Peazens is in doarp yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Peazens leit noardlik fan Ljussens, eastlik fan Nes en oan de Waadsee. Peazens hat 205 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners. De doarpskearn fan it doarp leit benammen oan De Buorren.

Peazens
Mûne 'De Hond'
Mûne 'De Hond'
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 205 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 3,63 km², wêrfan:
- lân: 3,62 km²
- wetter: 0,01 km²
Befolkingsticht. 61 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 24' N 6° 08' E[1]
Offisjele webside
paesens-moddergat.nl
Kaart
Peazens (Fryslân)
Peazens

Mei Moddergat foarmet Peazens it twillingdoarp Peazens-Moddergat.

 
Peazens om 1718 op in kaart fan Eastdongeradiel yn de Schotanusatlas

Dat Peazens gjin terp hat wiist op ûntstean yn as nei de 11e iuw. Peazens hat syn namme krige fan de âlde seeslinke de Peazens.

Paezens is ôflaat fan pagingi: 'modder, ierde of slyk'. Der wie in syl yn de Peazens. Troch in oanslibjen is dy syl om 1449 hinne ôfdamme [3]. Neffens it Register fan 'e Oanbring hie de tsjerke fan Peazens yn 1511 in pastoar en in fikaris, wat op in beskate wolstân tsjut [4].

Sûnt 2019 leit Peazens yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente East-Dongeradiel.

Fanâlds wie Peazens in fiskersdoarp, dat oan de Peazens lei en dat de slinke dêrfan brûkte foar de fiskersboaten. Om't dy slinke yn de 17e iuw fersâne mei troch de oanlis fan de Eanjumer - en Ljussenserpolder yn 1592, moasten de fiskers út it doarp doe opskowe nei in westliker plak om de fisk oan wâl krije te kinnen. Sa ûntstie it doarp Moddergat.

De fiskerij smiet net folle op. De "Tegenwoordige Staat van Friesland" (18e iuw) skriuwt oer in earm fiskersdoarp. De skippen leinen winterdeis om't der yn Peazens net oan te lizzen wie yn Iezumasyl. De fisk dy't net oan de opkeapers ferkocht waard, sutelen de froulju oer de Peazens, en letter ek wol mei karren, oant yn Dokkum ta út. It measte waard útsutele mei it jok. De froulju gienen dan mei twa kuorren by de huzen lâns. Ek wienen guon fiskers binnenfiskers.

Yn 1812 wienen der 18 fiskersskippen fan 30 ton mei 5 bemanningsleden. Om 1850 waarden de skippen grutter. Yn 'e maitiid waard der op skol fiske en yn 'e hjerst op skylfisk. Ek waard der op granaten fiske. Der wienen ek fiskers dy't har op de skulpefiskerij taleinen.

Yn de nacht fan 5 op 6 maart 1883 fergie it grutste part fan de Peazemer float en ferlearen 83 fiskers it libben. Dit wie de ein fan de seefiskerij. In monumint op 'e dyk yn Moddergat mei de nammen fan de fiskers betinkt de ramp. Letter binne der guon wer mei it fiskjen op granaten begûn. Yn 1909 wienen der noch 2 skippen oer. Dochs is Peazens lang noch, wat de sfear oangiet, in fiskersdoarp bleaun.

Sûnt 2017 wurdt yn Peazens en it oanbuorjende Moddergat elts jier yn ein juny of begjin july de Dei fan de Fiskerij holden.

 
De herfoarme tsjerke fan Peazens
  De Wikipedy hat ek in side Sint-Antoniustsjerke (Peazens).

De Letromaanske tsjerke moat oan it begjin fan de 13de iuw boud wêze. Foar de reformaasje wie de tsjerke oan Antonius fan Egypte wijd. De sealtektoer waard yn 1792 sloopt en in houten spitske kaam der foar yn 't plak.

Yn de tsjerke stiet in oargel 1758 fan de oargelbouwer J.T. Gilman. It oargel is yn 1908 oerbrocht út de Laurentiustsjerke fan Haarlim.[5]

Peazens is in streekdoarp, dat 1½ kilometer lang is. Oan de súdkant fan it doarp stiet mûne De Hûn, in nôtmûne út 1861.

 
Sicht op Peazens
 
De Buorren 2

Peazens hat mienskiplik mei Moddergat in feriening foar doarpsbelang. De doarpskrante ferskynt fjouweris yn 't jier.[6] Yn 2015 waard it doarpshûs 'De Dûbelslach' iepene, in multyfunksjonele akkomodaasje dêr't ek de keatsklub in plak krige.[7]

  • PKN-gemeente Peazens-Moddergat
  • Kristlike basisskoalle 't Kompas (webstee)
 
Eastein 22
  • Keatsferiening Thomas Prins
  • Brommerklub “It âlde barrel”
  • Reddingboat L.A. Buma Moddergat
  • Kristlike frouljusgroep

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
Jier 2013 2014 2015 2016 2017 2018 2019 2020 2021
Ynwenners 257 257 250 250 240 230 225 230 230
Jier 2022
Ynwenners 220

Achterwei, Bakkerssteechje, De Buorren, De Donger, De Wiel, Dykspaad, Dyksterwei, Eastein, Kokentún, Langgrousterwei, Lytse Wei, Mûnewei, Orneawei, Smidspaad.

Fierders binne der ek noch strjitten yn Moddergat.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. Rienks en Walther, 84
  4. Herma M. van den Berg, Noordelijk Oostergo. Dongeradelen. Paesens. Steatsútjouwerij, De Haach 1983
  5. Historische kerken in Friesland http://www.historischekerken.nl/friesland/Paesens.html
  6. paesens-moddergat.nl
  7. RTV NOF, 07 juny 2015
  Noardeast-Fryslân  
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
  ·   ·