Springe nei ynhâld

De Panne (Belgje)

Ut Wikipedy
De Panne
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Belgje
gewest Flaanderen
provinsje West-Flaanderen
Sifers
Ynwennertal 11.123 (2022)[1]
Oerflak 463,5 km²
Befolkingsticht. 24 ynw./km²
Oar
Postkoade 8660
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 51° 05' N 2° 35' E
Offisjele webside
webstee De Panne
Kaart
De Panne (West-Flaanderen)
De Panne

De Panne (Frânsk: La Panne) is in baaiplak en gemeente yn 'e Belgyske provinsje West-Flaanderen. De gemeente hat goed 11.000 ynwenners. De Panne is de meast westlike stêd fan it lân en it súdlikste baaiplak fan de Belgyske kust. De Panne grinzget op oan de noardlikste stêd fan Frankryk: Bray-Dunes. Ynwenners wurde 'Pannois' of 'Pannoises' neamd.

It strân fan De Panne is it breedste stik strân fan Belgje. By leechwetter is it likernôch 450 meter breed.

De namme komt fan it wurd dúnpanne. In panne of panne is in komfoarmige djipte yn 'e dunen. Yn de omkriten fan Adinkerke wie al sûnt de 5e iuw f.Kr. bewenning en ek yn de Romeinske en de Frankyske tiid wennen der minsken dy't harren dwaande holden mei lânbou, fee en fiskerij. De namme fan it doarp Adinkerke giet werom op de 12e iuw.

Monumint op it plak dêr't Leopold I op 17 july 1831 foar it earst foet op Belgyske grûn sette

De Panne ûntstie lykwols pas om 1782 yn 'e tiid fan de Eastenrykske Nederlannen. It regear ûnder keizer Jozef II woe de kustfiskerij oantrune, sadat boargers út Veurne tusken de dunen en de see in delsetting mei de namme Sint-Jozefsdorp stiften, letter Kerckepanne neamd. De lytse buorskip waard yn 1789 in parochy fan Adinkerke en yn 1799 bestjoerlik yndield by de gemeente Adinkerke. It is it plak dêr't Leopold I, de earste kening fan de Belgen, foet op Belgyske grûn sette doe't er fan Duinkerken nei De Panne ried, beselskippe troch Frânske kavalery.

Om 1830 hinne erfde grutgrûnbesitter Pieter Bortier yn De Panne sa'n 650 hektare dúngrûn. Hy iepene yn 1831 it earste ienfâldige "Pavillon des Bains", in moetingsplak foar de beau monde. Jierren letter boude er dêr in eigen simmerhûs. Hy krewearre foar de ferbettering fan it lytse en earme fiskersdoarp. De Panne hie gjin haven, mar om 1900 hinne hie it op Oostende nei al de grutste fiskersfloat fan Belgje. Troch it ûntbrekken fan in haven moasten de platboaiems op it strân lutsen wurde. Oan it begjin fan de 20e iuw wiene der plannen om in haven oan te lizzen, mar dy waarden nea útfierd en de fiskers ferdwûnen stadichoan út De Panne.

Hotels yn De Panne

Yntusken ûtwikkele De Panne him ta in jimmeroan populêrder baaiplak en dat makke De Panne grutter as it âldere Adinkerke. Op 5 febrewaris 1870 waard it spoar De Panne-Duinkerken iepene. Om dy tiid hinne waarden by it Pavillon des Bains in kurhaus, in pear paviljoenen en de earste pensions en hotels boud. Flak foar 1900 waard De Panne útwreide neffens in ûntwerp fan arsjitekt Albert Dumont. Hy paste de spesifike cottage-arsjitektuer ta en yn de wyk Dumont is dy arsjitektuer goed bewarre bleaun. Op 'e seedyk waarden filla's yn skildereftige styl boud.

Op 24 july 1911 waard de buorskip De Panne ôfsplitst fan Adinkerke en in selsstannige gemeente. By de gemeentlike fúzjes fan 1977 binne beide gemeenten wer gearfoege, mar Adinkerke as lytste doarp waard no ûnderdiel fan de nije fúzjegemeente De Panne.

Yn de Earste Wrâldkriich siet, nei't ek Antwerpen him oerjoech oan it Dútske leger, it Belgyske regear yn Le Havre yn Frankryk. Kening Albert I en keninginne Elisabeth ferhuzen lykwols nei it lêste stikje frije Belgje nei in filla yn De Panne om fan dêr wei it Belgyske leger te lieden.

