Lytse Leard
Lytse Leard is in buorskip dy’t yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Lytse Leard leit besuden Hantum, noardwestlik fan De Lytse Jouwer en noardeastlik fan Foudgum. Lytse Leard leit yn de himrik fan De Lytse Jouwer.
De bebouwing fan Lytse Leard leit oan de Lytse Leasterdyk. De buorskip bestiet út 3 adressen.
Lâns de buorskip rint de Hantumer Feart.
Skiednis
bewurkje seksjeÛntstien en namme
bewurkje seksjeLytse Leard waard nei alle gedachten foar it earst yn de njoggende iuw neamd (fia in kopy út de tolfde iuw), doe't it neamd waard as Lanfurt. Dy namme waard opskreaun troch in muonts fan it Dútske kleaster Fulda, doe't it kleaster it gebiet bemachtige. Der wurdt ek wol tocht dat it ferwiisde nei it plak Laerd, dat letter de twillingsbuorskip Laad en Saad by Boalsert waard.
Yn elts gefal waard it plak yn it Frysk yn 1511 neamd as Littzie laert. Yn it Nederlânsk waard it yn 1543 wer oantsjut as Luke Laertz, yn 1664 as Lutke Leer en yn de achttjinde en njoggentjinde iuw as Lutle Laard.
De hjoeddeistige plaknamme ferwiist der mooglik nei dat it om in lyts (lutke) stik lân gie, mar it soe ek op in lytse terp (furth → werth) ferwize kinne. Mar wat it earste part fan de namme (lan) yn de namme fan de ierste ferwizing betsjut, is net dúdlik, wêrtroch't de plaknamme feitlik gjin echte dúdlike betsjutting hat, útsein dat er lyts is.
Noardlik fan de buorskip soe noch in oare terp lein hawwe, dy't net bewenne waard.
Gemeentelike weryndieling
bewurkje seksjeSûnt 2019 leit Lytse Leard yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei de buorskip yn sawol de gritenij as de gemeente West-Dongeradiel.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|