Hieslum
| |||||
Gemeente | Súdwest-Fryslân | ||||
Ynwennertal (2004) | 70 | ||||
Webstee | http://www.burgwerd-hichtum.nl |
Hieslum is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, noardeastlik fan Warkum. It leit tusken de Aldegeaster Brekken en Parregea. Oant 2011 lei Hieslum yn de eardere gemeente Wûnseradiel. Frjemd is dat de measte minsken bûten de buorren wenje, yn de buorskippen Atzebuorren en Idserdabuorren en op de omlizzende pleatsen. It terpdoarp hat likernôch 70 ynwenners (2004). Hieslum moat al ier ûntstien wêze. Yn in stik fan 855 komt it doarp al foar as in Folckerus in skinking fan 20 gras docht oan it kleaster yn it Dútske Werden. Letter hat it kleaster Werden de Fryske besittings ferkocht oan de Johanniters fan Snits. Yn in opjefte fan kleasterbesittings fan Fulda komt Hieslum ek al tige ier foar as Haslum.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op âlde kaarten is te sjen dat der doedestiids in soad wetter om Hieslum wie. De measte marren en puollen binne letter drûchlein, lykas de Sensmar, al mear as 200 jier ferlyn ynpoldere. Derneist wie der it Uylcke meer, de Hieslumer Ie besuden it doarp, de Hoarse of de Horase en in protte oare wetters. Op de opsmiten terpen sille, meast om in lyts tsjerkje, doarpen as Hieslum ûntstien wêze. Op de hichtekaart wurdt dúdlik dat Hieslum in terpdoarp wêze moat, de hichten lizze tusken 0.2, 0.5 en 0.6 meter ûnder A.P. In diel fan de lannen leit yn de Riperahim, al leit it doarp sels bûtendyks. Der wie krektas by Dedzjum in ferbining tusken de Sensmar en de Ie, wat letter de feart tusken Boalsert en Warkum wurde soe. De himdiken blieken faaks te swak foar it seewetter, wêrtroch eartiids gauris wetteroerlêst foarkaam.
Lancaster crash
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de nacht fan 13 maaie 1943 stoarte krekt bûten Hieslum in Ingelske Lancaster bommesmiter, de ED 589, fan it 9e squadron del. It tastel wie ûnderdiel fan in formaasje fan 156 Lancasters en 12 Halifaxen en stiigde op 13 maaie om 21:42 op fan RAF-basis Bardney, Lincolnshire, en wie ûnderweis nei Pilsen yn Tsjecho-Slowakije om dêr in Škoda fabryk te bombardearjen. It waard lykwols rekke troch in op fleanbasis Ljouwert stasjonearre Dútske Messerschmitt 110 - nachtjager. De bemanning fan de Lancaster besleat werom te kommen nei Ingelân. Mar it tastel fleach yn 'e brân en stoarte doe om 23:51 oere del tusken Hieslum en Parregea.
It sturtstik stoarte krekt bûten it doarp del. De romp stoarte twa kilometer fierderop del en sloech sa 'n gat yn 'e grûn dat it letter in dobbe foarme. Allinnich de boardskutters, sersjant John Charles Owen (24) en sersjant James Buntin (19) koene identifisearre wurde. Sy kamen te hôf yn Hieslum. De lichems fan de oare fiif bemanningsleden (allegear sersjant), de piloat George Henry Saxton (28), boardwurktúchkundige Douglas Claude Ferris (22), bomrjochter Roger Marshall Morris (22), radio-telegrafist John Reddish (22) en de Kanadeeske navigator Wallace Reginald MacDonald (26), binne nea fûn. Foar harren waard yn 1995 in lizzende sark ûntbleate by it monumint fan de twa boardskutters.
By de deadebetinking op 4 maaie 2013 waard troch de âldste ynwenner fan Hieslum op it tsjerkhôf in plakette ûntbleate mei dêrop it ferhaal oer de sân militêren. [1]
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De herfoarme tsjerke stiet wat nei efteren en kaam yn it plak fan de midsiuwske tsjerke dy't ± 1300 boud wie en yn 1874 ôfbrutsen is. De nije tsjerke hie gjin toer en gjin oargel. De nije tsjerke krige wol in houten spitske en hjiryn kaam de klok út 1673 te hingjen dy't earst yn in klokkestoel hong. Yn 1943 is de troch de Dútsers stellen en net weromkomd sadat de Hieslumers foar in nijen-ien soargje moasten. Under de houten flier fan de tsjerke lizze noch fjouwer grêfstiennen fan pastoars út de midsiuwen.
De tsjerke hearde yn de lette midsiuwen oan it Sint-Odulfuskleaster fan Starum. Dat betsjutte dat de pastoar troch de lieding fan dit kleaster oanwiisd waard en dus meastentiids in geastlike út dit kleaster beneamd waard. Faaks dêrom hie de pastoar net folle lân, yn 1543 ± 20 Pûnsmiet.
Nei de reformaasje waard it âlde tsjerkje foar ‘de nije leare’ brûkt, mar der kaam gjin eigen sieleharder wer. Hieslum waard kombinearre mei Parregea en Greonterp, al wie dit leste allinnich mar yn namme, omdat der likemin protestanten yn Hieslum wennen as tsjinstwurdich. Nei 1580 bleaune yn Tsjerkwert, Hieslum, Dedzjum en Parregea in soad minsken roomsk. Yn Hieslum hat noch in skoftlang in roomske geastlike wenne. Om 1630 hinne wurke hjir Johannes Jacobi, dy’t ek de soarch hie foar oare doarpen yn Wymbritseradiel. Grytman fan Aylva knypte in eachje ticht. Syn opfolger, Adam Petri, ferhuze nei Blauhûs, al waard dy staasje doe noch in skoft Hieslum neamd. Dêrmei waard it sintrum oerbrocht fan it uterste hoekje fan Wûnseradiel nei Wymbritseradiel. Oldenhof en Ydema hawwwe oantoand, dat der stadichoan in ferskowing fan de roomske befolking fan Hieslum nei de oare doarpen kaam. Yn 1849 wie 38% fan de Hieslumers roomsk, yn 1958 mar 11%. Foar Dedzjum wienen de sifers 62% en 14%.
De tsjerke is fan 1870 en liket op dy fan Skuzum. De preekstoel is noch út de 17e iuw. De klok dy't yn 1696 yn Ljouwert getten waard troch Petrus Overney is yn de oarloch weihelle troch de Dútsers. Op it tsjerkhôf is in oarlochsgrêf fan it mienebest te finen. Op dit grêf steane sân nammen fan minsken dy't sneuvele binne.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp hat gjin echte buorren. Foar safier’t nei te gean falt hat Hieslum nea in skoalle hân. De bern gienen yn Parregea op skoalle. No geane hja ek nei Parregea, as se protestant binne en de roomsken geane nei Blauhús. Hieslum hat tegearre mei Parregea in Feriening Doarpsbelang dy't al mear as tachtich jier âld is. De Gearhing is de namme fan it doarpshûs.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Atsebuorrenwei - nei it buorskip Atzebuorren
- Idserdawei -
- Sierdsmawei - nei Sierdsmastate.
- Tempelreed - rint nei de pleats "de Tempel".
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|