Mei de komst fan it massatoerisme yn de jieren 1950 waarden de measte filla's oan 'e seedyk ôfbrutsen om plak te meitsjen foar grutte appartemintekompleksen, sadat der hjoed-de-dei net in soad mear oer is fan de oarspronklike arsjitektuer.

Gemeenteyndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemeente ûntstie op 1 jannewaris 1977 en bestiet út twa dielgemeenten. De Panne leit oan de kust en trije kilometer it lân yn leit oan it Nieuwpoort-Duinkerkenkanaal it doarp Adinkerke. It totale gebiet is 2.390 ha grut, wêrfan de dielgemeente De Panne 901 ha beslacht en de dielgemeente Adinkerke 1.489 ha.

Nû. Namme West-Flaamsk Oerflak (km²) Ynwennertal (2019) Kaart
I De Panne De Panne 9,01 9.140
II Adinkerke Adiengkerke 14,89 3.142

De Panne is in baaiplak oan de Noardseekust mei in breed strân en omklamme fan natoergebieten. Yn it easten binne dat de Zeeparkduinen (10 ha), de Houtsaegerduinen en it Kerkepannebos (86 ha), yn it suden de Oosthoekduinen (61 ha), it Calmeynbos (85 ha), de Krakeelduinen en yn it west it natoergebiet De Westhoek (340 ha), dat op it Frânske natoergebiet Dune du Perroquet yn Bray-Dunes oanslút. Tussen it Calmeynbos en de Oosthoekduinen leit ek it provinsjaal besikerssintrum Duinpanne mei in museum. Yn 'e measte natoergebieten is gelegenheid foar kuierjen. Hûnen moatte altiten oan 'e line holden wurde.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sint-Piter
  • It monumint fan Leopold I datearret út 1958 en is ûntwurpen troch René Cliquet. It betinkt de oankomst fan de earste kening fan de Belgen mei de koets út Frankryk op 17 july 1831.
  • De Sint-Pitertsjerke (Sint-Petruskerk) is in neogoatyske halletsjerke. It earste diel waard boud yn 1860; de toer waard pas yn 1934 tafoege.
  • De Us-Leaffrouwetsjerke (Onze-Lieve-Vrouwkerk) is in neoromaanske tsjerke út 1930.
  • De Keninklike Kapel is in kapel út 1909-1913. Yn de Earste Wrâldkriich besocht kening Albert I de tsjerke regelmjittich, sadat de tsjerke yn 1924 de namme Keninklike Kapel krige. Oarspronklik stie de kapel yn 'e dunen, mar hjoeddedei yn de bebouwing fan De Panne. De kapel waard tegearre mei in kleaster boud yn opdracht fan it echtpear d'Arripe-Sanchez ta neitins fan harren dochter, dy't yn 'e âldens fan 21 jier ferstoarn wie.
  • It brede strân by De Panne is tige geskikt foar de strânsilerij. Yn 1898 yntrodusearren de bruorren Dumont dêr de sylwein as rekreaasjemiddel.

Befolkingsferrin fan de gemeente De Panne

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Understeade ynwennertallen binne fan tapassing op de hjoeddeiske gemeente lykas dy ûnstie nei de fúzje fan 1 jannewaris 1977.

  • Boarnen:NIS, 1831 oant en mei 1981 binne folkstellingen; 1990 en letter ynwennertallen op 1 jannewaris.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:De Panne


West-Flaanderen Flagge fan de provinsje West-Flaanderen
Alveringem - Anzegem - Ardooie - Avelgem - Beernem - Blankenberge - Bredene - Brugge (haadstêd) - Damme - De Haan - De Panne - Deerlijk - Dentergem - Diksmuide - Gistel - Harelbeke - Heuvelland - Hooglede - Houthulst - Ichtegem - Iper - Ingelmunster - Izegem - Jabbeke - Knokke-Heist - Koekelare - Koksijde - Kortemark - Kortrijk - Kuurne - Langemark-Poelkapelle - Ledegem - Lendelede - Lichtervelde - Lo-Reninge - Menen - Mesen - Meulebeke - Middelkerke - Moorslede - Nieuwpoort - Oostende - Oostkamp - Oostrozebeke - Oudenburg - Pittem - Poperinge - Roeselare - Ruiselede - Spiere-Helkijn - Staden - Tielt - Torhout - Veurne - Vleteren - Waregem - Wervik - Wevelgem - Wielsbeke - Wingene - Zedelgem - Zonnebeke - Zuienkerke - Zwevegem
· · Berjocht bewurkje