefallen fan 'de tarring'. Ek George Bernard Shaw hat der in toanielstik oer skreaun, The doctor's dilemma. Thomas Manns roman "Der Zauberberg" spilet him ôf tsjin de eftergrûn fan in langduerich ferbliuw yn in tbc-sanatoarium yn Davos.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]