Ester (Gryksk)
Ester (Gryksk) | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Εσθήρ ("Esthir") | |
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | novelle | |
sjenre | histoaryske fiksje | |
skreaun | nei de 3e iuw f.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Apokrife taheakken oan it A.T. | |
● foarich diel | 2 Makkabeeërs | |
● folgjend diel | Azarja | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Ester (Gryksk) | |
publikaasje | 1978, Haarlim/Boxtel | |
útjouwer | NBG & KBS | |
oersetter | H.J. Brouwer | |
ISBN oers. | 9 06 12 60 817 |
Ester (Gryksk) is de oantsjutting foar de Gryksktalige tafoegings oan 'e oarspronklike Hebriuwske tekst fan Ester, in boek út sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach en yn it Alde Testamint fan 'e Bibel sa't dat yn gebrûk is ûnder de protestantske denominaasjes stiet inkeld de oarspronklike tekst werjûn, mei't de Grykske tafoegings as apokryf beskôge wurde. De Roomsk-Katolike Tsjerke en de eastersk-otterdokse en oriïntaalsk-otterdokse tsjerken erkenne se lykwols àl as kanonyk, en de measte roomske en eastersk- en oriïntaalsk-otterdokse bibels hâlde dêrom de gearstalling fan 'e Septuaginta, in iere Grykske bibeloersetting, oan, wat betsjut dat der seis ekstra haadstikken yn 'e oarspronklike tekst fan Ester ynfoege binne. Yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978 wurdt Ester yn 'e oarspronklike foarm werjûn en steane de Grykske tafoegings fermeld by de apokrife boeken ûnder de titel Ester (Gryksk).
Oarsprong
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Grykske tafoegings fan Ester kinne datearre wurde yn 'e lette twadde iuw of de iere earste iuw f.Kr. (wylst de Hebriuwske haadtekst fan Ester yn 'e trêde of fjirde iuw f.Kr. ûntstien wêze moat). Men moat begripe dat it Esterferhaal út 'e Septuaginta net sasear in oersetting út it Hebriuwsk is, as wol in bewurking fan 'e oarspronklike tekst. Dêrby wurde frijwat mear histoaryske details jûn, lykas de identifikaasje fan 'e Perzyske kening Ahasfearos, ien fan 'e wichtichste personaazjes yn Ester, as Artakserkses II (405-359 f.Kr.). De betrouberens fan 'e tafoegings lit lykwols te winskjen oer, mei't Ahasfearos nei alle gedachten lykslein wurde moat mei Kserkses I (486-465 f.Kr.).
De fraach oft de Grykske tafoegings no al of net kanonyk binne, hat yn 'e tsjerkskiednis ta in aldertigenste strideraasje laat. Marten Luther, dy't it fan alle foaroanmannen fan 'e Reformaasje nei gedachten it fûleindichste tsjin 'e tafoegings yn 'e kant sette, beskôge sels de oarspronklike Hebriuwske tekst fan Ester as fan twifelich alloai. Syn beswieren tsjin it boek giene lykwols de wittenskiplike krityk foarby om op it persoanlike flak te bedarjen. Dêrút soe Luther syn bewearde antysemitisme sprekke kinne, al hawwe guon biografen fan 'e man útholden dat er de Joaden net bestried om't er op harren ras tsjin wie, mar om't er ûnoerkomlike beswieren tsjin harren teology hie. Op it Konsylje fan Trinte, de gearkomste dêr't de lieders fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke de Kontrareformaasje bepankoekbakten, waard kedize dat sawol de Hebriuwske tekst as de Grykske tafoeging kanonyk wiene, al erkenne roomske bibelwittenskippers en teologen hjoed de dei iepentlik dat tafoegings dúdlik lettere ynslûpsels binne.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Grykske tafoegings ta Ester besteane út:
- in prolooch ta it boek, dêr't in dream fan Mordekai yn beskreaun wurdt;
- de ynhâld fan it dekreet tsjin 'e Joaden dat kening Ahasfearos op Haman syn ynskunings útgean liet;
- gebedens oan God om tuskenbeiden te kommen, opdroegen troch sawol Mordekai as Ester;
- in útwreiding fan 'e sêne wêryn't Ester foar kening Ahasfearos ferskynt, en wêrby't it yngripen fan God eksplisyt neamd wurdt;
- in ôfskrift fan it dekreet yn it foardiel fan 'e Joaden, dat kening Ahasfearos útgean liet nei't Ester him dúdlik makke hie dat sysels ek troffen wurde soe troch Haman syn snoade plannen;
- in passaazje wêryn't Mordekai syn dream út 'e prolooch ynterpretearret yn it ramt fan 'e foarfallen dy't derop folge binne.
Fryske oersetting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting, dy't yn 1978 mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel útjûn waard, is Ester (Gryksk) yndield ûnder de deuterokanonike of apokrife boeken, en stiet it tusken 2 Makkabeeërs en Azarja yn. Dizze oersetting fan Ester (Gryksk) waard makke troch drs. H.J. Brouwer, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch Paulus Akkerman.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |