Lichtaard
Lichtaard is in doarp dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Lichtaard leit noardlik fan Jannum, eastlik fan Ginnum, westlik fan Raard en besuden Holwert. Lichtaard hat 85 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners. De doarpskearn leit oan de Noardermieddyk en de Flieterpsterdyk, om en op de terp fan Lichtaard.
Lichtaard | ||
Sicht op Lichtaard | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Noardeast-Fryslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 85 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 1,80 km², wêrfan: - lân: 1,77 - wetter 0,04 km² | |
Befolkingsticht. | 36 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 19' N 5° 54' E | |
Offisjele webside | ||
Side De Flieterpen | ||
Kaart | ||
Lichtaard is in doarp dat by de Flieterpen heart.
Skiednis
bewurkje seksjeIt doarp wurdt yn de 10de iuw al neamd. Yn de kleasterkroniken fan Kleaster Fulda wurdt skreaun fan Lihdanfurth. Lichtaard is oant de reformaasje yn it besit bleaun fan in kleaster. De pastoar waard oanwiisd troch kleaster Lidlum by Tsjummearum. Ut guon boarnen blykt dat der ek noch in fikaris west hat. Dy fikaris wie dêrnjonken ek noch notaris. Yn 1580 wie der al gjin de pastoar mear. It tsjerkesulver waard doe oerdroegen oan de geus Sijts Scheltema.
Yn 1744 hie Lichtaard 63 ynwenners. Hjoed-de-dei hat it doarpke hast likefolle ynwenners, mar yn de jierren 1950 wie it ynwennertal it dûbele fan dat fan 1744.
Sûnt 2019 leit Lichtaard yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Ferwerderadiel.
De namme
bewurkje seksjeDe folksetymology wol hawwe dat alle plakken om Lichtaard hinne nei harren stifters ferneamd binne. Reitsum komt sa fan Reitse. Lichtaard is net nei de stifter neamd, mar nei it aard fan de stifter. Dy moat dan net sa'n betrouber persoan west hawwe. In siswize seit dan ek: Licht aard, licht folk.
Gebouwen
bewurkje seksjeDe tsjerke
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Petrustsjerke (Lichtaard).
De Petrustsjerke is in goatyske tsjerke út de 16e iuw. Yn de noardlike muorre binne noch fragminten fan dowestien; dy't der op wize dat de tsjerke ek in foargonger hân hat.
De ynboude toer is oan de west- en eastgevel bemitsele. Oan de noard- en súdkant is hy mei planken beklaaid. Yn de toer hingje twa klokken, út 1300 en 1404. Op ien dêrfan stiet in ôfbylding fan Petrus. Lykas yn Ginnum hat de toer fan Lichtaard in smeid oerwurk. De tsjerke hat in preekstoel út 1642, mei Fryske toochpanielen.
Fan 1973 oant 1978 is de tsjerke restaurearre. It doel wie ynearsten om de tsjerke te brûken as kleastermuseum. De tsjerke is lykwols oergien nei de Stifting Alde Fryske Tsjerken. Nei in besite oan de Taizé yn de jierren 1980 en 1990 hierde jongerein de tsjerke om dêr in ferfolch oan jaan oan de tradysje fan Taizé mei stilte, symbolyk en eksperimintele liturgyen. De doelstelling dêrfan wie om fanút de Taizé-oekumenyske mienskipsgedachte in bydrage te leverjen oan de Fryske tsjerkemienskip as gehiel. Yn 2022 waard mei Argyfburo Ruerd de Vries út in nije hierder fûn, dy't de tsjerke brûkt foar syn bedriuw, útstallings en besinningstsjinsten. It buro ynventarisearret, beheart en publisearret argiven fan religieuze ynstellings.[3][4]
De Boelens
bewurkje seksjeDe rûte fan de wei fan Dokkum nei Ferwert is yn 't ferline feroare. Under oaren rûn de wei tusken Raard en Lichtaard earder súdliker, en rûn dan de Holwerter Feart bylâns wer nei it noarden. By Lichtaard wie dan in oerset, en fan dêr gie de haadferbining net troch it doarp, mar wer oan de súdkant foarby de 'Boelens', en bûgde dan in kilometer fierder oan de westkant wer nei it noarden ta. Dejinge dy't de oerset betsjinne wenne op de Boelens. It is mooglik dat der ek in herberchje west hat en dat de namme dêr fan komt.
Letter hawwe der fervers wenne. De ferneamdste dêrfan is de skriuwer Reinder Brolsma, dy't oant 1916 ferver west hat. Syn roman "It heechhôf" spilet op de Flieterpen. Reinder Brolsma wurdt yn Lichtaard eare mei de Reinder Brolsmawei.
De skoalle
bewurkje seksjeLichtaard hie mear ynwenners as Reitsum en dêrom kaam de mienskiplike skoalle yn Lichtaard te stean. De skoalle hat earst oan de súdkant fan de tsjintwurdige dyk stien. Letter kaam de skoalmaster/koster tsjinoer de toer te wenjen. Yn de foarige kosterij wie de skoalle noch oan te wizen. Syn ynkommen helle master mei út de kosterijlannen. Boppedat waard him noch wolris in baantsje as ûntfanger fan de belesting taskood. Yn 1866 waard de skoalle opheft. Der kaam doe in kristlike skoalle yn Reitsum. Om 1840 hinne is master Jan Eelkes Talsma troch Deputearre Steaten ôfset as master yn Lichtaard. Master Talsma hearde by de ôfskiedenen. Hy kaam yn konflikt mei de skoalopsjenner. De skoalopsjenners wienen meastentiids liberale dûmnys. As reden wurdt oanjûn dat Talsma tsjin de Underwiiswet fan 1806 wie en dat hy tsjin de yninting foar kowepokken wie. Neffens de wet mocht er gjin kristlik ûnderwiis jaan. De skoalle wie neutraal. De dûmnys sels joegen wol godstsjinstûnderwiis. De ôfskiedenen wienen yn mearheid tsjin de yninting tsjin kowepokken. Neffens harren wie dat in yngripen tsjin it godlik bestjoer.
Mienskip
bewurkje seksjeLichtaard is oansletten by doarpsbelang de Flieterpen. It doarpshûs stiet yn Reitsum.
Tsjerke
bewurkje seksjeDe tsjerke wurdt al sûnt de Twadde Wrâldkriich net mear brûkt foar sneinske tsjinsten. De protestanten binne oansletten by de PKN Flieterpen, dy't de tsjinsten yn Reitsum fiert.
Ferienings
bewurkje seksjeLichtaard hat mei Reitsum, Ginnum en Jannum in grut tal ferienings. Lykas oare doarpen koe Lichtaard fanâlds de buorreplicht. Dêrút is yn it doarp in doarpsferiening ûntstien. Ienris yn 't jier komme de manlju byinoar om it wol en wee fan it doarp te besprekken.
Befolkingsferrin
bewurkje seksjeJier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2004 | 2008 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 144 | 125 | 121 | 87 | 84 | 75 | 77 |
Jier | 2015 | 2020 | |||||
Ynwenners | 75 | 71 |
Strjitten
bewurkje seksjeFlieterpsterdyk, Noardermieddyk, Reinder Brolsmawei.
Keppeling(s) om utens: | ||
|