Springe nei ynhâld

Obadja (bibelboek)

Ut Wikipedy
Obadja
algemiene gegevens
oarspr. titel עבדיה ("Oḇadyah")
auteur Obadja
taal Hebriuwsk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun koart nei 586 f.Kr.
bondel Bibel
rige
rige Alde Testamint
● foarich diel Amos
● folgjend diel Jona
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Obadja
publikaasje 1943, Haarlim
útjouwer Nederlands Bijbelgenootschap
oersetter G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma

Obadja, yn it oarspronklike Hebriuwsk: עבדיה, Oḇadyah, is in tekst út sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach makket it ûnderdiel út fan it boek תרי עשר, Ṯrei Asar, dat "De Tolve" betsjut (t.w. de tolve lytse profeten, dy't yn 'e joadske Bibel gearboske binne ta ien inkeld boek), it 13de fan 24, dat dan wer ûnder de Neḇi'im Aḥaronim (de "Lettere Profeten") falt. Yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel foarmet Obadja in bibelboek op himsels, it 31ste fan 39 (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978), dat yn 'e offisjeuze ûnderferdieling fan 'e bibelboeken ta de Lytse Profeten heart (dy't sa neamd wurde om't dy teksten frij koart binne yn ferhâlding ta de saneamde Grutte Profeten).

It boek Obadja is in profesije oangeande it godlik oardiel oer de Edomiten, dat út ien inkeld haadstik fan 21 fersen bestiet. Dêrmei is it it koartste boek fan 'e Bibel. Obadja wurdt tradisjoneel taskreaun oan 'e profeet Obadja, oer wa't fierders frijwol neat bekend is. Syn profesije behannelet lykwols foarfallen dy't mank giene mei de fal en de ferwuostging fan Jeruzalim en de Timpel troch de Babyloaniërs fan kening Nebûkadnêzer II, yn 586 f.Kr., dat de tekst moat fan neitiid wêze, wierskynlik koart neitiid. De earste folsleine Fryske oersetting fan Obadja stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.

De profesije fan Obadja keart him benammen tsjin 'e Edomiten, dy't neffens Genesis ôfstammen fan Ezau, de twillingbroer fan 'e Israelityske aartsfaar Jakob. Sadwaande waarden se as in bruorrefolk beskôge, sij it dat de Israeliten harren dêr sels mar in bitter bytsje oan gelegen lizze lieten. Kening David ûnderwurp de Edomiten mei grou geweld (2 Samuël 8:13-14, mar se ferhipten it om har ûnder in útlânsk jok del te jaan en kamen almar wer yn opstân (1 Keningen 11:14, 2 Keningen 8:20-22, 14:7, 16:6). Doe't de Babyloaniërs Jeruzalim ynnamen, wiene de Edomiten harren bûnsmaten.

Obadja beskôget dat as ferrie dat harren ferjilde wurde sil. It boek bestiet út trije parten. Ob. 1:1-9 foarseit de straf dy't oer de Edomiten komme sil: hja sille útrûge wurde ta ferjitnis. Yn Ob. 1:10-16 wurdt út 'e doeken dien wêrom't de Edomiten dy straf fertsjinne hawwe. En Ob. 1:17-21 fernijt dat troch God oan alle folken rjochtdien wurde sil. Dat betsjut dat de Israeliten úteinlik út harren Babyloanyske Ballingskip weromkeare meie sille, wylst de macht fan 'e Edomiten foargoed brutsen wurde sil.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1919 joech dû. Geart Aeilco Wumkes, yn syn Ut 'e Heilige Dobbe, û.m. in oersettingsfragmint fan eigen hân fan Ob. 1:12-17 út. De earste folsleine útjefte fan Obadja stie yn it Alde Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dêr't dy yn 1943 de earste Fryske bibeloersetting mei foltôgen. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan Obadja waard dêrby dien troch dû. Bernard Smilde, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch frisikus M.J. de Haan.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • It Alde Testamint (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (Nije Fryske Bibeloersetting), Haarlim/Bokstel, 1978 (Nederlands Bijbelgenootschap/Katholieke Bijbelstichting), ISBN 9 06 12 60 817.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Bibel (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978)
Alde Testamint
Genesis | Exodus | Leviticus | Numeri | Deuteronomium | Jozua | Rjochters | Ruth | 1 Samuël | 2 Samuël | 1 Keningen | 2 Keningen | 1 Kroniken | 2 Kroniken | Ezra | Nehemia | Ester | Job | Psalmen | Spreuken | Preker | Heechliet | Jesaja | Jeremia | Kleilieten | Ezechiël | Daniël | Hoséa | Joël | Amos | Obadja | Jona | Micha | Nahum | Habakuk | Sefanja | Haggai | Sacharja | Maleächy
Deuterokanonike of Apokrife Boeken (taheakke oan it Alde Testamint)
Judit | Wysheid fan Salomo | Tobit | Jezus Sirach | Barûch | Brief fan Jeremia | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | Ester (Gryksk) | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak)
Nije Testamint
Mattéus | Markus | Lukas | Jehannes | Hannelingen | Romeinen | 1 Korintiërs | 2 Korintiërs | Galatiërs | Efeziërs | Filippiërs | Kolossers | 1 Tessalonikers | 2 Tessalonikers | 1 Timóteüs | 2 Timóteüs | Titus | Filémon | Hebreeërs | Jakobus | 1 Petrus | 2 Petrus | 1 Jehannes | 2 Jehannes | 3 Jehannes | Judas | Iepenbiering