Springe nei ynhâld

Veurne

Ut Wikipedy
Veurne
Sicht op Veurne fan de tsjerketoer ôf
Sicht op Veurne fan de tsjerketoer ôf
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Belgje
gewest Flaanderen
provinsje West-Flaanderen
Sifers
Ynwennertal 12.295 (2022)
Oerflak 97,21 km²
Befolkingsticht. 126,48 ynw./km²
Oar
Postkoade 8630
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 41° 04' N 2° 39' E
Offisjele webside
webstee Veurne
Kaart
Veurne (West-Flaanderen)
Veurne

Veurne (West-Flaamsk: Veurn; Frânsk: Furnes) is in stêd mei mear as 12.000 ynwenners yn de Belgyske provinsje West-Flaanderen. Likernôch in trijfearn part dêrfan wennet yn de stêd sels. De oare ynwenners wenje ferspraat oer lytse polderdoarpen. De stêd is mei de stêden Iper, Poperinge en Diksmuide in regionaal en tsjinstesintrum.

Veurne waard yn 877 foar it earst as 'Furnu' neamd en ûntstie mooglik as ien fan de fêstings, dy't oan 'e ein fan de 9e iuw troch de greve fan Flaanderen boud waarden tsjin de ynfallen fan de Wytsingen. Yn de 10e iuw foelen de Wytsingen de stêd oan, wêrnei't it (rûne) kastiel útwreide waard. De keunstmjittige ferheging yn it Sint-Walburga Park is noch in oerbliuwsel fan dy fêsting. Ek it sirkelfoarmige strjittepatroan fan Veurne ferwiist nei in ûntstean om de boarch hinne.

De troch de geuzen yn 1578 ferneatige Niklaasabdij

Om 870 hinne waarden de reliken fan Sint-Walburga nei Veurne oerbrocht. Dêrnjonken skonk greve Robrecht II fan Jeruzalim om 1100 hinne in relikwy fan it Hillich Krús. Sûnt likernôch 1060 wie der ek in hannelsdelsetting eastlik fan it kastiel. Dêr súdlik fan, om de net mear besteande Sint-Denijstsjerke hinne, ûntstie in ambachtssintrum. Der bestie in ferbining mei it efterlân oer de Kolme mei benammen it stedsje Bergues (Sint-Winoksbergen) yn Frankryk. Yn 1120 stifte de biskop fan Thérouanne de Sint-Niklaasabdij yn Veurne. De abdij waard yn 1566 troch geuzen plondere en yn 1578 troch de geuzen hielendal ferneatige.

Yn de 14e iuw beskerme in bolwurk Veurne en it wie sels ien fan de bêst ferdigene stêden fan Flaanderen. De wolfeart, foar in part basearre op de stoffehannel, rûn lykwols oan 'e ein fan 'e 13e iuw tebek, om't de relaasjes tusken Flaanderen en Ingelân minder woarden. Yn de 15e en 16e iuw waard besocht om mei de produksje fan jern de ekonomy der wer boppe-op te krijen, mar troch konkurrinsje mei Hondschoote slagge dat net en mei't in soad minsken nei it plattelân ferhuzen begûn de stêd te ûntfolkjen.

De fêstingwurken yn 1696

Yn 1566 en 1578 waarden tsjerken en kleasters ferneatige troch byldestoarmers. Fan 1586 gie it wer better mei de ekonomy en yn dy tiid waard de Grutte Merk mei oanbuorjende gebouwen oanlein en yn 1621 waard nei de ferneatiging fna de âlde abdij de nije Sint-Niklaasabdij boud. Oarloggen en epidemyën makken sûnt 1644 wer in ein oan de opgong. De fêsting fan de stêd waard ferbettere en út dy tiid datearret ek de ferneamde Boeteprosesje, dy't alle jierren yn Veurne holden wurdt.

Tusken 1668-1713 besetten de Frânsen Veurne. De midsiuwske fêstingwurken waarden ôfbrutsen en yn 1706 ferfongen troch nije festingwurken, ûntwurpen troch Frânske Vauban. Al dy fortifikaasjes waarden yn 1783 ûnder keizer Joazef II ôfbrutsen. Yn de Frânske tiid ferneatigen de Frânsen yn 1798 de Sint-Niklaasabdij.

De 19e iuw feroare net in soad yn Veurne. Yn de Earste Wrâldkriich wie de stêd it haadkertier fan it Belgyske leger. In oantal gebouwen waarden ferneatige en restaurearre yn in histoarisearjende styl fan 1920-1925. De skea yn de Twadde Wrâldkriich bleau beheind.

Veurne is hjoed-de-dei in lytse provinsjestêd mei in sintrumfunksje foar de Noardlike Westhoeke en de Westkustgemeenten. Der is in stasjon mei alle oeren in trein nei De Panne en Brussel. Veurne is ek in knooppunt fan busferbinings. Dêrnjonken is der in rjochtbank, in sikehûs en in tal pjutteboartersplakken, basis- en middelbere skoallen. Veurne hat ek twa winkelstrjitten mei in ferskaat oan winkels en woansdeis is der merk. Veurne ûntjout him de lêste tiid mear as toeristyske basis foar de Westhoeke en Westkust.

Gemeenteyndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemeente Veurne bestiet út 11 dielgemeenten, wêrfan't de stêd Veurne fierwei de measte ynwenners hat. Oare dielgemeenten binne lytse polderdoarpen: Avekapelle, Booitshoeke, Bulskamp, De Moeren, Eggewaartskapelle, Houtem, Steenkerke, Vinkem, Wulveringem en Zoutenaaie.

Nû. Off. namme West-Flaamsk Oerflak km² Ynwennertal
(23/12/2019)
Kaart
I Veurne Veurn 22,67 9.034
II Booitshoeke Bôoitsouke 3,35 83
III Avekapelle Oavekapelle 4,58 339
IV Zoutenaaie Zoetenoaie 2,07 16
V Eggewaartskapelle Eggewoartskapelle 4,90 181
VI Steenkerke Stêenkerke 11,79 398
VII Bulskamp Bulskamp 8,03 653
VIII Wulveringem Wulveriengem 9,37 337
IX Vinkem Vienkem 5,27 311
X Houtem Outem 12,71 653
XI De Moeren De Moern 11,58 122

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Stedhûs
Kastiel Beauvoorde
  • De Sint-Walburgatsjerke hat in iergoatysk, 14e-iuwsk koer. De rest fan de tsjerke is neogoatysk út it begjin fan de 20e iuw. De tsjerke ûntstie út in 9e-ieuske kapel. It is in goed foarbyld fan in grutte goatyske tsjerke dy't ûnfoltôge bleau.
  • De Sint-Niklaastsjerke mei in opfallend 13e-iuwsk portaal datearret út de 12e iuw en waard yn de 15e iuw fernijd. Yn de toer hinget in klok ('t Bomtje) út 1379 en in kariljon .
  • It Belfort fan Veurne stiet op de UNESCO-list fan wrâlderfgoed as ûnderdiel fan in groep belforten yn Belgje en Frankryk.
  • It Lânshûs (Landshuis) wie de sit fan de kasselrij oant de opheffing dêrfan oan it ein fan de 18e iuw. It gebou waard yn de jierren 1613-1621 boud. Sûnt de Frânske tiid oant 1982 tsjinne it gebou as rjochtbank. Tsjintwurdich is ûnderdiel fan it stedhûs.
  • It renêssânse stedhûs stiet oan de Grutte Merk
  • It Spaanske paviljoen is in goatysk gebou út 1448-1452 dat ynearsten as stedhûs tsjinne en nei 1536 in oare funksje krige.
  • De Fleishal (Vleeshalle of Vleeshuis) oan de noardlike kant fan de Grutte Merk datearret út 1615.
  • It stasjon fan Veurne is in neogoatysk gebou út 1895.
  • Stedhûs
  • Bakkerijmuseum (Veurne)
  • WO I-museum: Belevingscentrum 'Vrij Vaderland, leven achter het front' (Veurne)
  • Kastiel Beauvoorde (Wulveringem)
Boeteprosesje

Alle jierren organisearret de Sodaliteit van de Gekruisigde Zaligmaker op de lêste snein fan july de Boeteprosesje. De prosesje bestiet út groepen dy't op in folkloristyske wize it Alde- en Nije Testamint útbyldzje mei as hichtepunt it lijen en de dea fan Jezus Kristus. Oan de prosesje dogge minsken mei dy't boete dwaan wolle of op beafeart binne. De prosesje falt tegearre mei de merke fan Veurne.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Veurne


West-Flaanderen Flagge fan de provinsje West-Flaanderen
Alveringem - Anzegem - Ardooie - Avelgem - Beernem - Blankenberge - Bredene - Brugge (haadstêd) - Damme - De Haan - De Panne - Deerlijk - Dentergem - Diksmuide - Gistel - Harelbeke - Heuvelland - Hooglede - Houthulst - Ichtegem - Iper - Ingelmunster - Izegem - Jabbeke - Knokke-Heist - Koekelare - Koksijde - Kortemark - Kortrijk - Kuurne - Langemark-Poelkapelle - Ledegem - Lendelede - Lichtervelde - Lo-Reninge - Menen - Mesen - Meulebeke - Middelkerke - Moorslede - Nieuwpoort - Oostende - Oostkamp - Oostrozebeke - Oudenburg - Pittem - Poperinge - Roeselare - Ruiselede - Spiere-Helkijn - Staden - Tielt - Torhout - Veurne - Vleteren - Waregem - Wervik - Wevelgem - Wielsbeke - Wingene - Zedelgem - Zonnebeke - Zuienkerke - Zwevegem
· · Berjocht bewurkje